Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

15.

Dat wrede waar, dêr't Lútsen sa bang foar is, lit net sa lang op him wachtsje. It wurdt alle dagen mear klûmerjen. Mar mids desimber is it minskewaar op. Dochs reizget Lútsen alle dagen nei it slyk. Alle moarnen giet Luertske der earst ôf om him te roppen. It begruttet har soms slim om 'e jonge, mar tagelyk pleitet se tsjin har gefoel yn foar syn eigen bêst. Soms stiet se wol fiif kear ûnder de Ijerre te roppen. Alle kearen

[pagina 75]
[p. 75]

kreunt er. At er nei de fyfte kear noch gjin risselwaasje makket, giet se omheech, triuwt mei it skouder it fal op en ropt mei de holle skean troch it falsgat foarsichtich de lêste fermoannings oer de souder. Wilens er him oanklaait moat se him oanfiterje en moed ynsprekke. Luertske rist en reaut mei fjoer en wetter, makket syn tromp mei iten klear en set tee en kofje foar de termoskannen. Se pakt alles yn 'e tas en bynt dy efter op 'e fyts. As Lútsen reisfeardich is, stiet alles foar him klear. Yn 'e bûthúsdoar lûkt er de mûts oer de earen, knopet de jas oan boppen ta ticht en lûkt de wanten oan. As er stiif yn it pak op 'e fyts stapt krimmenearret Luertske oer it hurde en wrede libben. Dan riidt er yn neare nacht de dyk út yn in taaie wyn op. Dat makket him foargoed wekker. Yn dy bewustens fan in bitende kjeld ferflokt er syn bestean. It trage gûnzjen fan de dynamo sjongt him troch de kop. De wyn gûlt en tongert him op 'e earen.

By Wetsens begjint alles oan him te gloeien. Te Mitselwier brekt it swit him út fan de stive pluk yn 'e wyn op. Fierderop, as de bewegings fan it traapjen ientoanich wurde en hy de fuotten as in automaat op en del docht, komt him wer yn 't sin hoe't syn mem de foarige jûns wer kliemde oer alles wat west hat. Hoe mis it allegearre is wat er dien hat. Dat er net nei Dútslân moatten hie. Syn learen mislearre. Syn takomst net sa roaskleurich. Wer wie it praat útdraaid op Hinke. Dat it fanke no yn sûnde libbet. Dat no pas bliken docht dat der gjin grûn yn dat fanke sit. Dat er it mei oan himsels te witen hat. Dat er it net fertsjinnet dat it fanke sa hannelt. Dat se har net begripe kinne dat it fanke har no oan in âldfeint ferslingert. Ien en al fermoannings en begrutsjen om him. Weeklachten en krimmenaasjes sûnder ein. Se witte net hoe slim at er har mist. Mar dat se der alle kearen alwer oer begjinne te jeuzeljen en skuldfragen sykje yn de leechten fan harren eigen fermoedens, dat makket it foar Lútsen ûnferdraachlik. Hy ferwyt himsels dat er Hinke net goed behannele hat. Mar dat is in skuldgefoel dat pas losweakke doe't Hinke har yntrek naam by Former. In skuldgefoel, him ynjûn út oergeunst. Former hat him alles ûntnadere, oant syn selsfertrouwen ta. Ienris efter de dyk jout er him yn it skiere moarnsljocht ôf mei Jan Band as maat. Tegearre skowe se in ôfladen slykslide fol gereid en skânsrys troch de goatte bylâns de riisdaam. Se ha in stevige pûster yn 'e rech at se ûnder it skûl fan 'e dyk wei binne. Yn it westen kleuret de loft blaugriis. In foarteken fan noch mear kjeld.

Jan Band seit ‘Wy krije hjoed in snuver.’

Tegearre moatte se in nije wjok op 'e ein fan in ferrinnewearre riisdaam

[pagina 76]
[p. 76]

slaan. Yn in plimke wetter souskje se de kûlen, dêr't se de pealtsjes mei hânhei en slaai teplak batse. Dêrtusken bewâdzje se it fine riishout en kramje de boel oan 'e boppekant ôf mei tried. Tsjin it wetter sil it wol bestand wêze, mar as der iisgong komt op it wâd, sil it der takom maitiid ferpulvere hinne lizze.

