Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Trude (1994)

Informatie terzijde

Titelpagina van Trude
Afbeelding van TrudeToon afbeelding van titelpagina van Trude

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.39 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Trude

(1994)–Hoatse de Jong–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 74]
[p. 74]

XI

Lykas Eke har foarnaam, gie hja net wer nei de jongerein te riden. Dat wie út.

En it oare kaam sa't hja it har wol tocht hie: Jinne Wytfean brocht himsels troch syn oermacht op de oaren op it plak dat Hartman foarhinne ynnommen hie. Hy wie no de ynstrukteur fan 'e ruterklub en neffens eigen miening hoegde hy it siker net minder te dwaan as in Hartman, al hie hy dan ek foech twa jier ûnder it hynstefolk tsjinne.

Lykwols, it rûn de nije ynstrukteur, bûten syn eigen skuld, net mei.

Yn 'e neisimmer en iere hjerst fan 'njoggenentritich' wie de rjochte fleur d'r net mear by. Europa wie yn oarloch. Ferskate fan it jongfolk, bûten Hartman ek noch in pear oare fan 'e ruterklub, wiene ûnder tsjinst en sieten earne fierôf oan 'e grinzen. En al tocht men daalks net oan in oarloch yn eigen lân, de mobilisaasje ‘fjirtsjin-achttsjin’ siet noch sa goed yn it ûnthâld, dat by mannichien 't sin ta noft en wille foargoed belune. It puonde allegearre siker net ta fleur, sadat as gefolch fan ien en oar ek it near oer hiel de jongerein kaam te lizzen.

Mar Jinne, dy't dochs syn kinnen ek wol graach ris demonstrearje woe, en benammen foar Eke Kuperus, joech daalks gjin belies en trune syn kunde fan riders oan ta nije aksje. Ommers, wêrom de moed ferlern? Hy wie in man fan ‘Lânbou en Maatskippij’, en syn each wie rjochte, lykas dat fan in man as Ate Kuperus, op it Easten, wêrfandinne hja ferwachten dat in nije mienskip foar hiel it minskdom opboud wurde soe.

Dus stiek Jinne Wytfean op in moarntiid nei Kuperus ta mei it doel syn plannen dêr bleat te lizzen en benammen om dêr ek mei Eke oer te praten, want dat lêste taaste by him noch djipper as it aksjefieren foar de ruterklub.

Syn begroeting wie dan ek tige freonlik, doe't er Eke en har mem by de syddoar moete, mar Eke negearre him hiel dúdlik, stoep nei de finne, helle Trude op en ried salang dat hja wis wie, dizze frijer net mear by harres thús te moetsjen.

Frou Kuperus hie Jinne yn 'e hûs noege.

Hja begriep Eke, better as wa ek. Mar hja liet it petear foar dizze

[pagina 75]
[p. 75]

moarn alhiel oan Jinne en de boer oer en kaam mar altemets yn 'e koken om in bakje kofje yn te jitten.

Doe't de wat teskeinde ruterklub dochs nochris op in moaie oerdei in rydtocht ûndernaam en Kuperus' pleats foarby gie, stiek de jonge Trude efter yn 'e finne de kop omheech. Skerp flonkeren de heldere eagen nei it tafriel dêr op 'e wei. Wat! Ride en hja en Eke net mei...? Fan klearebare emoasje blies hja troch de noasters en it skatterjend wrinzgjen klonk oer 'e romte fan de grutte finne. De gudzen op 'e wei loeken oan 'e earen. In inkeldenien wrinzge werom, wylst Trude de sturt al omheech hie en mei faasje fan efter út 'e finne de reed optúgde nei de pleats. Ferwûndere eagen. Men wiisde op 'e fos. Sa marsjearje! Kolossaal! Mar de ynstrukteur gebea om troch te riden.

Prûstend en swier snuvend hâlde de fos foar de hiemshikke yn. De sterke foarhoef sloech tsjin 'e hiksplanke oan, dat it as in skot by it hege skuorretek opklonk.

‘Trude!’ De leave stimme en de sêfte hân fan har masteresse wie it iennichste, dat Trude bekuolje koe.

Dy jûns ûnder melken ried Eke nochris op har foske, mar it moed wie har fol.

 

De tiid gie syn gong. De seizoenen folgen inoarren trou op.

Der wie gjin speake tusken te stekken al mocht de minskemaatskippij ek noch sa út syn foegen reitsje. En ek yn dizze hjerst waard it fee op tiid en bar de smoutte fan de bûthuzen ynlaat en Ate Kuperus wie wol sa ferstannich dat er de boks foar Eke har Trude ree meitsje liet. Kuperus hie al sa folle merkbiten, dat gjinien him hjiryn mear hoegde te rieden. Sa koe syn dochter, dêr't er dochs sa grutsk op wie, de ferdivedaasje fine dy't hja sa breanedich hawwe moast.

Sûnt Hartman wer ûnder tsjinst rekke wie, wie de feint syn namme by Kuperus yn 'e hûs net wer neamd. Mar dat trelit fan dy sneons hie de boer noch net in dei, nee, net in oere ferjitte kinnen.

Sa heech siet dat hìm. En de frou? Hja wie stil en ynbannich wurden. Wis, dy twa soene wolris praat hawwe. Net tusken komme.

Eke gie noch nei de húshâldskoalle. Hja die har wurk, learen en alles, mar it gie stilswijend en op in manear, dat Kuperus it oanfielde as in ferwyt oan him. - Nee, fanke! - Mar hja wie ek noch sa jong.

Hy wist de oarsaak fan alles, mar it snijde him troch de siele, dat de fleur fan syn fanke der mei ferballe wie. Wiislik oerlei er mei himsels:

[pagina 76]
[p. 76]

stil de tiid jaan. En as bêste remeedzje tsjin har fertriet koed er, dat wist er foar fêst, neat en nimmen better brûke as Trude, Eke har eigen fos.

Nei de foarste nachts, dy't Trude yn 'e boks trochbrocht hie, seach de boer Eke de oare moarns al ta syn blidens, klaaid yn in boksebaitsje en wapene mei it ark foar hynstepoetsen nei de boks ta gean. - Goed sa fanke! -

En al duorre it dy foarste moarns ek ekstra lang, de boer soe nearne oer prate; hie, bearde er, nearne erch yn.

Fan dy tiid ôf gie Eke alhiel oer Trude.

Hja fersoarge de guds. Hja gie oer it drinken, hea en koartfoer. En al hie dat Kuperus' bedoeling nea west, hy liet har stil har eigen sin dwaan. Mar as hja nei skoalle wie, as nimmen it seach, want hy woe it foar syn eigen folk net iens wêze, dat er sa die, seach de boer alle dagen temûk yn 'e boks en wolfoldien knikte er dan: ‘It mei wol fanke!’

Sels yn it minst fan 'e tritiger jierren soe it de boer neat hindere hawwe as er ris in hopke wat wielderich ûnderhâlden hie, lit stean fan yn 'e staltiid njoggenentritich-fjirtich.

Hoeden skoattele de boer de boksdoar en trape nei it bûthús. Hy wie tefreden.

Ienkear kaam de frou him temjitte, doe't er by de boks wei kaam. Har freegjende eagen ferstie er. Mei de holle wonk er har en stoep tebek, striek de skoattels wer fan 'e doar en gie foar yn 'e boks stean. Hja folge him. Har eagen, grut en benijd nei de romte yn 'e boks, sprieken fan in grutte goedens en wolmienens.

Kuperus wiisde mei de hân.

‘Besjoch de fos mar ris, it kin lije,’ sei de boer. Mijend stoep de frou yn 'e boks, dy't no helder ferljochte wie fan 'e moarnssinne. Trude stie skean nei har ta yn 'e fierste hoeke, de kop nijsgjirrich heech, de earen spits foarút en de heldere eagen skerp op it barren by de doar. Doe't hja de frou der trochkommen seach, nokkere it eale dier djip út 'e kiel en kaam siker in pear stappen tichter nei de frou ta. Ferbouwerearre lei hja har hannen yninoar: ‘Och... och... bêst bistke,’ en har eagen wiene wiet, doe't hja har beide hannen om Trude' snút lei. Kuperus lake foldien.

‘Moatst ek ris sjen, hoe gnap er ûnderhâlden wurdt,’ bearde er.

‘Trude!’ en mei in hân weau er de guds wer op in lytse distânsje yn 'e hoeke.

[pagina 77]
[p. 77]

‘No...?’ frege de boer.

As soe hja op portret setten wurde, sa prûs stie Trude yn 'e hâlding. De kop heechop, in bytsje skean, fol belangstelling nei de frou. De fine earen spits foarút, en de eagen, dêr't de boksfinsters as wite stippen yn spegelen, mei in waarme glâns oerdutsen. It goudbrún fan 'e fyn útkjimde moannen hong oer it glânzich halsflak, dat yn eale foarm oansleat oan it boarst en it skouder en dat ûnder 'e sêftglânzgjende hûd tsjûge fan 'e waarmbloedigens fan 'e merje. De slanke, dochs goed folle middenhân en de krêftige efterhân tsjûgen om kriich fan krêft en fersoarging.

De boerinne kaam stadich tichter by de fos en bearde, guodlik de holle yn beweech: ‘Hearink... hearink, Ate, wat is 't in bêste guds.’ ‘As dy takomme maitiid it gat fol fleis hat..?’ skodholle Kuperus. ‘Mar hawar, hja kin der mei lêze en skriuwe.’

‘Wat bin ik bliid, dat dat fanke Trude no hat,’ sei de frou.

‘En ik,’ fersuchte de boer.

Efkes stiene se sa stil. Twa pear eagen op 'e jonge guds. Doe't se noch swijend de boks ferlieten, nokkere Trude mei rêd triljende noasters.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken