Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldDe terp.As ik oan myn bernejiërren
Oan dat golle boärtsjen think,
Wrâld, hwet binne den dyn skatten?
Hwet is 't goud mei syn geblink?
As de Maitiid oer it lân
Blomkes struit mei milde hân,
O, hwett' wiern' w' as bernkes blij!
Alde terp, ik think oan dy.
As de earste bonte flinters
Flodderen fen blom op blom,
En de earste ljurken songen,
Waerd it bernehert sa rom.
En de earste rin wier den
Fen de lytse skoällebern,
Hien' wy fen 'e skoälle fry,
Alde griene terp, nei dy.
As de lytse foärjiersblomkes
Wrotten(5) throch it griene krûd,
Rôllen, trûz'len(6) wy sa joalich,
Hoällefoalen(7) wy sa lûd.
Jaggen(8) wy de lea den ôf
En de skonken wirch(9) en dôf,
O, hwet leine en rêstne wy,
Alde terp, den swiet op dy.
As de famkes toutsjedounsen
En de jonges pleagen hjar,
Waerden wy sa faek ôfsnoärre:
‘Dondersk jonges, sa 'n genar!’
Mar wy houden ús mar dom
En wy joegen nearne om;
En hwet thochten hja dêr by?
Alde terp, o, siz it my.
| |
[p. 122] | |
Och, myn bernejiërren fleagen
Lichter as it swerk foärby,
Mar dyn griene, ljeave blomkes
Binne alle maitiids nij,
En in oare nije jeugd
Het op dy wer wille en freugd:
En liz ik it libben ôf,
Alde terp, wird den myn hôf(1).
Lit de berntsjes oer my boärtsje,
Blomkes ploaitse op myn grêf.
Gouden is de bernewille,
Al it oare reek en tsjêf(2).
Is de winter rou en wyld,
Grienje maitiids blij en myld;
Bloei as byld fen Fryske kracht,
Alde terp, yn iiw'ge pracht!
Grou, Juny 1847.
E. Halbertsma.
|