Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold[p. 50] | |
Fryslân boppe*)!Fen alle lânnen op 'e wrâld(1),
Is 't Fryslân, dêr ik meast fen hâld;
Hwêr 't oaren ek op romme(2),
Op fruchtbre fjilden romme wy,
Yn greiden(5) bont fen blommen.
Fen alle talen op 'e wrâld,
Scil 'k Fryslâns tael, sa ryk en âld,
Altiid it measte minne.
Lit frjemden dêr op smeule en dwaen(6),
Dat is hjar heel wol ta to jaen(7):
't Komt dát se ús tael niet kenne.
De seden fen in echte Fries,
Binn' 't dy ik boppe alle oaren kies;
O, mocht ik him mar lykje(8)!
Ienfäldich, sonder wyn en blast(9),
Rjuchtút en plat: in frânsce kwast
Mat for in stanfries(10) wykje.
Oeral binn' fammen kreas en blier(11),
Mar 'k hâld it mei de frysce fier(12),
Dy, sonder falsk to flaeijen,
Binn' gol en frjeunlik út hjar aerd,
En fij(13) fen laf onskiklik praet,
En sedich yn it klaeijen.
Ja, reisgje frij de wrâld yn 't roun,
Hwêr wirdt in twade Fryslân foun(14)?
Wy doare dryst wei röppe:
Us âlde Fryslân spant de kroan',
Nin lân op ierde komt dêr oan;
Wy sjonge: Fryslân boppe!
Waling Dykstra.
|
|