Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldIebel op 'e dille.Dy wier ris ôer iis nei der Dille ta tein(12),
Om dêr op 'e baen
Biwizen to jaen
Dat hja op 'e redens(13) ek mei wist to dwaen.
De kjeld(14) fen de winter dy lette hjar neat,
Mar makke hjar mûtele(15) wankjes sa read;
Sa read en sa böl;
Hja kipe(16) sa göl;
It libben, sa 't like, dat lêste hjar wol.
Hja stie op 'e redens sa flink as in man,
En sloppens(17) yn d' ankels dêr wist se net fan.
En elk dy hjar seach
Mistroude syn each,
As hja sa fûleindich(18) ôer 't iis hinne fleach.
| |
[p. 52] | |
Al gyngen de feinten der ôer as de wyn,
Hja ried se wol sniedich fen efteren yn.
‘Toe heite, liz op!’
Wier den hjar geröp;
Soms fierd'(1) se de feinten omtrint ôer 'e kop.
In feintsje wier greatsk en wol thige op 'e thried(2),
As Iebel mar mei him de baen 'is op ried;
Mar praette hy hwat
Fen dit of fen dat,
Den striek se wer hinne, sa rêd as in kat.
Hja sei yn hjar sels: ‘ik hâld fen nin gefrij,
Mei elk hwet to riden dêr hâld ik my by:
Lient min for in kear
In frijer it ear,
Den het min yens frijdom sa folle net mear.’
Mar dôch as se Wîger ta foärrider hie,
Den wier 't krekt as 't riden hjar better foldie;
Den gyng it sa rêd,
Den gyng it sa glêd;
Mei Wîger to riden dat waerd se net sêd.
En ienkear do hja efter Wîger wer ried,
Lôek(3) hy hjar fen siden en praette sa swiet:
‘Ei fanke,’ sei hy,
‘Bliuw dou joun(4) by my!
Ik mien it sa fix en sa thige(5) mei dy.’
Hja skodhölle ‘né!’ en gyng weer op 'e reed;
Mar Wîger dy hie hjar al ringen wer beet.
Nou weegre(6) hja 't net;
Hwent hy hie hjar hert
Al stiltsjes ôermastere, al miende hja 't net.
En Wîger en Iebel hien' nöcht by de rûs(7),
En Wîger brocht Iebel de jouns ek nei hûs.
En hja liende 't ear
Oan Wîgers petear(8),
En foärt dêrnei hie hja hjar frijdom net mear.
Waling Dykstra.
|