Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 14]
[p. 14]

III

Trude krige in goede nacht, mar wie ûnwennich op it stee dêr't hja tahâlde moast.

Wêr wiene de romten fan de marfjilden bleaun en wêr it jongfee dat har beselskippe hie? Dêr wie har plak dochs by nacht en by dei? Skril stiene de jonge eagen yn 't freonlike kopke. Wach foar elts barren.

It wie dêrom ek neat gjin wûnder, dat ‘de lytse fos’, sa't de rider har neamde, yn 'e skimer fan 'e moarn doe't er har ophelje soe, op it uterste herntsje fan it kampke stie. De efterpoaten yn 't delrinnen fan 'e eker, it kopke heechop en in útdrukking yn 'e glêshelderdonkere eagen, dy't ek gjin feeautorider, sa ier yn 'e moarn, nei wearde skatte koe. Sa stie hja en bleau hja stean, oant de man syn hân mei in hoeden taast it helter omklamme.

Trinten stoep it jonge hopke efter syn nije liedsman oan. Fol fan langstme nei de eigen kontreien stoarren Trude' heldere eagen oer alles wat sa frjemd foar har wie. Wêr wie de seadbult, dy't sa'n swiden eachweid joech oer de lânsdouwen, dêr't hja har twa simmers op fernuvere hie? Wêr de skaadbylden fan doarpen, pleatsen en beamte dy't hja oare moarnen ûnder it hearlike waarme ljocht fan de riizjende sinne ôfsykje koe? En wêr wie de donkere seame, dy't fan jinsen kaam en nei jinsen rûn?

De sinne siet noch ferskûle, mar aanst soe it poarper fan de dei de slomjende ierde patsje. De loft wie klear en in lichte dauwe lei oer 'e lannen. Gjin fûgel liet him hearre. Alles noch fredich en stil. Mar de âlde gammele auto gappe wiid en donker. In eangstme berûn de jonge Trude. Hja hong yn 't efterst.

‘Kom, kom,’ grânzge de liedsman, ‘do bist alris earder by de barte op gien!’

It nommele dierke stoep by de barte op en waard op itselde plak fêstbûn dêr't it de deis tefoaren ek stien hie.

Doe't de rider der klear mei wie, skripte er yn haasten ta de bak út. Eang smiet Trude it efterstel om, dat it foar tsjin 'e bak oanbatste. Mar dêr joech de man gjin acht op. Drok oefene er om de barte omheech te krijen, wylst it lytse froede kopke fan Trude skean, strak omheech, yn it helterstou hoarte en twa glêsheldere jonge eagen skril nei de

[pagina 15]
[p. 15]

iennichste romte, dy't har noch wat fan 'e wrâld sjen liet, stoarren, mar dy't mei in rauwe klap ticht set waard.

Opmerksum tyspelen de earkes rêd hinne en wer. De bange eagen twongen om in ferklearring.

Mar Trude wie no ûnder frjemd. De goed mienende boer en de golle boerinne op 'e marpleats koene neat mear foar har dwaan. As se de eangstme en skrillens sjoen hiene? Mar it wie better sa.

De doar fan 'e kabine waard mei in hoart iepen skuord. De hiele âlde kast rammele d'r fan. De rider rôp oan 'e jonge: ‘Bist klear heite?’ It klonk stoef. De motor sette oan. Noch in klap en wat gegrommel yn 'e kabine. En wylst de lytse Trude fol ynspanning eltse beweging en elts lûd skerp opheinde, snjitte de âlde auto op syn ûnferwachts foarút, sadat hja foarst ferheftich tsjin it foarsket oanbatste en it doe fierders ek mar mei lijen op fuotten hâlde koe.

Twa kear moast de auto stilstean ûnderweis. Foarst foar de trije inters yn 't Warkumer Heidenskip. Trude wrinzge, doe't de barte delkaam en hja de trije swartsjes op 'e wei yn 't each krige. Mar it ynladen naam diskear wat tiid, want de lêste fan 'e trije sette it foarst mar ris tige yn 'e kant. Lykwols der waarden koarte metten makke en wolle of net wolle, it dierke waard ûnder skrille eachopslach fan syn lotgenoaten mei hoarten en stompen teplak sleept. Fjouwer man moast d'r oer gear. Dêr koe it lichte hopke net tsjin op. It wie in hoarten en skuorren om de barte wer omheech te krijen. Yn 'e skrip wei in koart: ‘Moarn’ tsjin 'e lju dy't op 'e wei bleauwen en hastich efter it stjoer.

