Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 78]
[p. 78]

XII

It wie gjin moaie en fleurige winter, lang net, dizze fan njoggenentritich-fjirtich. Wol kaam der iis en genôch gelegenheid ta riden, dat net. Mar op hiel it folk woech de ûnwissens fan de neiste takomst om't de oarloch, noch bûten de grinzen, al mear en mear skerper foarmen begûn oan te nimmen.

Yn 'e gritenijen fan it noarden en sa lâns de seediken stiene de loftdoelkanûnen opsteld en as by't jûntiid of tenachts de motoaren fan fleanmasines heech boppe de ierde bromden, taasten de skerpe banen fan 'e siikljochten yn 'e loften om en blaften de swiere mitrailleurs har moardzjend skerp de oarlochsmeunsters efternei.

Mar ek dizze wintertiid ferrûn en de maitiid kaam wol wer.

Altemets helle Eke Trude ris út 'e boks en dan krige hja faken de hannen fol, want de hjouwerkerlen begûnen de fos omraken te stekken. It folk op 'e pleats skodholle. Hja wiene de himel tankber dat de boer it nea yn 'e plasse krige en hjit de iene of oare om 'e fos foar 'e dongwein of de jarrebak te slaan. Lokkich wiene der noch trije oare en de jonge rún joech ommers al oppassen genôch.

De boer loek de wynbrauwen gear. Deale fanke!

De boerinne kòe der net nei sjen, mar as hja it seach, want eltse kear mòast hja der nei sjen, dan hâlde hja in hân op it hert.

Mar Eke lake. It soe ek wat. Hja liet har Trude boartsje en útspringe en hie der allike folle wille by as Trude sels. Soms stie de guds rjocht omheech, steil op 'e efterste skonken, de kop dryst efteroer, wylst de krêftige foarpoaten heech yn 'e loft omtaasten. Mei in plof sprong de guds wer op 'e grûn, sloech fan klearebare bolbjirkenens om bar de foarpoaten en de efterhân de loft yn, jankte in fine skerpe skreau fan útlittenheid, prûste en skodkoppe, draafde en stegere mar wer, wylst Eke de leie bod joech en ynhâlde al nei it útkaam ûnder it oanmoedigjend priizgjen fan: ‘Toe mar myn popke! Toe mar myn pop!’

Soms lei hja it seal op 'e fos. It wie as in útdaagjen tsjin al de noeden om har hinne. Mar it folk op 'e pleats besaude him der fan. Hja klapte mei har swypke tsjin ien fan har learzens oan.

‘Trude!... Strek dy!’

As elektrisearre stie de guds, pal stil yn 'e hâlding. De noasters stiene

[pagina 79]
[p. 79]

noch wiid en de amme stompte yn 'e maitiidsloften op. De flanken sloegen nei; mar de eale kop stie heech en prûs en wylst de amper ferweegjende earen de hege maitiidswyn, dy't der troch de mânske stammen jage, beharken, socht it skerpe each, fan drystmoedigens oerrûn, de fiere kimen ôf.

‘Ho mar myn popke, aanstens hear!’

Mar as hja dan in foet yn 'e stiichbûgel sette en de oare mei in linige swaai oer it seal smiet, wie der ek gjin hâlden mear oan. De púnstikjes wrongen los en stoden oer it efterhúshiem. De arbeider hâlde de siken yn, sa mjirke it troch de homeie en de wei út.

In hân weau loftich.

‘Boer, hoe betrou jo it!’ fersuchte de arbeider. ‘En jimme ha mar ien!’ skodholle er der efteroan.

‘As se der mar op sit, dan haw 'k gjin noed mear,’ ferklearre Kuperus, ‘mar dat los oan 'e hân... nee, dat betrou ik ek mar heal!’

Tiisdei de njoggende fan gersmoanne kaam Trude foar it earst foar 'e jarrebak. Hja kaam yn it span by in âld-merje, dy't in gurdle om 'e lea krige, dêr't Trude' heltertou oan fêst set waard.

