Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldSimmermoarn.Moai is de dage, dy brekt throch de kimen,
As út de skym'rige dau om ús hinne,
Alles wer opdynt hwat laei yn in hoale;
't Boärtlike(3) lamke om it skiëpke wer dounset,
't Ljurkjen(4) sa sjongende wjukkelt nei boppen,
't Jongfé hjir haffelt in gnûwst(5) yn de liezen,
Jinsen de kij, sa swiet rêstjende, kôgje,
En yn de fiërte de toer út de beämmen,
Wend oan dy moäijens, sa rêstich en fredich
Alles oerskôget.
Moäijer bistou yet, myn famke, myn Ingel!
Pas stekt de sinne hjar hölle út de feärren,
Of as in Gratie, mei tripp'ljende trêdden,
Fljuchste oer de finne, en al wraggeljend kroadsje(6)
Efter elkoärren de kij nei de yester(7),
Bliid dat dyn stimme, sa myld en sa frjeunlik,
Hjar den wer opröpt.
Sjögg' jimme 't famke! Hjar foëtsjes dy feije
De dau fen de gêrskes en heal iepen blommen;
Glinsterjend spegelj' hjar golle blauwe eagen
Blier yn 'e dage, en biloaitse mei wille
Natûr yn 'e peaskepronk(8); sêft om hjar lippen
Spilet de glimlaeits fen 't stille fornoeijen,
Heech slacht it hert hjar, fen thank in oanbidding,
Priizjende de Almacht.
| |
[p. 157] | |
Is my it môed faek fen soärgen binipe
En my it herte sa weak in mismoedich,
Dou joust my sielskrêft, o gôdlike dage,
Môed om for wea en for lêst net to bûgen,
As dy sims grimend' myn libben omtiizje(1).
Dou, o myn famke! bisielst my mei ljeafde,
Dy my ta deugd en ta minskemin oandriuwt,
't Herte forsêftet en 't each fiert omhegen; -
'k Mei as myn liet for de simmermoarn skallet
Fen dy net swije.
J. van Loon, Jz.
|