Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldIt hinneklaed(*)(5).Auk wier mem fen 't ljeafste boike(6),
Frjeunlik kyp' er út syn eachjes;
Himelsk klonk de memmenamme
Fen syn swiete poärperlipkes.
Hwa mar 't jonkje seach, dy minde 't,
Sleat it patsjend yn syn eärmen,
Aeike 't ôer de bölle wankjes,
Fyn as side, roazeread.
Och, ho wif(7) is 't lök op ierde!
't Ljeave bern bigoan to kwinen,
Alle tier forlear it ringen;
Koartsen jagen d' iene d' oare,
Frieten wei(8) syn teare kreften;
d' Eachjes sonken del yn 't höltsjen,
En de saunde(9) maitiid-sinne
Glânsg' ôer 't lykje fen de boi.
Aukje kriten wier útlitten(10).
Gierend om de ljeave deade,
Wiëtte hja syn goudne lokken
Mei in stream fen hjitte triënnen,
En se striek de wite troänje,
Ont(13) da bûrren 't lykje hellen,
En yn 't fet it gyng to hôf(14).
Aukje siet forslein der hinne,
Wist hjar weadom net to hjirmjen,
Wier net ôer hjar ûnk(15) to treasten'
Goëzze(16) jimmer nacht en dei.
En as hja den laei to weinen,
Yn de stille nachtlik' ûre,
Den seach s' yn it djippe tsjuster
't Jonkje boärtsjen ôer de flier.
| |
[p. 89] | |
Skriemde hja, den glinstren triënnen
Ek yn d' eachjes fen hjar boiken,
En as hja hjar triënnen droege,
Den seach hy hjar blier yn 't wêzen.
En sa kaem er alle nachten,
Nou ris blîder, den wer drôevich,
En as 't earste moärnread skymre,
Den fordwûn er eltse kear.
Doch hjar truren en hjar graeijen
Koe se yette net bidarje,
En de tiid forsliet hjar weadom
En hjar wrede smerte net.
Do kaem op in nacht it boike,
Mei syn hinneklaed yn 't hantsje,
Kleau op 't bêd, en gyng dêr sitten
Nêst hjar op it foettenein.
En hy spriek met seafte stimme:
‘Memke! gier dôch sa net langer:
Al de triënnen dy jy skrieme
Falle by my yn it fet.
En myn himdtsje wol net druije(1),
't Is sa wiet, ik kin it wringe,
Sa kin ik yn 't grêf net rêste;
Memke! gier dôch sa net mear.’
Auk waerd kel(2), hja liet it kriten.
D' oare nacht kaem 't jonkje wer;
't Hie in lampken yn syn hantsjen,
En syn hinneklaed wer oan.
‘Memke! sjuch, nou is myn himdtsjen
Op in hoekje nei al droech;
Ik kom nou jo nacht to sizzen:
Gau scil 'k slomje, stil en swiet.’
Suchters, gierend om 't forstjerren,
Fen in libbendjûr' ûntsliepne,
Fen in minlik ljeavjend wêzen,
Skriem se net de grêfrêst wei.
Auk birêstg' yn 't wîze gôdstjûr(3),
En hjar noekje(4) slommet freedsum,
In syn ûnderierdske sliepsté,
Ont in Ingel 't wekker röpt.
H. Sytstra.
|
|