De boer gie de foarste loop sels mei: It wie Eke har hapke! Wis, hja tripke foar de fracht fan boartlikens; rûn skean yn 'e beage; sloech ien kear oer 't string en lei de kop ûnder 't gean ris oer 'e halskaam fan 'e âld-merje, dy't neat fan 'e maitiid fielde. Mar alles gie bêst; sa bêst dat de boer mar ien reis mei hoegde.

‘Oppasse,’ sei er, ‘dat 's alles!’ en gie yn 'e skuorre.

Doe't de jongkeardel dy't har brûkt hie dy oerdeis tsjin melkerstiid útsloech hied er de stille ferhoping dat er de oare deis de fos wer brûke mocht.

Eke koe it dy jûns ek sjen, doe't hja by Trude yn 'e boks kaam, dat har fos in pear skoften yn 'e sylbeage rûn hie. It merk lei dúdlikernôch op 'e glânzige hûd, mei bedroege swit ôfset. Mar dêrfoar hie hja it ark meinommen en pakte hânsum oan en by priizgjende wurdkes waard der boarstele en rost dat der nei in hoartsje neat mear fan 'e switstripen te sjen wie.

Trude wie brûkt yn it gewoane boerewurk en hja krige de beage no faker om 'e lea.

 

Gersmoanne ferrûn mei syn tal fan boereboelguodden.

Maaie kaam yn 't lân.

[pagina 80]
[p. 80]

Maaimoanne fjirtich!

Grien en blom. De rook fan gers en krûd, fan jarresleat en keallehok, fan ierde, dong en 't nije gers, dreau oer de Fryske fjilden.

De melkers sieten moarnsier yn 'e jisters. Molke brûze yn 'e amers en de swietrook derfan stiigde op 'e lichte amme fan 'e moarntiidssigen it krigele melkersfolk yn 't gesicht. Bekende roken en lûden, fan alle tiden. It muzykjen yn 'e amers mei skûm rûsde hast ûnhearber troch ûnder it fredich kôgjen fan it rêstich dierte.

Muzykjen? Hark!

Kloften fleanmasinen skearden ynienen ûnder in swier motoarengebrom de loften troch. Safolle?...

De eagen spjalten iepen. De siken giene swier; it herte jage rêd...

Wat!... Ditte...! It skokte guodden yn 'e kiel. Men woe, men koe dit net tinke, sa ier op 'e moarn.

Der kaam folk op 'en paad. Geroften. De radio's...

Oarloch!...

De donkere Heinkels skoden driigjend troch de Fryske loften, fleagen oer stêden en geaën en ferdwûnen wer út it each. De glânzich-rêde Messerschmidts dûkten troch de wolkens en gûnzen yn formaasjes oer militêre doelen. Guodden lieten de mitrailleurs blaffe en nei in net hiel lang besyk swaaiden se wer ôf nei oare en faaks wichtiger doelen.

Oarloch!...

Ate Kuperus rûn út 'e jister en skrepte troch de skuorre nei it mulhús. Hy wie belutsen. Doe't er de mulhúsdoar iepen die seach er, dat de frou en Eke al foar de radio sieten. Mei benijd-grutte eagen stoarren se de boer oan. Hy soe wat sizze, mar it hoegde net. De taal troch de eter wie dúdlikernôch. De Dútskers wiene de nachts it lân ynfallen. Formaasjes Messerschmidts boppe Brabân, Gelderlân, Rotterdam... Fel fjochtsjen oan 'e Grebbelynjes...

Eke gie nei de opkeamer. Ynwyt wie hja.

De boer en frou seagen inoarren oan.

‘Wat dit ús bringe sil,’ kaam de frou nuodlik.

‘Ofwachtsje!’

Foar it iepene finster fan har sliepkeammerke fan 'e grutte opkeamer, foel Eke op har knibbels del, de holle op 'e earms yn 't finsterbank en skriemde, dat hiel har lea d'r fan skokte. Senuweftich skuorde hja effen oan har bûsdoekje om de floed fan triennen op te

[pagina 81]
[p. 81]

heinen. En hoe blier en moai it hôf har hjirfandinne temjitte blonk yn it ljocht fan dizze maaiefreed, it wie tsjuster, sa tsjuster as de nacht foar Eke' skriemende eagen.

Oarloch...!

Hja koe har dit net reälisearje. Oarloch... Hoe... wat... minsken!... o... Hartman!... Hartman!... as hy... as hy... Dêr... dêr wied er. Yn 'e Grebbelynjes... ‘O God!... O God!...’ Yn eangstme skokte hja omheech, sloech de earmtakken yn it finsterbank, burch har holle yn 'e hannen en skriemde en snikte om Hartman en dy jûns...

Wêrom... wêrom wie hja him doe by it ôfskie net om 'e hals flein...? Om Mem, om 'e wrâld, om fan alles net.

Hartman! Har Hartman!

Mar hja hie him ride litten, dy earme, earme Hartman. Hja seach him noch yn syn soldatepakje op 'e fyts fuortriden. Hy allinne. Sûnder âlden, bruorren en susters... en... sûnder in alderleafst ôfskie fan har!... har!... en kritend foel hja wer mei de holle op 'e earms op 't finsterbank del...

Utskriemd en wurch kaam Eke einlings oerein. D'r skokte noch wat yn har nei. Har eagen wiene read omrâne. In lokje fan har donker hier foel oer it iene earke hinne. Mei har blanke hân striek hja it wat fansiden. Har holtsje ferweegde in bytsje mei. Wurch wie Eke. Mar hja stie der yn it kezyn fan har sliepkeammerke fan de grutte opkeamer sa rjocht en kant en leaf en moai dat gjin byld har sa yn keinens lykje koe.

Har moaifoarme fine hannen rêsten yninoar foar 'e lea. Yn har blanke hals sloech in ierke. De holle in sierke skean en eat efteroer. Har lippen leine sletten. It fine noaske ferloek krekt effen mei in snikje, dat noch neiskokte troch har jonge lea. Mar har moaie eagen stiene grut en de donkere apels wiene nea sa djip en himelsk as no.

Fier oer de pronk fan it jonge grien en bloeiselwyt yn it hôf hjir foar har, dêr't de gouden maaiesinne op skynde, stoarren dy moaie eagen fan Eke Kuperus no yn nea bemetten wiidten op...

Doe skeat der in grutte eangstme yn har eagen.

Hearde hja dat goed?... Droane it net...? Dêr... fier yn it suden wei...! Kanûnegebolder... Oarloch... Hartman...

Hja ferbiet har lippen en hâlde de siken yn.

Har hannen, noch yninoar stringele, kamen stadichoan omheech nei har mûle. Grut waarden har eagen...

[pagina 82]
[p. 82]

Doe niigde hja stil op 'e knibbels, lei har holle op 'e hannen yn it finsterbank, en bea... Foar it earst sa...

Doe't hja fan har sliepkeammerke ôf troch it mulhús gie, seach hja oan har mem, dat dy ek skriemd hie. Effen wegere ien foet; doe gie hja dochs fierder.

Hja rûn troch de skuorre.

Efterhûs baaide alles yn it sinneljocht, mar it wie dochs oars as oare freedtemoarns. Sa frjemd... O, hja moast fierder. Har each socht de finne ôf. Dêre...

Foar yn 'e finne klapte hja yn 'e hannen.

Trude fernaam wat en stiek de kop omheech.

Hja klapte troch en gie op 'e guds ta.

Doe't se byinoar wiene sloech hja de guds de hannen om 'e hals.

‘Trude, do bliuwst salang by my, no?’ en hja socht har treast yn 'e waarme glâns fan Trude' heldere eagen...

Fiif dagen fol spanning en eangstme.

Dútske soldaten yn it Heitelân.

Messerschmidts saaiden op it fleanfjild te Ljouwert del. Hynstefolk, swiere legerauto's, kanûnen en oar oarlochsark oer 'e Fryske wegen. In eangstich lústerjen nei de radio. Tsjin de opskroevende berjochten yn fielde eltsenien dat dit mis rûn. Mis rinne moast. Ferskriklike ferhalen kamen d'r los oer it fjochtsjen foar 'e ôfslútdyk. Dútskers by tûzenen dea en gjin tûmbree foardere. En oanienwei troch boldere it troch de loften fan swiere skoaten en fan 'e bommen, dy't op 'e fortifikaasjes by Koarnwertersân delkeild waarden.

In Pinkster om nea wer te ferjitten.

Fjirtsjin maaie de deastek: Kapitulaasje!

In sucht en in flok...

Gearknypte fûsten en ferbiten troanjes. Opljochtsjende eagen en ferromme gemoed.

Mar brocht de oarloch spanning en eangstme, nei de kapitulaasje wie dat noch slimmer. Nei sa'n koarte kriich fleagen alle tinzen nei harren, dy't meifjochtsje moasten yn 'e ûngelikenste kamp dy't der ea levere waard. Eltsenien wie fol langstme nei in libbensteken fan soan, broer, ferloofde, man en heit, freon of kunde.

De foarste berjochten kamen. Soms net alhiel betrouber. Guodden wiene ek gau thús, wisten gâns wat mei te dielen en hiene faaks nea wat fan 'e echte kriich meimakke. Ek setten guodden sels nei it oar-

[pagina 83]
[p. 83]

lochsterrein. As se werom kamen wisten se wat te fertellen. Ek fan wa't net werom komme soene en fan mannich wisten se dat se noch yn libben wiene. D'r wie freugde mei de bliden en drôvens mei de drôvigen. Mar fan no ôf oan wie de lânsman feint en de oerweldiger baas!

Oarderlik, mar: ‘Befehl ist Befehl!...’

Mar fan al wa't beskie kommen wie, net fan Hartman. Net út Boalsert. Oars ek net.

Wat Eke yn dy fiif oarlochsdagen en dêrnei trochstie, is net te beskriuwen.

Hie de oarloch sels foar har west as wat ûnwêzentliks, dat hja har net realisearje koe, mar dat har dochs dreau fan 'e iene eange tins yn 'e oare, doe't hja it hearde dat ús leger kapitulearre, wie it oft har fuotten har bejoegen.

- Wat! -

Har lippen parsen opinoarren en triennen sprongen yn har eagen.

Kapitulearre...?

Hja taaste nei har holle en socht om stipe.

‘Hartman!’

Hy, dy't sa oprjocht, earlik en wier wie. Hja wist, dat er as soldaat leaver falle soe as dat er sjen moast dat ûnrjocht en oermacht ús lân en folk oermasteren.

En no: Hartman, it hiele leger... O, har folk dochs!...

Hja socht de iensumheid yn it skjinne, lege grutbûthús en mei de hjitte foarholle tsjin de kâlde beraapte muorre oan besocht hja oan har oerstjoere tinzen stal te jaan.

Mar Hartman, Hartman wie it dy't hja seach.

Hja seach him wer sa't hy der yn 'e mobilisaasjedagen fan de foarige neisimmer by it ôfskie nimmen op 'e fyts by har en Mem weiriden wie.

Hartman! Hy hie mei yn 'e oarloch west dêr't de kriich it felst baarnd hie. Hartman!...

Hja skokte, skriemde, ferbiet har pine en leed en jammere wer op 'e nij fan ‘Hartman!’ as der in fisioen foar har eagen dreau mei fjoer, ferdjêr, tanks en bajonetten...

Har dagen ferslieten yn moardzjende twivel.

Hja flechte foar âlden en folk om it leed dat har leed allinne wie. En de dagen ferkroepen yn tergjende starigens.

Hartman! Soed 'r noch libje?


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken