Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. Leopold[p. 90] | |
‘Forline jier,
Do ik hjir wier,
Wier dit fek(1) fol,
En nou is 't allegeäre tiere liere liere liere l...e...e...ch(*).
As it gaeiken ús tsjilpet:
‘It nestje moät klear,’
Den tsjugge(2) w' er flitich
mienskiplik oer gear,
Wy wiëtsje(3) en wy knetsje
hwet liem en hwet klaei,
En foegje 't en loegje(4) 't
mei 'n strieke ef in raei(5),
En strike 't en plakke 't,
nei foechsum bistek,
Goe sljuchte torjuchte(6)
mei poatsjes en bek,
As 't mitseljen dien(7) is,
biklaeije(8) w' op 't lêst
Mei moas en mei plomkes
de boäijem fen 't nêst,
Sa sitt' wy by nachttiid
by ûnwaer ef wyn,
Den kûskes en smoutsjes(9)
mei 't wyfke deryn,
En habbe, as ús seis, saun-
tal(10) berntsjes yet komt,
Wy for út-fen-hûzers(11)
noch gasten nin(12) romt',
Jin e' tsjerke oan(13) dêr wenje
wy bêst nei ús sin,
Dat(14) ek in goe wird ús
birikke yet kin,
Boppe al, stiet in freedlik
from man it ús ta,
Wolle w' ûnder syn hústhek(15)
ús wente graech ha,
Doch oars, as it hjirsa(16)
noch dêrsa net wol,
| |
[p. 91] | |
Jaen w' ek ûnder tillen(1)
en brêgen ús dol(2).
Hest', bûrman, in klútsjen(3)?
jouw dat mar oan my,
Ik ha hjir hwet rûchte(4),
dat 's gading for dy:
As ien sa hwet oer het,
in oar hwet to koärt,
Wy helpe mankoaren
bûrskiplik mei foärt,
Sa reitsje(5) wy handich
mei 't nestjen op stel,
En sjonge ris froalik
de sang fen de swel:
‘Forline jier,
Do ik hjir wier,
Wier dit fek fol
En dat fek fol,
En nou is 't allegeärre tiere liere liere liere l..e..e..ch.’
Komt in mosk op ús ta,
Om it nêst, dat wy ha,
Us skelmsk as in kaper t' ûntsetten(6);
Elk uzer docht mei,
Wy fytrje(7) him wei,
En wite 't him wol to biletten.
Ef de hauk(10) it bistean
Op 't oare frij fûgelt to loeren,
Den kytlet ús blôed,
Wy flink en fol môed,
Us krije se net yn de klôeren(11).
Ha w' in seinröp(12) earst jown
Oan de fûgels yn 't roun,
En glûpe de hinnen biside,
Den wy er op yn
Sa rêd as de wyn,
| |
[p. 92] | |
Jouw him hommels in pjuk(1),
En den gau wer wjuk-wjuk,
De ropsek(2) kin lang ús net krije,
En ha wy ôerwoun,
Strykt er ôf(3) for ús boun,
Den kin it in sankje wer lije:
‘Forline jier,
Do ik hjir wier,
Wier dit fek fol,
En dat fek fol,
En nou is 't allegeärre tiere liere liere liere l..e..e..ch.’
Het 't wyfken ús nestje fol aikes lein,
Den briede wy trou om bar,
En habbe wy pykjes(4), o den wirdt er flein,
Den stelle w' ús wakker to war,
Den giet er by beide nin tiid forlern,
Hwent hongrige bouterkes binne de bern.
Sa wekket de swel for gôed en blôed,
En wykt for syn plichten net wei,
En teant(5) er jamk, hwet flinkens en môed,
As me 't mei enoar hâldt, formei.
Doch sûnder geröft
Pilet(6) hy troch de löft,
En saeit mei in swier
As in blits hinne en wer,
Snapt hjir en dêr
In michje yn sa 'n gier.
Den docht er in swaei
Mei in linige draei
Op 'e goate wer del,
En kweelt by syn gaei,
D'ienfâldige sang fen de swel:
‘Forline jier,
Do ik hjir wier,
Wier dit fek fol,
En dat fek fol,
En nou is 't allegeärre tiere liere liere liere l..e..e..ch.’
H.S. Sytstra.
|
|