D'r mocht einliks gjin tiid ferspile wurde, want der moast nochris fracht byladen wurde. Diskear ûnder Koudum. Twa grouwe belzen. Doe't de barte lei naam de rider it helterstou fan 'e iene en stoep stadich by de barte op. It jonge guod yn 'e auto seach fernuvere nei it selskip dat der by komme soe. Oerlangsum ploften de swiere foar-poaten op 'e barte del, wylst de rider lûkendewei efterstebek de bels foar gie. Eltse stap op 'e barte joech in skok yn 'e bak en doe't de guds yn 'e auto stoep skodde it hiele gefal ien kant oer. De inters waarden ûnder krêftige taal yninoar treaun en de bels mei gâns kringen en gefûter tsjin 'e jonge bistkes oankrongen, dat syn maat der noch krekt by koe. Dit joech al wat hâlden en kearen, mar de âlde hie earder in reis meimakke en ferstie dus ek wol hoe oft er moast, doe't de keapman him syn spaansk-reiden stokje oer it efterstel helle. Nochris skodde en skokte de âld kast, mar de lading wie burgen.

[pagina 16]
[p. 16]

Yn haasten skripten trije man om de barte omheech te krijen en doe belâne de keapman fan de belzen mei de riders yn 'e kabine.

‘Moai yntiids,’ ornearre er doe't se wer rieden.

Hobbeljend en stompend jage it te'nearsten oer 'e keale wegen. Op Galamadammen leine de marren oan wjerskanten effen en stil te glinsterjen. In lyts wurdsje oer Joustermerke, in groete fan de brêge-draaier en fierder gie it wer op it moaie Gaasterlân ta. De mannen yn 'e kabine bepraten alderearst de moarn en it waar, mar al ridlik gau skeakele de keapman oer op tiid en omstannichheden. Hy begûn oer 'e deadzjende konkurrinsje, dêr't de autoriders inoarren it brea mei út 'e mûle hellen. Wie dit in maatskippij? Skerp naam er de stoefe kop fan 'e rider op, waans each strak op 'e wei foar 'm út stie. Wis, de grûn foar de nije ideeën nei in bettere wrâld moast by dizze lijer mei syn gammel reau wol op siedding lizze te wachtsjen.

Mar de man bleau neutraal, sa opsetlik neutraal, dat de keapman der gâns in hoart stil fan wie.

De jonge krige syn niget oan it bosk en beamte fan Gaasterlân, dat yn 'e fierte donker ôfstiek tsjin it ljocht fan de nije moarn en tichteby oergetten wie mei goud en waarmte fan moarntiidssinnegloede, dy't bjirk en iik, spjirre en din mei sêfte kleur bemiele.

Strak stoarren syn eagen nei it foarby sjittend beamte.

Doe waard er effen slûch. Samar in toarntsje wied er wei.

Kjel skrille er klear wekker en wyld foar him útstoarjend frege er ferheard: ‘Is dat hjir de Jouwer al?... Hoe fier binne wy?’ kaam der efteroan, om 't er fielde dat er in flater begien hie.

‘Sint Nyk feintsje,’ lake de keapman.

De jonge skamme him.

‘Hast wat sin oan 'e dei?’ frege de man bemoedigjend en doe't er swijde: ‘Do besjochst al gâns mear fan ús lantsje op dyn jierren heite, as wy, doe't wy sa âld wiene as do no.’ ‘H'n...!’ klienearre de jonge, sette in earmtakke op 'e knibbel, in hân oan 'e holle en eage fansiden troch 't rút.

Troch Sint Nyk krigen se de skerpe spitsen fan 'e Jouwer al ridlik gau yn 't fizier. 't Wie al wat drokker op 'e wei wurden. In hynder dat oan 't helter laat waard, in driuwer mei fjouwer, twa by twa, de eftersten oan de sturten fan 'e foarsten fêstbûn; in tilbry mei ien der foar en ien der efter; en in ein foar harren út ien - en efter harren oan twa, likense âlde rammelkasten as har âld bak. Skerp hie maat it each op 'e

[pagina 17]
[p. 17]

wei en it ferkear, want it wie lang net mear as foarhinne, doe't fan hein en fier de reauwen op Joustermerke ta kamen, dêr't it ferske op ûntstie:

 
Fan alle kanten kamen se oan;
 
Wat gie 't faak op in jeien
 
Oer Akkrum, 't Fean, ek wol Sint Nyk,
 
De hân flink oan 'e leien.

