Van de Schelde tot de Weichsel. Deel 3: Friesland
(1882)–L. Leopold, Joh. A. LeopoldOan myn bleske.To foärt myn bleske, to foärút!
't Gjit joun wer nei de faem.
Foörút! en skrilje(2) of wykje net,
For steger, set(3) of daem.
Ik krige(4) den licht ûngemak,
En dou kaemst fen 'e wei,
Den ploeije en eidsje, noait nin lins(5),
En bödsje(6) dei oan dei.
Sa net myn âldtsje, né, foärút,
Dy rjuchte leane dol,
Foärút! 't is wrychtich(7) al oer tiid,
En 't famke wachtet al.
Ja sjea! dêr stjit hja bûten hûs,
En wiuwet(8) ús al ta,
Yet fris ris op en den scilst ek
In lekker foërke ha.
En hast dat op, bist wer bikomd(9),
De hûd dy droech fen 't swit,
Den ytst dy yn 'e finne grou,
Wylst ik by 't famke sit.
Den boärtestou hwet mei de kij,
En ik hwet mei myn Tet;
Dou joust dy yn 'e gêrskes dol,
Ik oan myn ljeafkes hert.
Dou krigest mûlk wer langst(10) nei hûs,
Nei eigen groun en gêrs,
Mar al bleau ik hjir jier oan jier,
'k Waerd yet nin bliuwen wêrs.
To, foärt! kliuwt moarn de dage yn tiids
Wer út de dauwe omheech,
Den wer nei hùs; ik op 'e plom(11),
Dou by de kij yn 't leech.
En is my 't each den al hwet stiif,
De hölle me op 'e rin,
Den sîkestou wol 't rjuchte paed,
As ik 't net fine kin.
Mar klappe, bleske! meistou net,
- Dou kinst wol swije, siz! -
Sa lang hja dyn boerinne net,
Myn djûr(12) ljeaf wiif net is.
En nou, toe foärt! yet fris ris op!
Ta 't wy by hjarres(13) binn',
Den scilstou sjen, ho 't hja my ljeav't,
Ho 't ik myn famke min!
J. van Loon, Jz.
|
|