Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Cap Sud (1980)

Informatie terzijde

Titelpagina van Cap Sud
Afbeelding van Cap SudToon afbeelding van titelpagina van Cap Sud

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.25 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Cap Sud

(1980)–R.R. van der Leest–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 31]
[p. 31]

IV

Hy gyng nei de kelder, dêr't syn fyts stie. It wie wer beslikke foar hjoed. Hy hie noch even neibliuwe moatten, om mei syn learaar Nederlânsk in tekstferklearring troch te sjen. It sifer wie leger útfallen, as er ferwachte hie. Der hiene wer fan dy dûbelsinnige fragen by west. Men koe se sa opfetsje, mar ek krekt oarsom. Hy hie it fansels fan de ferkearde kant besjoen. Mei al syn tsjinspraak wie syn sifer gjin grevel heger wurden. Tekstferklearjen moast men stom foar wêze. Net fierder sjen, as jins noas lang wie. Hy socht der altyd fierste folle efter.

Der wie nimmen yn de kelder. Troch de matglêzen rútsjes foel in gruzich ljocht. Hy rûn by de rakken mei fytsen lâns. De stjoeren spegelen dof yn it healtsjuster. In tinne wyn begûn te blazen. Hy fernaam it op syn gesicht.

Foar him ferskynde in grut swart inketplak, dat útfloeide nei alle kanten. It folle syn eachweid op. Hy seach oars neat as in egale swarte eftergrûn, dy't justjes hjir en dêr beweegde. Dêroer kaam in minsklik lichem oansweevjen. It siet alhiel yn in fealwyt ûntrochskinend flues en hie gjin gesicht. De holle wie oeral glêd, sûnder hier, as de kop fan in kegel. Ek de foarmen fan de lea waarden troch it flues bedutsen, dêr't oeral lytse ploaien yn sieten. Hannen en fuotten wiene al te ûnderskieden, mar net de fingers of teannen dêrfan. It like in libbensgrutte pop, dy't noch fierder model krije moast. Starich, as yn in fertrage film, begûnen earms en skonken te bewegen. Doe blette de inket oer de gedaante hinne en waard de eftergrûn wer egaal swart.

Yn it midden ljochte in stipke op, dat tichterby kaam

[pagina 32]
[p. 32]

en grutter waard. Tagelyk hearde er in regelmjittich tikjen, hieltyd lûder. No seach er it goed, it rûntsje wie de wizerplaat fan in klok. Hy koe de sifers lêze en even letter ek it ferspringen fan de sekondewizer folgje. It wie presiis alve oere. De klok fersweefde yn it swart. Mei-iens hearde er it tikjen net mear. De gedaante fan niis kaam oandriuwen. It flues siet diskear folle strakker. It gesicht hie dúdlik trekken krigen. Holten foar de eagen, in ribbel foar de noas, de mûle in groef. Sels de ôfprinten fan de earen wiene te sjen, lyk as dy fan alle oare lichemsdielen. Earms en skonken makken iderkear deselde bewegingen. In trage swimslach. De gedaante swom mei in wide bocht op him ta. Flakby skeat it lichem omheech en glied oer him hinne. De op-en-deljende fuotten wiene it lêste, dat er seach. Wer hong de inketswarte eftergrûn foar him.

Noch altyd fielde er deselde kâlde wyn op syn gesicht. It wie rûnom izich stil. Dêr glinstere wat oan de rânen fan syn eachweid. Fan wjerskanten floeiden smelle wetterstreamkes nei elkoar ta en rûnen yninoar oer. It hiele swarte flak strûpte der ûnder. No begûn it rôljen fan in kalme brâning. Brede platte weagen krollen om en waaieren út oer wiet sân. Under wetter ferskynde in ljochtere foarm, plat fan boppen, trepsgewiis ôfrinnend oan de siden. It like in stienmassa. Mar it byld wie net helder, want der spielden algeduerich weagen oerhinne. Hy moast der strak nei sjen, om it fêst te hâlden. Dat slagge him mar even. It byld rekke út sicht. Hy waard yn it sân letters fan skulpen gewaar. -Cap Sud- koe er lêze. Doe spielde der wer in weach oerhinne en nei't dy belune wie, leine der gjin skulpen mear.

Yn duorjende stilte seach er ta, hoe't de wetterslach alhiel ophold. Inkeld in dining bleau. Op de rêch, mei it gesicht nei him ta, dreau de gedaante. Dy makke sels gjin beweging, mar wigele yn it wetter. In gefoel fan wankend ûnheil oerweldige him. It flues spande sa stiif om de lea,

[pagina 33]
[p. 33]

dat de ôfprinten fan de neils der yn stiene. Dêr skuorde it oer de plasse en in tûfe hier kaam foar it ljocht. It barste fierder iepen, ûntbleate de hiele krún. Langsum strûpte it flues fan de holle ôf. Blauwe djiplizzende eagen kamen frij, in rjochte noas mei smelle noasters, de strakke lippen fan in brede mûle. Hy woe him fan dat gesicht ôfkeare en flechtsje, mar koe net. Hy stie yn it gat beneile. Dat wie Diderik. Stikje by bytsje kamen de lea út it flues. It gliere fan de fuotten ôf en sakke nei de djipte. Ynienen sloech it lichem in heale slach om, sadat it op de bûk kaam te lizzen. Mar it bleau libbenleas, it hie dy draai net út himsels makke. It wigele noch even yn it wetter. Doe sonk it starich it flues efternei.

Ut de djipte wei skeat in ljochtsjende blauwe fontein omheech, dy't mei trije strielen spuite. As in stjerrerein foelen de glinsterjende drippen del en waarden wei yn it tsjuster. It duorre net lang, of de fontein ferdwûn ek en der wie hielendal gjin wetter mear. Inkeld de swarte eftergrûn, dy't justjes beweegde. Dêrop ferskynde it gesicht fan Diderik. It wie op him rjochte. Alle trekken koe er sjen, mar de eagen siet in ûntrochskinend fealwyt flues foar. It antlit ljochte even op, doe dôve it en it swarte flak skode der oerhinne.

De eftergrûn ferblikke oan de rânen, grize streken krûpten fan alle kanten op it midden ta. No wie der inkeld noch in swart inketplak, dat lytser en lytser waard. It ferswûn en hy seach de betonnen muorre fan de kelder. De tinne wyn waaide net mear. Hy fernaam lûden dy't fan bûten kamen. Ynearsten wiene dy noch dof en ûnbestimd. Se waarden helderder en dúdliker. It oplûken fan in auto, stappen oer it trottoir, it klingeljen fan in bel.

Syn holle bûnze en hy wie dwyl, it wimere him foar de eagen. Suver op de taast stoarrele er nei syn fyts. Hy moast earst bekomme. Op de earmtakken lynjend hong er in skoft rûngear oer it stjoer. Allinken kaam mear teke-

[pagina 34]
[p. 34]

ning yn alles om him hinne. Hy seach no de trie oan syn koplampe en de ribbels op syn foarste bân. It dûnsjen fan dizige plakken hold op. Ek it bûnzjen yn syn holle saksearre. Wat bleau wie de alteraasje om wat er sjoen hie. Bylden dêr't er de betsjutting net fan wist en dy't him dochs mei ôfgriis ferfollen. Wer hie it mei Diderik te krijen, wer waard hy der yn behelle. Wat wie him diskear trochdien?

Yn gedachten wei ried er syn fiets nei bûten. Hy knippere tsjin it ljocht, dat oer it plein foel. Hy soe al opstappe, doe't er betocht, dat er syn tas net by him hie. Dy fûn er yn it gongpaad tusken de fytserakken. Hy sette de tas ûnder de fearklep fan de bagaazjedrager en stiek fuort. Troch de betreklike stilte fan de iere neimiddei ried er de stêd út.

Hy hie al fan doel west by Diderik oan te gean, mar no dreau it. Hoe soe er it him fertelle moatte? Diderik wie altyd sa nochteren, dy leaude net oan bûtenwenstichheden. Sels dat mei Hylkema hie him net feroare. As er no ris gewoan sei, wat er sjoen hie, sûnder oer syn bange foargefoelens te praten? Mar dan soe Diderik it fêst foar in fantastyske dream en neat mear hâlde.

Hie der mar immen by west, dy't itselde sjoen en field hie as hy. Wêrom draaide er hjir allinnich foar op? Moast er Diderik, krekt oan it opknappen fan in ûngelok, no wer mei wat beroerds oerfalle? As er it net die en der kaam him wat oer, wie er skuldich. Mar wêrfoar moast er him warskôgje? Dat wist er ommers sels net iens. As er no ris wachte, oant dy foartekens himsels wat dúdliker waarden? Mar mocht er wachtsje, wie it dan net te let? En soe er oait de rjochte betsjutting fan al dizze dingen wiis wurde?

Hy wie al net sa wolberet mear as earst. Noch lang net út 'e rie sette er in healoere letter syn fyts tsjin de boekebeam foar it hûs en rûn efterom.

[pagina 35]
[p. 35]

Diderik siet op it terras yn de tún. De draachbere radio neist him spile súntsjes. Foar him stie in tafel mei in gat yn it midden. Dêrtroch stiek de stok fan in grutte parasol. Dy wie skean klapt, sadat it skaad oer Diderik en it blêd foel. Hy siet yn 'e stúdzje wei nei de skaakstikken fan Hylkema te sjen. De measten stiene op it boerd, in pear leine der neist. De wyn blêde troch in iepenslein boek. Earst doe't it stekje ticht klikte, seach er Gerl. Syn gesicht heldere op.

‘Hallo! Bliid datst der biste.’

‘Hoe is 't der mei?’

‘Net bêst. Ik ferfeel my dea. Ik moat kalm oan dwaan fan de dokter, mar dat kin ik net. Ik barst fan 'e enerzjy.’

‘Dan moatte wy mar in potsje knokke.’

‘Praat my der net fan. Ik woe dat it mocht. Ik soe dy twa blauwe eagen en in bloednoas slaan.’

‘En ik houde dy lyk mei de grûn.’

Diderik stiek de earms omheech en speake him de lea. ‘O, wat soe dat noflik wêze.’

Gerl waard wer earnstich. ‘Wat dochst no?’

‘Skake út in boekje. Neat wurdich. Stellingen oplosse. Hoe wint wyt, hoe wint swart? Krekt rekkensomkes. De antwurden steane efteryn. Mar it is dea wurk, want der stiet neat op it spul. Myn eigen partij spylje, sels beslisse oer in set, dy't op winst of ferlies útdraaie kin, dat is pas skaken. Ut sa'n boekje, dêr sit gjin aventoer yn.’

‘Sille wy dan in potsje skake?’

‘Graach.’

Diderik stelde de stikken op. Hy krige in wite en in reade pion, skodde se yn 'e hannen, dy't er healticht gearnaam. Doe hold er Gerl de boppekant fan syn fûsten foar. Dy wiisde op de rjochter. Hy draaide syn fûst om en iepene syn hân. Dêr lei in witen yn. Gerl loek in stoel by en ferstelde de rêchleuning, sadat dy hast rjochtoerein

[pagina 36]
[p. 36]

stie. Hy gyng sitten en die de earste set. Sûnder neitinken skode Diderik syn keningspion ek twa fjilden foarút. Daliks die er itselde mei de pion, dy't foar de loper neist de wite kening stie.

‘Wat dochst no?’ rôp Diderik ferbaasd út.

‘Dat sjochst wol,’ sei er kalm.

‘Ik kin him pakke.’

‘Toe mar.’

Diskear duorre it in hiel skoft, foar't Diderik syn antwurd ree hie. Syn hân sweve boppe syn damehynder, mar hy rekke it net oan. ‘Sis, ju,’ begûn er ynienen, sûnder Gerl oan te sjen. ‘Hasto alles fan myn ûngelok foarsjoen, presiis sa't dat yn syn wurk gien is?’

Gerl bûgde him wat djipper oer it boerd. ‘Jawis,’ andere er.

‘Mar do siest ommers net by Hylkema yn de auto. En yn dyn fisioen wol. Teminsten, dat hast my sels ferteld.’

‘No ja, der wiene wol in pear dingen oars.’

‘Wat dan noch mear?’

‘Ik haw de Legedyk net sjoen en ek gjin meterhúske.’

‘Wêr wie it by dy dan?’

‘Op in keale flakte, dêr't in grûnmist oer hong.’

‘Mar der wie hielendal gjin mist.’

Gerl swijde.

‘Ik nim him dochs mar.’ besleat Diderik. Hy krige de wite loperpion fan it boerd en sette syn reade dêrfoar yn it plak. Gerl brocht syn keningshynder skean nei it midden.

Diderik tocht wer lang nei. ‘Giesto mei fakânsje fuort?’ frege er ûnder syn prakkesaasjes.

‘Ik haw noch gjin plannen.’

Hy seach Gerl oan. ‘Of hiest der op rekkene fan 't jier wer mei ús mei te gean?’

‘No nee, eins net.’

‘Sis earlik, wol sa heal en heal, hen?’

[pagina 37]
[p. 37]

‘Nee, wier net.’

‘Ik hie it eins folle earder sizze moatten, mar ik fûn it sa rottich foar dy. En ik soe dy ek graach mei op fakânsje hawwe wolle. Ferline jier wie dat noch gjin probleem. Mar no haw ik Karola. Snapst wol wat ik bedoel. Sy giet mei, fansels. En wy hawwe echt mar plak foar fjouwer yn ús karavan, oars wurdt it sa'n behelpen.’ Diderik die in set.

Gerl spile fuortendaliks syn keningsloper nei foaren. ‘Hoechst der net sa swier oan te tillen, hear. As ik dy wie, hie ik presiis itselde dien. Wêr geane jim hinne?’

‘Nei Frankryk. Earst in wike nei de Noard-Ardèche en dan fierder nei it suden, de Middellânske See.’

Hy slokte. ‘Nei Cap Sud,’ sei er, wylst er himsels twong om nei de stikken te sjen.

‘Nee, hoe komst dêrby?’ frege Diderik ferwûndere.

‘Och, samar.’

‘Wêrom seist it dan?’

‘It kaam my yn it sin.’

‘Wêr leit dat, Cap Sud?’

‘Wit ik net.’

‘Wy witte ek net, wêr't wy plak krije kinne. Heit hat in pear kampings út de griene gids oanskreaun. Mar dêr is noch gjin antwurd op kaam. Ik hoopje dat it net te let is.’ Diderik suchte. ‘Jonge noch ta, dit is dreech.’ Hy gyng foaroer sitten mei de holle tusken de hannen en stoarre nei it boerd, as woe er de stikken opfrette. Doe't er einlings wer in wite pion slein hie, sei er fol fjoer: ‘Ik krij in sylplanke op myn jierdei. In sakefreon fan heit hat in wynsurfskoalle. Giest mei? Kinst it yn in dei leare.’

‘Ik haw ommers gjin sylplanke.’

‘Dat jout neat. Dy ferhiere se dêr. Ik krij fergees les, omdat wy in planke by him keapje. Sil ik heit freegje oft er in goed wurdsje foar dy dwaan wol? It moat al raar komme, asto dan ek net fergees les krigest. Hoe liket dy

[pagina 38]
[p. 38]

dat ta?’

‘Prima. Mar ik mei gjin sylplanke keapje.’

‘Hoecht ek net. Hier fan in planke sit by de les yn. Ik krij net earder ien, foar't ik my der goed mei rêde kin.’

‘Nimst dines mei nei Frankryk?’

‘Dat is de bedoeling. Boppe-op de imperiaal. Dêr't wy hinne gean, is de see net botte wyld.’

Gerl klamme syn tosken opinoar. It swit briek him út. Hy woe sizze wat er sjoen hie. De kalme brâning, de letters op it sân, it lichem yn it flues, alles. Hy doarst net. Hy wie bang, dat er de omgong mei Diderik foargoed stikken meitsje soe. Hy skode syn kening twa fjilden fansiden en sette de toer oan de oare kant dêrneist. Syn hân trille fan spanning. Diderik murk it gelokkich net. Dy hie genôch swierrichheden mei syn eigen stelling.

Se skaakten troch, sûnder noch in wurd te sizzen. Hy moast him mear ynspanne om it him net skine te litten, as om de bêste setten te finen. Dy wist er út 'e holle. Diderik moast iderkear djip neitinke. De reade kening koe gjin kant mear út. De wite stikken skeaten him rjochts en lofts om de earen. Gerl bedarre wat. Hy koe syn gedachten wer in bytsje by it spul hâlde. Dêr die Diderik in ûnferwachtse set. Mar it brocht him noch grutter ellinde. Gerl sloech mei syn dame in pion fan it boerd en de reade kening stie mat.

‘Wy hawwe noch net iens fyftjin setten dien!’ rôp Diderik ferheard út. ‘Oars wie it altyd stiif partij tusken ús en no joust my in wân op 'e hûd. Wêr hast it wei?’

‘Ut in boekje,’ sei Gerl sûnder in spier te ferlûken.

‘Ferhip do!’ glimke Diderik. ‘Watfoar boekje is dat dan?’

‘In boekje mei iepeningen.’

‘En watfoar iepening wie dit?’

‘Keningsgambyt.’

‘Goed. Dan nimsto no swart en ik spylje kenings-

[pagina 39]
[p. 39]

gambyt tsjin dy.’

Se ferwikselen fan kleur en begûnen op 'en nij. It duorre even langer as de earste kear, mar wer ferlear Diderik yn in flok en in sucht. Gerl wist de bêste setten foar de oare partij ek út 'e holle.

‘Mei ik dat boekje ris sjen?’ frege Diderik.

‘Ik haw it net by my.’

‘Ast wer komst, bringst it mei, no?’

Dat beloofde Gerl. Se skaakten noch even wa't it earst alles kwyt wie mei ferplicht slaan. Doe't it skaad fan it hûs oer it terras foel, kaam er oerein. ‘Kom, ik moat ite.’

‘Dus do giest mei nei de wynsurfskoalle?’ woe Diderik nochris witte.

‘As it heal kin al.’

‘Heit is der no net, mar ik sil him jûn freegje. Ik belje dy noch wol.’

‘Wannear?’

‘Lit út sizze moarnier om njoggen oere. Kin dat? Heit sil wol hiel let thús komme.’

Gerl sette ôf en ried op hûs oan. Underweis krige er wat langer wat mear spyt. Hy hie de gelegenheid slûpe litten, om oan Diderik syn skrikbyld te fertellen. ‘Skytsek,’ beskuldige er himsels. Hy kaam noch krekt op 'e tiid foar it waarmmiel. Se sieten al by de tafel.

‘Wat sjochst wer swart,’ wie it earste, wat mem sei.

‘Us Gerl tôget de hiele wrâld op de rêch,’ spotte heit.

Doutsen seach him temûk oan. Se luts freegjend har wynbrauwen op. Hy skodholle by wize fan antwurd. Like stikem as sy har teken makke hie. Nei iten gyng er daliks nei syn keamer en dêr bleau er de hiele jûn sitten.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken