It is allegearre sa min krekt to sizzen. Hja knikke en bigripe wol hwer't Aent hinne wol. Dan swije hja deroer en meitsje in praetsje mei Sneintojounskuijerders, dêr't hja mei oprinne nei de buorren ta. Healwei sawnen, as hja it lêste eintsje wei ôflizze nei de pleats, dy't forskûle leit yn it swiere leaf fan hôf en mantel.
De Woansdeis dêroan de moarns al bitiid stiet de auto kreas ôfwreaun efterhûs, dêr hawwe de fammen foar soarge. Aent sit yn 'e oerstrûper oan 'e thé, bare ûngewoan en eptich en hwat frjemds om en oan him. Sa kenne hja omke Aent net. Dit is wer in frjemden, lyk as hjir in moanne of hwat lyn it hiem opkaem. Sels de rook oan him en it ûnwenstich ljochte pak is ûneigen. Mar dat docht fierders oan 'e saek net folle ôf of ta, Omke hat it fortrouwen wol woun fan great en lyts.
Dat it sil hjoed wêze, oer Ljouwert, de Ofslútdyk lâns en sa del, earst nei Amsterdam, dan nei de Haech. En Omke rekkenet út, hjoed en moarn faeks om to Amsterdam ôf to breidzjen, Freed en Sneon yn de Haech. Dat soe bitsjutte kinne foar Snein wer thús, as it hwat meiwjirje wol. Fansels, it wol graech ôffalle, en hja moatte der ek net to fêst op rekkenje. Swijend sit Ael oan 'e ein fan 'e tafel njonken Froukje har brogge op to iten. Hja wit hwat dizze sin faeks foar har bitsjutte kin. Efkes, hiel koart en saeklik, is hja allinne nommen fan Omke en Muoike, As hja der nou tige nocht oan hie en gean nei de stêd, dan soe Omke Aent op dizze reis ris rounsjen. Sa wie ôfpraet. Ut en troch sjocht hja