| |
| |
| |
VII.
En sa stadichoan komt de tiid fan 'e rispinge. De sichten binne harre, it fêste folk en in mennich losse manlju út 'e krite steane foar de stikken nôt, arbeidersfroulju en greate fammen en noch in pear froulju út 'e buorren steane roungear to binen en de stûken rize oerein. Dit is min foar Aent, hy kin net bot meiskreppe. Sichtsje, dat hat er nea net leard en och, om to binen, dat hat net safolle fanneden, dêr binne de froulju foar en de greate jonges, Auke en Aent. Mar der is oars ek noch wol hwat to forhakstûkjen op 'e bouwen. Sa reizget er frijwol eltse dei nei de Efteruten om in mieltsje nije jirpels. Dat is moarns nei kealleboarnen sa syn loopke. In rêstige kuijer, de âlde reden del, it hânkuorke oan 'e gripe oer 't skouder. De fjilden hjirre, meast jirpels en biten, lizze almeast forlitten. As er moai foarlik is, sit er graech in skoftsje yn it gers fan 'e foareker. Dan is er hielendal wei efter de hege loffen. Krektlyk as doe't er in bern wie. It is skoallefakânsje en Roel bokselt wolris mei en rint en draeft en fortelt. Fan skoalle en hwat hja boartsje en hwat foar rûzjes as der binne en hokker problemen yn harren lytse wrâld. Yn 'e slinken sitte toarnbeijen en dêr hat Roel ornaris in skoft wurk. Dan sit Aent op 'e foareker to wachtsjen. Heechsimmer, tiid fan rispinge, feestjen en fuorttsjen. 't Is oft der in foech mankelikens oer him komt om distiid. Is it it skaed fan in kommend ôfskie? Hy soe de dagen fêsthalde wolle, de rook fan it fjild, de kleuren en de
| |
| |
lûden, dêr't er nea gjin aen fan hawn hat, dat hja safolle foar him bitsjutten. Efkes hat er okkerdeis yn Hollân pinfiske, soe't net better wêze, dat er syn wurk oan jongeren oerliet en der mei ophâldde? Mar dêr woene hja neat fan witte. De âlde rivaliteit tusken de Hollânske en Amerikaenske direksjes. Mar tagelyk hat er harren forteld, dat dit dan de lêste reis waerd, de lêste fjouwer jier. Ek dêr laken hja earst om. Dan soed er noch mar efkes fyftich wêze. Hy hat harren ek gjin fierder tekst en útliz dien en sei, hja moasten der dochs mar op rekkenje. Sa net, de konferinsjes binne fierder tige nei 't sin forroun, gjin sprake fan ûnwennigens of frjemdens fan sfear. Hoe soe 't ek, in libben en milieu, dêr't er mear as fiifentweintich jier yn tahâlden hat. Dan komt de geast fan 'e greate wrâld, in oare wrâld, oer jin, in wrâld fan great formaet, greate ûndernimmings en greate skema's. Mei syn eigen bikoaring foar in skerpe geast. En hy seach de machtige Yndyske fjilden wer foar him, dêr't er as ynspekteur de greate plannen ütwurkje soe, dy't hja yn 'e konferinsjekeamer sieten to bisjen, en jouns oan 'e diners mei direksieleden en âlde Yndyske kollega's siet er koartlyn barde dingen út Ynje op to heljen en der waerd nei him harke. Ja, dat allegearre is ek syn wrâld, sels sterker as er efkes fan tofoaren wol miende. Mar nou sit er hjir, en dan sjocht er it hiele libben wer út oare eagen. De jonge sit ta de toarnbeijen en h y sit to wachtsjen mei in hânkuorke fol jirpels. Aeltsje giet mei Oktober nei Hollân. By ien fan syn eigen direksjefamyljes, ien fan 'e
| |
| |
bêste froulju dy't er ea yn Ynje kend hat, immen dêr't er it fanke mei in gerêst hert oan tabitrout. Hja wurde âlder en binne goede help brek, selskipsdame en in goede takomst.
Read om 'e mûle fan it toarnbei-iten komt Roel werom en hja stekke ôf. Yn it middeiskoft is der wol hwat oars to dwaen. In ein tichtgroeide sleat, dêr't de hokkelingen troch rinne wolle, moat heakkele wurde, in dampeal set, in plak lân, dat skielk oan 'e kulebult moat, ôflein. En dêr binne hja dan, de beide bruorren, al in bulte oer gear. Ek wol is er allinne en Keimpe tsjocht by 't folk lâns. Hy mei der graech oer, sa allinne yn 't fjild en it warbere libben neigean om him hinne. Soms is 't him oft der eat fan in iensumens om him hinne fallen is. Hat er him dochs in setsje wêzenlik bliid makke mei de falske hope op in nije takomst? Hat it fanke, Aeltsje, dochs sa bot yn syn dreamen libbe, faeks ûnbiwust? Nou is it dien, it bern hat rjocht op har eigen folsleine takomst en syn libben hat syn hichtepunt hawn. Hy hat syn kar hawn yn 'e jonge jierren en hat keazen. Mar nou stiet er allinne mids it Fryske fjild en fielt him in iensum man.
Augustus. Ein Oktober sil it wer wêze moatte. De lêste reis, Amerika? Of soe er it nea wer sjen. 't Is oft er dizze dagen de needsaek fielt en lit in part fan alles hwat er as syn libben biskôge, farre. Ien ding mar bliuwt der oer, altyd wer, Fryslân. Hjirre de tichtgroeide sleat en de blomkes oer 't wetter en de rook fan 'e hokkelingen, dy't nijsgjirrich om him hinne strune
| |
| |
en him oan 'e mouwe slikje. De sichters en bynsters yn it giele nôt op 'e bouwen. En Aeltsje dy't mei de bleate holle de wei delfytst nei de buorren om in boadskip. Hie hja faeks noch eat oars forwachte? Mei him nei Ynje? Hy kin it net sizze, in amerij hat er it tocht. Mar sa is it goed, dêr is er fan oertsjûge. Dat allegearre is dien foar him, ek Mabel moast mar wei út syn libben, hja sille der beide neat oan forlieze, faeks. Forlies? Mar as in greate nije rykdom is de leafde ta Fryslân opbloeid yn syn libben. Fryslân, it wurdt ta in great en ljocht liet yn him, dat nea wer swije sil.
Sa driuwt it wurk yn 'e rispinge net, of der bliuwt tiid oer om hjir en dêr ris hinne to gean. Dat is mei de âlde lju ris in kear nei efter Dokkum, dêr't in neef wennet en nei Eanjum, dêr't noch in âlde muoike libbet. 't Is in Cabriolet, dy't de Direksje him joech om oer to biskikken. De boel kin dus tige iepenset wurde en dan sa op 'e neidei ride hja der ek sa kalm oer, in segaer oan. It folk yn 'e buorren stiet efkes stil en hja wiuwe. Obma's folk is op 'e dyk; nou tsjocht de omke út Ynje der dochs ris faker op út. Hja witte lykwols net, dat Aent it docht om de oaren in deugd to dwaen. Wis, om sa efkes om to riden en de wrâld to bisjen, dat sinnicht jin wol, mar hwat giet der boppe it dwalen troch de krite fan 'e eigen pleats, kile en klompen oan en mei de polsstôk? It jongfolk kriget ek syn gerak en om bar tsjogge hja hjir en dêr hinne, almeast de Wâlden del, as der ien of oar to dwaen is, sjongen of muzyk of in iepenloft-spul.
| |
| |
Dan hat er syn wille oan 'e bliid-hoopfolle faesje. Wûnder, dy omke yn 'e wein, kreas opklaeid, en nei it feest, in hiele neidei. Brúnforbarnd sitte se njonken him en efter him en Aent hat der syn wille oan. De âlderen, Wytse en Froukje, binne folle rêstiger, foar harren is soks in weelderich útsje en weardich kuijerje hja mei omke sa'n hiel jounskoft it feestterrein op en del of sitte en harkje nei de muzyk. Aent stiet deun by harren en tagelyk fier der ôf, Minsken, dy't faeks syn lot fan allinnewêzen diele sille. Mar har problemen rinne yn oare dingen faeks to fier út inoar as dat hja elkoars djippe fortrouwen winne soene. Sa rinne hja trijeresom njonken inoar, elts mei syn eigen probleem. Dochs is it harren goed sa, wend as in Fries is, om allinne mei syn fragen oan to pielen, faek oan syn eigen grêf ta. De stûfswijende Wytse, de sêfte, guodlike, mar dochs slettene Froukje. Dochs steane hja him nei en binne eigen wurden.
Om ris in dei mei de bern nei de boarterstún fan Swarteweisein to tsjen of nei Beetstersweach, dat is ek in ding fan wûndere wille: de wein fol, in pear freonen en kammeraetskes derby. Dan is er oppasser en guodlik syn segaer smokend trapet er sa'n neidei to'n ein en drinkt hwat en giet mei op 'e wip en de touter en de draeimoune, oant er swit en de bern slop binne fan laitsjen. Oer soks sahwat wurdt dagen praet, oant Keimpe der by 't iten mei delkomt: Omke bidjert jim allegearre en moat altyd mar ré stean. Mar 't is Aent nea tofolle. Ek de greate jonges krije har bar. Dat is
| |
| |
in iepenloft-spul to Kollum. Al bitiid op 'e neidei stekke hja ôf en ride oer Dokkum en in ûnbidigen ein om, Yn Olterterp stekke hja oan en ite en drinke hwat en tsjin 'e joun komme hja to Kollum oan. Dizze reis is noch wol hast it noflikst. Och, dy libbensenergy, dy't út har hiele wêzen sprekt en út elts wurd. Gjin famke ûntkomt harren. En hwerom sille hja der foar Omke in geheim fan meitsje? Dat hawwe hja yntuïtyf field, soks wie by Omke bitroud. Mar nou wurdt it in minne boel. In iepenloft-spul is fansels tige moai, mar earlik is earlik, it is harren feitlik om in famke to dwaen. En hoe moat dat: ornaris is men op 'e fyts. Mar Omke jowt harren de wink: gean jimme gong mar, 't komt foar inoar. En as hja nei ôfrin, in bytsje forlegen, oanpanderjen komme, elts mei in leaf fanke, beide fan Twizelerheide, dan fûstkje dy mei omke, drinke hwat en de beide fytsen wurde efter op 't bagagerek boun. De twa pearkes efteryn, wûndere stil en Omke, glimkjend, rydt nei Twizelerheide. En midden yn 'e nacht ride hja trijeresom lûd sjongend it sliepend Fryslân troch nei hûs ta.
|
|