As de loft begjint te driigjen en de slide moai leech rekket, ornearret Jan Band dat se de skûle mar op 'e slide slaan moatte. Dan ha se plak om de slimste buien ôf te skûljen. De slide wurdt tusken de souskstokken fêstset en it skûlseil wurdt om 'e ramten hinne spand. Se kinne de waarmte amper beskrippe, sa gnobkâld wurdt it. De wyn snijt harren yn it gesicht. De kjeld fan it izige wetter, dat harren op guon plakken oan 'e knibbels ta komt, giet dwers troch de learzens hinne en lûkt yn it pak omheech troch it hiele lichem. Mar nei de wâl om wat op ferhaal te kommen, kinne se ek net. Se sille op syn minst in healoere ûnderweis wêze, om yn 'e smoutte fan 'e dyk te kommen. En dan moatte se ek werom. Der sit neat oars op as trochsette, om foar heechwetter de boel klear te hawwen. It is al slim genôch as ien fan harren pisje moat, of noch slimmer, út 'e broek. Want dan is it dêr op 'e romte om dea te gean. Der komme heilbuien en net sunich. De wyn hellet oan. Jan krûpt skrousk, as is er siik, yn it skûlseil en leit mei de skonken heech oplutsen yn 'e slykbak op in nust skânsbosken te klappertoskjen.

Op it stuit dat Lútsen him njonken Jan deljaan wol, komt der in swiere wynpûst. Der knetterje grouwe heilstiennen yn it seil. Troch de wyn trillet de slide en sjit los út 'e souskstokken. Lútsen kriget in trewinkel en rekket ûnder fuotten. Hy klaut oan 'e earmtakken ta yn it slyk. De slide slacht troch in bats wetter en sylt troch in slinke it slyk op. Lútsen wol der efteroan, mar de slide is net te berinnen. Jan raast, mar de slide is yn in omsjoch fuort. De wyn gûlt op 'e riisdaam. De heil pikt Lútsen as skerpe snaffels yn it gesicht. It ferblinet him. Hy krûpt troch it slyk, oant er hâld fielt oan ien fan 'e peallen.

It iennichste wat er op dat stuit noch dwaan kin is raze ‘Spring der ôf, bliksem. Spring.’

Mar dat is al te let. De slide is al te fier. As Jan fan 'e slide springe wol, driuwt de boel al yn it wetter en wurdt as in skipke in brede slinke oer jage. Der stiet net folle wetter, mar it tij is alwer yn 't opkommen. Lútsen stiet yn 't slyk te wrakseljen om efter de slide oan. Der is gjin begjin-nensein oan. De dyk is amper te sjen, sa tsjok wisket de heil oer it wâd. Mei lijen klaut er wer nei de riisdaam en sjocht machtleas ta hoe't Jan hieltyd fierder fuort rekket mei de slide. Lútsen raast yn 'e wyn op. Der

[pagina 77]
[p. 77]

is gjin minske dy't it heart. It folk, dat rûngear op 'e ekers de snijende heil ôfskûlet, heart neat. As it even lichtet sjocht Lútsen GelfVanger, de putter, stean. Mei de bûsdoek oan 'e piketstôk jout er it sein dat se ophâlde moatte en dat it ark fêstset wurde moat. Lútsen wol net earder fan 'e kop fan 'e riisdaam gean as wannear't er wit dat Jan himsels rêde kin. Om help út, dat sil tefolle tiid fergje. Hy wachtet it slimste fan 'e bui ôf en giet dan baaiend it slyk op. Jan is út 'e slide klaud en wrakselt him yn 'e mjitte. Hy sjocht hoe't er stykjen bliuwt yn in brede slinke. Even strykt der in bleke stripe sinneljocht oer it wâd. Lútsen balt, mar Jan jout gjin azem. Hy hat de grutste muoite om foarút te kommen. De putter stiet noch te swaaien. Guon grippelders steane mei it ark yn 'e loft en jouwe it teken dat se werom komme moatte. Mar Jan is te fier fuort, dat er him allinne rêde kin. Dan klaut Lútsen by de riisdaam lâns om help. Mar it wetter komt al heger. It soppet troch de goatten by de daam lâns. De putter swaait wer. Lútsen swaait werom. Hy wrakselt yn 'e felle wyn op. Troch it trieneagjen kin er de slykslatters en de putter net mear sjen. De hiele kust wurdt ien grize streek. Der falt wiete snie. Dat makket him in momint helder. Hy sjocht efterom. Jan is net mear te sjen yn it needwaar. Lútsen moat gûle fan wurgens en ûnmacht. Hy wit net wat er dwaan en litte moat. Der komt in gefoel fan riedeleazens by him boppe. Hy besiket te razen, mar syn lûd slacht oer en hy kochelt him de slimen út 'e hals. Nei de wâl gean is in maat loslitte.

Hy giet werom nei de ein fan 'e daam. De bui sylt ôf. Jan stiet noch dêr't er stiet, yn it slyk ferankere en oan 'e mul ta yn it wetter. It liket as swaait er, mar it kinne ek bewegings wêze om him út it slyk te wrakseljen. Even liket it as komt er tichterby, mar it is it opljochtsjen, dat him sa't liket neier bringt. Lútsen weaget him hieltyd fierder, mar op in stuit komt der in flap wetter om him hinne, dat er muoite hat om op fuotten te bliuwen. De wyn jaget it wetter op en yn in omsjoch is der gjin slyk mear te sjen. Lútsen klaut werom nei de daam. Deawurch lit er him tsjin 'e wjok oan falle. Hy raast út alle macht. Hy gûlt as in bern. Oer it slyk sjocht er de mannen ôfsetten, as ha se neat yn 'e gaten. It wetter skolpert al tusken de peallen. It komt al heger. De ûndergrûn begjint him op te jaan. It sân begjint te driuwen. Der komt wieling yn it wetter. In momint sjocht Lútsen de dea foar eagen. It grypt him oan. Hy trillet. De fuotten skodzje him yn it wetter. Der is noch mar ien útwei, nei de dyk. Miskien dat se Jan mei de pream út 'e slinke helje kinne. De sinne set it wâd in pear tellen yn in felle skittering, dat it de eagen ferblinet. De ein fan 'e daam stiet hast ûnder wetter. Fan Jan sjocht er neat mear.

[pagina 78]
[p. 78]

‘De pream, de pream,’ raast Lútsen.

Hy bliuwt in hoart flau oan 'e kramizers hingjen. It wetter sûget him om 'e skonken. De opkommende floed spat al oer de slykdammen. Yn in omsjoch is it ien en al see, mei hjir en dêr noch in stikje riisdaam boppe de weagen út. Lútsen wrakselt om dea.

Dan hawwe se him fan 'e dyk ôf yn 'e kiker en komme him mei de kat oan 'e line temjitte.

‘Jan Band is mei de slide fersyld,’ ropt er.

Guon fan de helpers wolle mei de line it wâd op om Jan.

‘Dat kinne jim net bedjipje, der moat in pream komme,’ raast ien fan 'e mannen. Dan slepe se Lútsen mei mannemacht nei de wâl. It lêste ein drage se him fjouweresom op in stienberje oer de sompige kwelder. Hy sweeft at se mei him oer de dyk soeie nei de keet ta. Dêr wurdt er njonken de direksjetafel dellein. Hy docht oars net as roppen, dat se om Jan út moatte.

De putter GelfVanger, Arjen Dykstra, Muonte Gardenier en Gerke de Jong avesearje mei de motorpream troch de Wierumer slinke, om bûtenom efter it slykfjild te kommen, mar fan Jan Band fine se gjin spoar.

Se bringe Lútsen siik thús. Yn it alkoof leit er in deimannich te dwyljen en te switten. ‘De hûd fol kjeld,’ seit dokter. Sa wurdt it wreedste fan it slykjen him ûnthâlden. Om krysttiid falt de winter der yn en moat er wer te stimpeljen.

Twa dagen nei it ûngemak waard it lichem fan Jan Band fûn yn it lij fan de Raskespolder, krekt foarby it Boatsgat.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken