Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldMyn marij.Dêr yn dat tropke beämmen,
Dêr stiet dy âlde tôer(15),
Dy fleane(18) er om en ôer.
Dêr yn dat lytse hûske,
Mei 'n esken beam er by,
Mei 'n draeijer op 'e skoärstiën,
Dêr wennet myn Marij.
Dêr rinne thrije kij;
In mûskleur(21) en in swarten,
En ien wytbonte er by.
Dat binn' hjar heite(22) bisten,
Dy melkt hja twaris(23) deis,
Den sjuch ik hjar wol skrippen,
Ik sjuch hjar elke reis.
| |
[p. 51] | |
En sneintojouns nei meltsen(1)
Forklaei ik ringen(2) my,
Den gean ik nei Marij.
Ik stap it gea(5) den binnen,
Sa proastich(6) as ik mei;
Den sjugge my de fammen
Sa spitich efternei.
En kom ik den to hjarres(7)
Den stiet de stôel al ré;
Den krijt se in piip fen 't rakjen,
En is sa op hjar dré.
In wyt porsleinen reauke(8),
In köpke mei in ear
En mei forgulden lêzen(9)
Het hja den for my klear.
Den binn' hjar âlde ljuwe
Sa yn hjar skik mei my;
Hja wolle 't graech sa habbe
Dat ik hjar dochter krij.
Dat scil yet ek wol wirde,
Hja het my 't wird al jown,
Ik hoopje takomm' maeije
Den wirde wy forboun.
Ik wol in hûske hiere
En ek hwet lân der by,
En dêr scil ik den wenje,
Yn frede mei Marij.
Waling Dykstra.
|