Dochs sette d'r diskear wol safolle op 'e Jouwer ta, dat der gâns mear riderij oer 'e wegen wie as sa gewoan troch 'en dei.

Se wiene de foarsten al lang net. Der stiene al gâns wat hynders en benammen foallen oan 'e merk. En in smite folk wie der op 'en paad. En wat al in auto's! Nee, de oare kanten út wei moast ek gâns wat opsetten kommen wêze. 't Wiene ek lang allegearre gjin feeauto's, mar ek lúkse weinen, dêr't Hollanners, Grinslanners, Drinten en guods út Oerisel wei mei mank wiene. Sadree se stiene mei de auto, wie de keapman ien en al haast. It wie in skrippen en hoarten om 'e barte del te krijen, as wied er bang, dat dizze dei te hurd ferrinne soe. Doe't de lome belzen wer by de barte del moasten, skodde de âld wein by eltse stap, mar dêr waard gjin acht op slein. Amper hie de keapman de beide heltertouwen yn 'e hannen, of hy hoarte der oan, dat de beide gudzen de koppen skril omheech skuorden en har steech te skoar setten, wylst se it ûnbekende terrein út 'e hoeken fan 'e eagen oerstoarren.

‘Feech se op 'e hûd, jonge!’ raasde de keapman oan 'e jonge fan de autorider, dy't fuort ien mei in ein tou in stripe oer it efterstel joech. Doe kaam der dochs skot yn.

In auto mei keaplju kaam de wei del. Fjouwer man kamen der út en de keapman fan de fjouwer interkes wie der ek by. Daalks stoep er op 'e auto ta en naam alles goed op. Syn maten giene foarst in eintsje troch. Hy hie it ljochte petsje wer op, sette de hannen boppe oan 'e kraach fan 'e jas, wylst syn giele stôk wer oer 'e iene earm hong. Alles like bêst. ‘Wêr wol jo se hawwe?’ frege de rider.

De keapman wiisde. De man en de jonge giene tegearre yn 'e auto en namen elk in inter. De oare twa wrinzgen en giene oan, dat de âld bak der fan skodde. Doe't de twa wer by de auto kamen sei de keapman: ‘Ik nim it foske sels wol,’ wie mei ien stap oer 'e barte yn 'e auto en

[pagina 18]
[p. 18]

raamde mei in wisse taast it heltertou los. Rêd snjitte it inter nei de barte, mar it giele stokje tyspele as in warskôging foar it bliere kopke lâns, dat de haast wat betwongen waard. Sa net, de rêde poatsjes roerden de barte mar amper.

In almeugend swiere Hollanner kearde it spul op.

‘Wat vraag je voor dat vosje?’ wie de koarte fraach.

De keapman skodholle en sette it foske by de swartsjes fêst. Mar dêr wie it de Hollanner net om te dwaan.

‘Nou...?’ sei er. ‘Laat em es lope.’

‘Lit 'm mar effen stean,’ wie it antwurd.

‘Nou, je hebt 'm toch nog niet verkocht?’ En mei twang: ‘Vraag es geld.’

De keapman sette de hannen wer boppe oan 'e jas, seach de Hollanner oan en glimke.

‘Te duur, jong,’ sei er.

‘Vraag es geld,’ twong de oare.

Doe foel it der út, sûnder dat der in spier op 'e keapman syn antlit ferloek: ‘Twaalfhonderd.’

De Hollanner kearde him om en bearde: ‘Dat is geen vragen.’

‘'t Haw 'k ferline wike ek alris sein,’ joech de keapman kâld ta, draaide him om en liet mei wolgefallen syn each oer 'e jonge Trude gean, dy't dêr sa prûs by de oare inters meunstere.

It waard drokker, gâns drokker. De tarin fan folk like by dit moaie waar noch tige grut te wurden. It ried no oanienwei troch mei fytsen en auto's. In spiksplinternije auto foege him by de rige, dy't der al stie. In man fan fiks postuer kaam der allinne út en klapte de doar wer ta. Hy hie reafallige wangen, in donkere, koarte snor en swiere donkere wynbrauwen. Nimmen koe 'm foarst teplak bringe. Mar wa is en bliuwt by sa'n tarin fan folk in poer ûnbekende, benammen as der sa'n oandacht is, ek al fanwege dy deftige auto en dat yn in tiid as dizze?

Al ringen waard de namme grute en misten de bysûnderheden der ek al net. ‘Ate Kuperus. Hm... hm...’ Guodden wisten daalks al mear: Ien fan 'e ‘nije oarder.’

Ferskate eagen taksearren de man, waans hâlding en foarkommen - as hie er it witten - dêr siker net ûnder litte. 't Wie oft er daalks in doel hie, sa selsbewust stoep er de wei lâns en mei in glimke op 't gesicht kaam er nei in eintsje gean njonken de keapman fan de fjouwer in-

[pagina 19]
[p. 19]

ters. Nei in groete frege er freonlik: ‘Hoe stiet it, hawwe jo foar hjoed ek wat op 't each?’

De keapman wiisde op 'e lytse fos en sei: ‘As dy net nei 't sin is Kuperus,... Ealer hopke fyn 'k yn hiel Fryslân en dêr bûten net foar jo famke.’

In laits kaam op 'e boer syn antlit. As dat no wie om't it foske him sa befoel as oft it kaam, omdat syn dochter neamd waard, dat is min út te meitsjen.

Mar Eke Kuperus wie fyftsjin jier wurden en har heit hie har in hopke ûnthjitten sa't der gjin twadde te finen wie. Dêr soe se op ride meie as hja faam wie en by de ruterferiening mocht. Syn Eke.

Wichtich stoep de boer om 't interke hinne.

‘Lit him mar ris stappe,’ sei er.

De keapman makke it inter los, helle it op 'e wei en liet it, de hân oan it heltertou wat omheech sadat it kopke der prûs opstie, in toarntsje strekt stean.

Kuperus stoep om it foske hinne.

Te deale! Wat in pronkje! De lea sa eal en ûnbelekke, de poaten sa suver as glês, dy moaie lyn en dan dat freonlike kopke mei sokke eagen. De boer lei ien hûn sêft op 'e moankaam en streake mei de oare oer it flewielen snútsje. Guodlik twong it kopke nei de boer, dy't noch effen freonlik ûnder 'e glânzige moannen kloppe, doe it kopke oanhelle en de eagen ien foar ien bemeunstere. Dy eagen, de druven sa klear en de pupillen sa helder en djip. Kuperus knikte.

‘Efkes drave?’ en freegjende seach er de keapman oan.

Dêr hie de keapman op wachte.

‘Nah Trude!’ Hy seach it foske oan en sette 'm ta draven. In stôk kraste skerp oer 'e wei, in oar wyndere al mei in bûsdoek en de jonge Trude, oan 'e hân fan 'e keapman, sette daalks út ein. Drave? Nee, hja waaide der oer. Nea rûn in hopke by in meunstering sierliker as dizze treftige neisiet fan 'e Arabyske flakten. De boer geniete fan herten by it sjen fan sa'n gong. En hy net allinne.

‘Dy kin marsjearje!’ en men wiisde nei it foske. Der kamen begearige eagen. Soe dit hannel wurde moatte? En wylst de keapman mei it inter by Kuperus ynhâlde, kamen der al guodden flak by. Hjir moasten se wat fan opheine.

‘En?’ frege de boer en negearre alle nijsgjirrigens, dy't er om him hinne wist.

[pagina 20]
[p. 20]

De keapman seach 'm oan. Yn 'e boer syn eagen blonk in ûndogensk glimke. Men krong tichterby. Guodden harken mei sân pear earen; dìt moasten se hearre. Mar sà hastich wie de keapman net. Hy joech it heltertou oan in driuwer dy't der by stie en sette doe de hannen wer boppe oan 'e foarpânen fan 'e jas, wylst syn keapmansstôk oer 'e earm hong en sei knikkend nei it interke: ‘'k Haw 'm ferline wike foar in reade rêch fan in marboerke kocht, Kuperus. Hy frege it om fan my ôf te kommen en 'k wedzje dat it de man no al muoit. De b'rinne, dat wìt 'k.’

Eagen giene fan 'e keapman nei de boer.

Tûzen gûne, en dat foar in inter sûnder papieren ek noch wol.

‘Jûn rint er by my yn 'e finne. Sill' wy daalks ôfrekkenje?’ ‘'k Kom yn nije wike wol ris oan.’

Gesichten. Men knikte inoarren ta en ferhoalen waard der wer grute dat it ien fan 'e ‘nije oarder’ wie. Ien fan 'e omstanners murk droechwei op: ‘Dan dizze om 'e deale net út earmoede.’

Men lake. Wa woe 'm der ek fierder ynjaan?

't Wie Joustermerke!


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken