Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

8.

It is de woansdeitemoarns fan de tredde septimber as Lútsen mei Hinke de Wâlden yn fytst. By de lêste gemeentlike sjitwedstriden fan de Bijzondere Vrijwillige Landstorm, is Lútsen ta keningskutter útroppen. Yn dy kwaliteit hawwe se him ôffurdige nei de lândei fan de BVL yn 'e Sweach. Hinke woe earst net mei, omdat se noch luik wie om it feit dat Lútsen har de hiele middei allinne op it feest te Dokkum rinne liet. Se kin it ek net ferneare dat er nei syn skipbrek gjin hân mear útstekke wol. Se hat alles besocht om him mei te krijen nei it ierappellân. Poer allinne hie se tusken de manlju oan it sykjen west om wat byelkoar te garjen foar de húshâlding. Want dan is Hinke ek wer in fûlen. It mei dan och sa iens lykje at se te Feanwâlden op 'e tram stappe, yn wêzen is de ferhâlding stroef. Se ha der al safolle wurden om hân, dat de aardichheid is der ôf foar Hinke. Wat langer de reis duorret, wat mear Hinke begjint te ûntteien. It liket wol, at se te Drachten oerstappe yn 'e tram

[pagina 45]
[p. 45]

nei de Gordyk, dat it in dei fan plezier wurde sil. De sinne skynt at se yn 'e Sweach útstappe. De stafmuzyk fan de Marine marsjeart troch de buorren. It is in defilee fan mear as twatûzen lânstoarmers. Op it poadium steane ûnder oaren Dumaer van Twist, de minister fan Oarloch en de kommissaris fan 'e keninginne.

By de sjitwedstriden falt Lútsen net yn 'e prizen. Hy is der mei de earste beurt al ôf. In teloarstelling dy't er even ferarbeidzje moat. Se steane in skoft by de behindichheidswedstriden foar motors en it findelswaaien. Mar foar Lútsen is de aardichheid der ôf. Wat hat er hjir noch langer te sykjen?

Hy hat him hiel wat fan dizze dei foarsteld. Der binne medaljes fan de hiele keninklike famylje en ûnderskate boargemasters. Foar de persoanlike prestaasjes binne der tsien fytsen beskikber steld. Alles giet syn noas foarby.

Doelleas dangelje se in skoft troch de bosk. Lútsen is swijsum.

‘Is der wat?’ freget Hinke.

Lútsen lûkt oan 'e skouders.

‘Kinst net tsjin ferlies. In keningskutter, dy't ferlern hat.’

‘Alles mislearret,’ seit er mistreastich.

‘Wêrom sjochst net om wurk. Undernim wat oars. Do moatst net fan ien slach lizze.’

‘Ik ha al wat oars.’

‘Wat dan?’

‘Ik ha my opjûn foar wurk yn Dútslân.’

‘En dêr hast hielendal net mei my oer praat.’

‘Wolsto dan dat ik hjir de hiele winter yn 'e steun rin?’

‘Dat net. Mar ik begryp net wêrom asto dyn stúdzje net ôfmakke hast.’

‘Do hast oars gjin gedachten hân, as dat ik ûnderwizer wurde moast. Dat wie dyn doel. Dêrom hellen se my yn 't earstoan ek sa oan by jimmes. Doe't ik de learderij oan kant smiet, wie ik út 'e geunst.’

‘Dat is net wier. Dêrom ha ik dy net nommen. It kin my neat skele wat ast wurde wolst. Mar do bist sa hinne en wer as de wyn. Hjoed hast dit by d' ein, moarn wer wat oars. Doe't de skipperij mislearre woest hielendal neat mear. Wilens der wurk is en de lju dy freegje om te helpen wegerst. Wolst net yn 'e steun, dêr fielst dy te goed foar. Bist in bedoarn jonkje. Ast dyn memke net hiest bleau der neat fan dy oer. Dat farren soe alles wurde. Jim mem mar swetse, hokker grutte plannen ast yn 'e holle hiest. Wat is der fan telâne kommen? Neat. Do bist gjin trochsetter. Do wist net wat ast wolst. Hjoed is 't alles, moarn wer neat.’

[pagina 46]
[p. 46]

‘Do hiest de mar sjen moatten dy middeis, dan soest wol oar guod spuie. Hy like wol sa grut as de see. Ast dat ienkear meimakke hast, begjinst der net wer oan.’

‘Do moatst net fan ien slach lizze.’

‘En Aant dan. Hat dy my net stikke litten, doe't er út 'e tsjinst kaam? Binne al myn plannen dêr net op stikken rûn. Wat ik yn 'e kop hie, koe ik allinne net oan.’

‘Aant koe oar wurk krije, en dat hat syn gelok west. By dy hie er no op 'e stiennen stien.’

‘Tegearre hiene wy in bedriuw begjinne kind.’

‘Wêrom giest dan nei Dútslân, as der safolle wurk yn 'e skipperij is.

Wêrom nimst dan net in oar skip en besikest dyn plannen troch te setten?’

‘Wêr moat ik fan begjinne?’

‘Fan neat,’ byt Hinke him ta. ‘Hoefolle binne mei neat begûn.’

‘Wer fan foarenoan.’

‘Hiest yn alle gefallen net nei Dútslân hoegd.’

‘Yn Dútslân, dêr hast fêstichheid. Dêr kinst oan alle hannen wurk krije en it fertsjinnet goed. As ik earst ris foar trije fearnsjier gean. Dan kom ik werom mei ferlof. Miskien kinst dan mei en trouwe wy.’

‘Ik nei Dútslân?’

‘Wêrom net? Wolst dochs net dat ik dêr ivich allinne bliuw.’

‘Dêr krigest my foar gjin noch safolle hinne.’

‘Dat seist no. Soest der earst ris sjen moatte.’

‘Hasto it sjoen?’

‘Nee.’

‘Wêr hast it dan oer. Do praatst oer dingen dêrst sels noch gjin begryp fan hast.’

‘Kinst it dochs alle dagen yn 'e krante lêze dat dêr wurk by 't soad is. Dat de wurkleasheid dêr oplost is. Dat dêr hege leanen útbetelle wurde.’

‘En wêr kearst dan?’

‘Wit ik net. Dútslân is sa grut.’

‘Wannear giest?’

‘Mei in wike as wat, sei de man, kin ik myn papieren ha. Ik tink dat ik heal oktober al fuort kin. Dan sjochst my yn trije fearnsjier net wer.’

‘Dan litst my oant takomme simmer ta allinne?’

‘Ja.’

‘Ik wol it net.’

[pagina 47]
[p. 47]

‘Mar as ik dan takomme simmer thús kom, helje ik dy en nim dy mei nei Dútslân, fier fuort fan dizze negorij.’

‘Mar ik wol net fuort. Dan giest allinne mar. Dan rêdst dy mar. Hoechst my net te skriuwen.’

‘Ik stjoer dy geregeldwei in brief en pakjes. Ik skriuw hoe't it dêr is, wêr't ik kom te arbeidzjen.’

‘Ik wol dyn pakjes net ha,’ seit Hinke lulk en stoot mei de lulke kop de bosk yn.

Lútsen sjocht har tusken de beamstammen rinnen. Soms falt der in skynsel sinneljocht oer har hinne. Hy wol noch oan har roppe. Mei de gedachte dat se even oan de feiten wenne moat, lit er it nei. Se sil strak wol werom komme, tinkt er. Even noch hat er oanstriid om der efteroan, mar ek dat lit er nei. Hy jout him del ûnder in beam, mei de holle yn it sêfte moas en sjocht yn de swiere krunen, dêr't ljochtblauwe stikjes loft tusken spegelje. Ik hie der oars mei oankomme moatten, tinkt Lútsen. Dit is har even oerfallen. Se moat wenne oan de gedachte dat der in oar libben op ús wachtet. Lútsen falt yn 'e sliep ûnder de beammen en wurdt pas wer wekker as it ljocht al tusken de beammen wei begjint te lûken. En noch is Hinke der net. Ferheard sjocht er om him hinne. Hy wit net mear fan hokker kant er kommen is. Miskien hat Hinke him net werom fine kinnen en dwaalt se allinne yn 'e Sweach om. Lútsen dwaalt in skoft troch de bosk, oant er de muzyk wer heart en op it lûd ôf wer yn 'e buorren komt.

Hoe't er ek siket, hy fynt Hinke net wer. Hy stapt tsjin achten allinne op 'e tram nei Drachten. As er te Feanwâlden oankomt fynt er allinne syn eigen fyts. Dy fan Hinke is der net. Se is him grif al in tram yn 't foar west en sit faaks al op 'e Wylp. Oerstadich fytst er troch de koele jûn nei hûs, mei soms wat fan in befrijd gefoel. No is der neat mear dat him behindert om te gean wêr't er mar wol. No kin er op syn doel ôfgean, sûnder rekken te hâlden mei de triennen fan Hinke.

De oare deis besiket Luertske him wol nei Hinke ta te praten, mar Lútsen jout gjin krimp.

Willem seit dat it mar goed is dat de ferkearing út is. ‘It wie ek in spul fan myn kont. Lútsen is in skosse en dan moat it ienris speak rinne.’

Luertske hat altyd wakker meifrijd en it sil har muoie as dizze ferkearing útskuort, omdat it fanke net nei Dútslân wol. De jonge siket syn bêst en dêr mei it fanke him net yn tsjinstean. Sels soe se ek leaver hawwe dat er thús bleau, mar as er dan perfoarst nei Dútslân wol, hat se der frede mei.

‘Lútsen is in oppassende jonge. Ien mei in doel en in goed ferstân. Hy

[pagina 48]
[p. 48]

is no âld en wiis genôch om sels te witten wat er wol.’

Dy sneontejûns sit Lútsen wer op 'e Wylp. Dêr wurdt er mei koelens ûntfongen. Hy kuiert mei Hinke de reed del, oer Stinstra-State nei de Efterútlannen. It is in stille, soele neisimmerjûn. Tegearre steane se in skoft oan 'e Sûr Ie. Dêr hellet er har oan. Mar by Hinke komme de bange dreamen fan de reis nei Dútslân wer boppe.

‘Ik wol it besykje,’ seit Lútsen. ‘As it my net goed taliket, bin ik miskien mei in wike as wat werom. Mar ik wol net altyd de hân ophâlde en fan de mienskip libje. Ik wol earlik myn jild fertsjinje. Hinke lit har fan Lútsen syn earlik besykjen oertsjûgje. Hy oerwint syn skrutenens en hellet har feller oan. Boartsjend en frijend rinne se it paad werom.

It is yn de twadde wyks fan septimber as Lútsen de reis nei Dútslân oangiet. Op in moandeitemoarn hat Luertske de koffers klear stean yn 'e keamer. Se makket noch in tas mei iten klear en triuwt him op it lêste momint noch fan alles ta, dat him dêr yn 'e frjemdte fan pas komme kin. It giet Luertske dochs noch even oan. ‘Datst sa dyn eigen bêst sykje moatst,’ krimmenearret se.

‘It bêste is faak net it noflikste,’ seit Lútsen flink.

‘Der moat wat kriich yn sitte, mem.’ seit Willem. ‘Der binne troch de tiid hinne safolle west dy't nei Dútslân gien binne te arbeidzjen. It is ek wolris goed dat er fan hûs komt en de fuotten by in oar ûnder de tafel stekke moat.’

‘Do hiest oars fan 'e wike in ryksdaalder mear krije kinnen yn 'e steun, meidat Juliana har mei Bernhard ferloofd hat.’

‘Wat nukt my dy ryksdaalder. Mussert hat sein, dat de Nederlânse en Dútse flagge tenei njonken elkoar hyst wurde sille. Dat is it iennichste foardiel dat wy der fan hawwe kinne, dat se mei in Dútser trout. Fierder kin dat hiele keninklik hûs my neat skele,’ seit Lútsen ûnferskillich.

‘Mussert, dy namme wol ik hjir sa net neamd ha. En wat it keninklik hûs oanbelanget, dêr meisto dy sa net oer útlitte,’ seit syn heit bestraffend. ‘Hawwe wy ús dêr yn '18 net foar opoffere?’

‘Dy ferhalen sil ik aanst misse,’ seit Lútsen.

‘Do hast my wol ferstien.’

‘Der brekke no nije tiden oan, dêr is '18 noch neat by,’ warskôget Lútsen.

‘No moatte jimme net mear begjinne te tsieren, jim moatte elkoar no sa'n skoft misse.’

Miskien sjoch ik him nea wer, tinkt Luertske, en hat muoite har goed te hâlden. No giet er de grutte wrâld yn. Miskien bin ik wol te mâl mei him

[pagina 49]
[p. 49]

en is it goed dat er ûnder ús wjukken wei rekket en leart op eigen skonken te stean. It binne gedachten dêr't se harsels mei besiket te treasten. No is er noch thús en hat se al it gefoel fan in leechte yn 'e hûs. Bidde sil se foar him en syn behâld.

Willem docht as is der neat te rêden. Hy giet der fan út dat de jonge mei gauwens wer thús is. Hy hat noait safolle fidúsje hân yn Lútsen syn ûndernimmens. Hy hat fan pake Lútsen, hin-en-wer as de wyn en libje yn kleare ûnskuld foar de wrâld om him hinne.

Lútsen hat al in pear dagen roppen dat er de dei segenje sil dat er fuort kin. Dy moandeitemoarns fielt er him ûnwis. Hinke komt om him út te weauwen. Tsjin alven stiet Lútsen reisfeardich. Oan elke hân in koffer.

‘Dêr kinsto net mei nei de stêd ta rinne,’ seit Hinke.

Se set de koffers op 'e fyts en bringt him op 'e trein.

Op it stuit dat se it paadsje út rinne stowe de bern de dyk út en roppe ‘In Zeppelin, in Zeppelin.’

Ald en jong draaft nei de terphichten om it loftskip te sjen. It is in ballon sa grut as in tongerwolk, dy't oer de Ealsumer Mieden oansilen komt. As it ding al tichtby is, sjogge se minsken yn 'e koer dy't der ûnder hinget. Se weauwe. De Zeppelin fljocht rjocht oer it doarp hinne, de kant op nei see.

‘Wêr moatte dy lju no keare?’ freget Jan Bolhuis syn wiif.

‘Dy fleane op Ingelân oan,’ leit Lútsen út.

‘Leit Ingelân dy kant op?’

‘Ja,’ roppe de bern.

‘En wêr komt er dan wei?’

‘Ut Dútslân,’ seit Lútsen.

Mei ferwûndering steane se de grouwe sigaar nei te sjen, oant er as in stipke weiwurdt boppe de see.

‘Kleare spionaazje,’ seit Former, dy't in earmfol fûken nei de boat bringt.

Lútsen sjocht him ferneatigjend oan en seit ‘It bêste mei dyn fiskerij, Moazes.’ Dan draait er him om nei de minsken en seit ‘Jimme sjogge myn âlde bonken hjir net wer.’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken