Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldWidzesang.Myn ljeawe moet'le(3) jonge,
Ei! kibje(4) net sa fel.
Ik scil in sankje sjonge:
Myn boike! jaen(5) dy del.
Knyp dou dyn ljeave eachkes,
Dyn mûzige(6) eachkes thicht,
Mei 't reid oan 'e wettersich.
Dou hest nin soärge oaf kommer,
Dou witst yet nearne fen.
Dyn widze is dy nou rommer
As 'e wrâld dy wirde ken.
Dou heste in bûkfol tate(9),
En mem dy het wol mear.
Och! lit dy mar biprate;
Sa'n sliëpke docht net sear.
Dou kenste ek swiëtter slomje
As mannich stumperke docht,
Dy yn 'e widze forklomje(10),
Dêr moar(11) noch minske nei sjocht.
Dy lytse earme hertkes,
Dy sloofkes haww' 't net bêst,
Hja lizze yn fodd'n en flardkes,
En dou yn in warem nêst.
Dou heste it folle better
As mannich prinske it het;
Dy wirde net tsjokker en fetter
Fen al dat swiete banket.
Dy hawwe in frjemde minne,
En keapje hjar tate for goud;
Dou heste dyn ûrkes(12) allinne
Foär tútkes(13), myn ljeave bout!
En wirdste den to wekker
En rekste dyn eärmkes út,
Den smekket 't dy sa lekker;
Dêr is it ein fen út.
Den tilt dyn mem 't girdynke,
It tsjustre girdynke op,
En kipet as pûs yn 't spynke,
Den tilt hja dy út 'e gloepe,
En thriuwket(16) en tutet dy sa;
Den meistou hjar oankrûpe,
En sobje en knobje(17) mar ta.
Myn ljeave moet'le jonge,
Ei! kryt mar net sa fel.
Lit my net langer sjonge:
Myn boike! jaen dy del.
E. Halbertsma.
|
|