Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

16.

Dy winter ruilet Former de âld foarhuzing op it Heech mei de went fan Akke, de widdo fan Jan Koal, op 'e Tsien Geboaden. It spul stiet oan 'e Ealsumerfeart, healwei de Heabrêge en it set fan Manus. De widdo wol wat mear tusken de minsken, no't Jan de put der út hat. Jan hat jierren fêste hekkelder west foar it wetterskip en jage yn syn frije tiid. Mei it hûs kin Former de pacht fan syn jachtgebiet der by oernimme. It hûs stiet poer op 'e romte, yn in knik fan 'e reed. Former hat wakker belang by it spul, omdat it sa nei oan 'e feart leit en hy net altyd mear mei it ark by de terp op hoecht te toaien. De boat kin foar de wâl en der is plak foar in grutte driuwbeun, dy't er yn 'e gloppe fan 'e feart lizze kin, om

[pagina 79]
[p. 79]

fisk te bewarjen. It hûs is mar lyts, mar der is in fiks hok by, dat plak jout oan it gereid. Boppedat is er wat tichter by it fjild. It wennet dêr frijer. Der is nimmen dy't harren dêr op 'e hannen sjocht. Former wol foar de winter ek wol fan de grutte sigerige foarein fan Mockema-State ôf. Op in dei tusken Krysttiid en Nijjier sille se beide op itselde stuit ferhúzje, dat se elkoar op 'e púndyk temjitte komme. Dan kin elk mar sjen hoe't er fierder ûnderdak komt.

It is krekt foar de krystdagen, as Hinke op in kâlde moarn foar it west-like finster yn 'e keamer sit te skriuwen. Se wol heit en mem skriuwe, dat se meikoarten mei Former trouwe sil. Se sjocht yn 'e skiere wolkens op, dy't út see wei oer it lân skowe. At se nei in stik wat probearsels it boadskip oan it papier tabetroud hat, fynt se it ynienen te gek, om it as brief op 'e post te dwaan. Former hat al in pear kear sein dat se nei hûs gean moat om it sels te fertellen. Safolste mear kans sil der wêze, dat de âldelju der mei ynstimme. In brief sil harren kopskou meitsje, hat er sein. Dan ferskuort se alle skriuwsels en bliuwt in skoftlang efter in skjin fel papier sitten mei gedachten dy't har net yn skrift bestjurje litte. De hiele dei pakt se der mei om. It is al op 'e jûn, as de ûnmacht har op in stuit kiezzich makket. Ynienen is se beret. Hastich klaait se har oan en raamt de fyts út it hok.

‘Wat silst no?’ freget Former.

‘Nei hûs. Ik sil it harren sels fertelle.’

‘Wês foarsichtich,’ seit er. ‘Do kinst it gau foar ús beiden bedjerre.’

‘Hoe moat ik mei sa'n boadskip foarsichtich oankomme?’

‘Wurdt net lulk. Jou de âldelju de tiid om der oer nei te tinken.’

‘Se ha no tiid genôch hân,’ seit Hinke fel.

‘En at se gjin tastimming jouwe?’

‘Dan sis ik dat wy moatte.’

‘Dat is dochs ek sa?’

‘Ik hâld it allinne as in drigemint efter de hân. Ik hoech harren, en fral ús mem, ek net mear sear te dwaan as heechst needsaaklik is.’

‘Dus, at se nearne nei freegje, makkest se ek net wizer?’

‘As ik it no sis, as dat se der letter efter komme, kjel wurde se der dochs fan.’

Former stekt in hân omheech en seit ‘Moatst it spul de groeten dwaan.’

Se stiet mei de fyts op 'e râne fan 'e terp, rjocht foar it steile paad nei ûnderen. Even is der it antlit fan heit, dat har der fan wjerhâldt om te gean. Wat moat se sizze? Hoe moat se der mei oankomme? Se sjocht heit al. Wis en beret sil er it ôfwize. Miskien stjoert er har it hûs út. It sil

[pagina 80]
[p. 80]

de earste kear net wêze. Hoe binne se net mei de koppen tsjin elkoar stood. Se is bang dat se fan in sljochte reis thús komt. As moat se wat yn harsels oerwinne. Se stapt rimpen op en lit har dinderjend by de steilte del rûtse. Se heart Former noch efter har roppen ‘Wolst in miskream ha?’

Wyld trapet se it Leech troch. In wrede, kâlde bui jaget har foar de wyn del nei Sybrandahûs. Op 'e Mosk en by de reedhúskes sjocht se de lju nijsgjirrich by de finsters op te gowen. Mar oer de tonge geane se dochs, en dy wittenskip hat har ûnferskillich makke. De lju, dêr kin se har neat mear fan oanlûke. It doel, dêr hat se mear noed mei. Thús stiet se even yn 'e stoepe út te hymjen. Se wit net oft se folk roppe sil, of dat se yn ien reis nei de keamer trochrinne sil. Ik f iel my skuldich, tinkt se. Se slûpt it hûs yn. Troch it tsjustere gonkje, dêr fiert se foarsichtich de keamers-doar iepen. Mem sit by de tafel.

‘Hinke!’ ropt se bliid en ferwûndere tagelyk.

As heit yn 'e keamer komt, nimt er letterlik en figuerlik de kjeld mei. Hy docht earst as sjocht er Hinke net. Hy sit al lang by de tafel, dan byt er har ta, wilens er op noch omsjocht ‘Soa, komst mei hingjende poatsjes werom?’

Hinke swijt.

‘Of bist wat fan ús nedich?’

‘Ik bin wat fan jim nedich,’ seit Hinke dryst.

Se hat har foarnommen dúdlik te sizzen wat se op it hert hat. Gjin berie, gjin twivels. Rjocht op it doel ôf.

‘Tocht ik al,’ seit heit. Der klinkt wat fan in oerwinning yn syn lûd. ‘Ast yn 'e need sitst, komst wol wer. Dêr wachten wy op.’

‘Ik sit net yn 'e need en ik wol net werom, mar ik moat jim wat fertelle.’

‘Fertelle,’ laket heit smeulsk.

‘Wat dan wol, fanke?’ freget mem.

‘Ik wol mei Former trouwe, en dêrfoar bin ik jim tastimming nedich.’

‘Dat krigest fan my net,’ seit heit strang. ‘Do hast op it houlik foarút grepen. Do libbest mei him yn sûnde.’

‘Dan wit ik wêr't ik oan ta bin.’

‘Hoe doarst hjir te kommen mei sa'n boadskip.’

‘It is my in fraach wurdich.’

‘Dat freget ynkear,’ seit heit.

‘Dus net?’

‘Nee.’

‘Dan wit ik wat my te dwaan stiet,’ seit Hinke beret en dêrby lit se har

[pagina 81]
[p. 81]

stiif en ûnferskillich mei de rêch tsjin it bedsket oan falle.

Terpstra sjocht stiif foar him út. It is izige kâld yn 'e keamer. It lampeljocht blinkt kil yn 'e spegel.

‘Dat wy dit noch beleve moatte,’ klaget mem.

‘It is dochs gjin deasûnde, dat ik trouwe wol.’

‘Mar sa oerhastich. Dyn ferkearing mei Lútsen is noch mar krekt út. Koest net iens ôfwachtsje dat de jonge werom wie út Dútslân. Wilens de jonge dêr yn 'e frjemdte siet hast him ôfskreaun,’ seit frou Terpstra.

Har heit falt der op yn ‘Of wiest doe al fan doel te dwaan watst ús no foarleist?’

‘Moat dit no staf oer nacht?’ freget mem. ‘Kinne jimme net in jier wachtsje. Dan kinne jimme elkoar better kennen leare en witte wat jim oan elkoar ha. Kom dan wer by ús yn 'e hûs.’

Terpstra skoot de stoel rimpen efterút en seit ‘Dat net.’

‘Wy kinne net weinimme wat der west hat. Wy kinne net goedfine datst mei him ûnder ien dak gien bist. Mar nim de tiid om ta ynkear te kommen. Wat moatte Lútsen syn âlden hjir ek fan tinke?’

‘Ik hoech Lútsen syn âlden gjin tastimming te freegjen.’

‘Ik fyn it fertocht,’ seit heit. ‘En dan sa'n frijtinker, dy't libbet sa't it himsels oankomt,’ grommet Terpstra.

‘Jimme kinne it my net wegerje,’ seit Hinke mei oertsjûging. Se fielt ynienen dat se fjochtsje moat en dat se har ein net slûpe litte moat.

‘Hoesa?’ freget mem ferheard.

‘Ik wegerje it al, en mem tinkt der krektlyk oer,’ seit heit. By dy wurden sit er mei de rêch nei har ta.

‘Ik moat in bern fan him ha,’ lit se har dan ûntfalle. By dy meidieling behearsket se even harsels net mear.

De âldman draait him in heal slach om. Hy sjocht har ferbjustere oan. Mem gûlt.

‘Dêrmei hast ús foar it blok set,’ seit er lulk.

It is gâns in skoft stil yn 'e keamer. De klok tikket mei hurde droege tikjes

Dan seit mem snokkend ‘Al hoe't it my ek spyt, al hoe sear ast ús hjir ek mei dochst, as der in minskelibben yn begrepen is, meie wy it net langer tsjinstean.’

‘Ik hie fan dy fint net oars ferwachte,’ seit heit ferachtlik. ‘It hat him der om te dwaan west. Ik ha altyd sein dat er net te fertrouwen is. Der sit gjin grûn yn. Sokken binne ta alles by steat. Se libje as bisten. Doe't syn mem noch libbe, hâlde dy de boel noch wat yn 'e balâns. No't dy út 'e

[pagina 82]
[p. 82]

tiid is libbet it der mar wat hinne. Dêryn hat er dy meisleept. Hoe sil it ek oars. Ut hokker djerre is er bret. Dat wit dochs nimmen.’

‘It is myn skuld, ik bin nei him tagien.’

De âld man wurdt wrantelich en seit ‘Jonge ja, de skuld ek noch op dy nimme foar dy woesteling. Skamje dy!’

‘Hiest mar wat mear geduld mei Lútsen hân, fanke. De jonge is no al werom út Dútslân. Do wiest fierste gysten. Hiest gjin geduld. De jonge hat alles dien om oan wurk te kommen.’

‘Ik wol Lútsen net. As ik mei him troud wie, wie ik tsjin it sin troud.’

‘Dêr hiest yn alle gefallen in gelovich man oan krigen,’ seit mem.

‘Op 'e lange doer komt it mei Lútsen wol ynoarder. Dy jonge sit in goede kop op, en hy wol wat,’ seit heit.

‘Ik wol 'm net. It is in wilewaal.’

‘Dizze sil better wêze.’

‘Ik hâld fan him.’

‘Do hast op it houlik foarút grepen. Hast dyn kânsen net ôfwachte.’

‘Ik moat kieze tusken jimme of Former. Ik ha myn eigen bêst socht. Jim kinne my no net mear tsjinhâlde.’

‘Datsto it sa fan ús winne moatst,’ seit mem.

‘Ik kin it net keare,’ seit Hinke. ‘It is myn wei.’

Dan is it wer in skoft stil yn 'e keamer. De ûnbeweechlike skaden meitsje Hinke ûnrêstich. Der sit wat ûnbûchsums yn de hâlding fan de âlden. It fljocht har oan. As sil se alles ferlieze en wolle se har alles út hannen slaan. Om de stilte fan it tergjende swijen te brekken seit se ‘Wy wolle meidertiid nei de feart ferhúzje. Dêr hat Former it ark tichter by it wetter.’

‘De breafisker,’ skampert heit.

‘Hy kin der in húshâlding fan ûnderhâlde. Hy hoecht net yn 'e steun. Nearne hoecht er de hân op te hâlden.’

‘In streuper is 't. Mei liepens komt er oan 'e kost. Mar hoe sil 't ek oars, sûnder heit en foar wyld opgroeid.’

‘Dat er gjin heit hat, kin er ek net helpe,’ fjurret Hinke fan har ôf.

‘Mar it wiist der wol op út hokker nêst at er komt.’

‘Ik hâld fan him.’

‘Do bist blyn. Hy hat dy de kop gek makke en do bist der ynflein.’

‘Hy docht earlik syn wurk, heit.’

‘Wy kinne der no neat mear oan feroarje,’ seit mem berêstend.

Dat sizzen falt as in wiis wurd yn 'e keamer. It makket in ein oan it bekfjochtsjen. Mem wol Hinke net langer tsjinstean.

[pagina 83]
[p. 83]

‘It fanke sil de kommende tiid noch genoch yn 'e wyn krije.’

En dan tsjin Hinke: ‘As it dyn doel is, moatte wy it oerjaan.’

De âld man grommet der noch in skoftsje tsjinyn, mar syn ferwar wurdt hieltyd mear ûnfersteanber. Syn argewaasje liket stadich fuort te êbjen yn in kalme see. Swijend sitte se noch in skoftsje by de tafel, as is der gjin wurd mear te sizzen, mar moatte se wenne oan de gedachte dat de saken in oar berin krije at se tocht hiene. Trije minsken, fongen yn in lytse hoep fan ljocht, mar sa fier útelkoar groeid, wat it libben oanbelanget.

As Hinke fuort sil, seit mem yn it efterhús, dat it goed is dat se mei gauwens ris mei Former delkomt. Se begrypt dat it fanke harren no mear as nedich hat.

‘Hy is wolkom,’ sis dat mar.

Se heart heit út 'e keamer wei der noch tsjinyn lizzen, al kinne de froulju net goed hearre wat er wol bepreuvelt.

Der falt wat wiete snie as Hinke it hiem del glystert. De reed is besnijd. Hinke sjocht mem noch even yn in krânse fan ljocht tusken de gerdinen stean, de hân wiuwend omheech. As mem der net west hie, tinkt se. Se wit dat dy har helpe sil. Heit net, dy is sa rjocht as in lineaal. Mem moat him altyd oer de streek lûke. Se sil noch dagen tsjin him oanprate moatte om him oan it ferstân te krijen dat it libben wolris oars rint as hy tinkt. At se it paad by de transformator ynslacht, sjocht se farske fuotleasten yn 'e kwalsterige snie. It ljocht fan de strjitlampe glinstert kâld op 'e richels. Amper is se oan it Leech ta, dan springt der immen by har foar de fyts en kriget har stjoer beet.

‘Lútsen,’ seit se kjel.

‘Ik moat mei dy prate.’

‘Ik ha mei dy neat te bepraten.’

Hy skuort har de fyts út hannen en seit ‘Mar ik wol mei dy.’

De fyts keilt oer it paad.

‘Lit my los,’ kryt Hinke. Se wrakselt om fuort te kommen.

Lútsen lûkt har stiif tsjin him oan ‘Wêrom koest net op my wachtsje. Do hiest it fansels al lang foarelkoar mei Former, doe siet ik noch yn Dútslân. Dit wie opset spul. Wêrom giest oars dalik mei him ûnder ien dak. Wie dat ôfpraat of net?’

Hy triuwt har op 'e rêch yn it besnijde gers.

‘Asto it sa winne moatst, bist in ferliezer,’ seit se.

‘Wat hiest my beloofd, doe't ik nei Dútslân gyng? It wie berekkening fan dy. Do hast my bedondere.’

[pagina 84]
[p. 84]

Mei de bûslampe ljochtet er har yn it gesicht en seit ‘Ik wol dy noch ienkear sjen sa'st neaken bist, eardatst dy oan dy Former ferslingerst.’

Se knippert tsjin it felle ljocht en smeket ‘Lit my gean, Lútsen.’

‘Ik lit dy gean. Mar earst wol ik dy sjen sa'st biste.’

Dan skuort er har alle klean út, dat se neaken foar him yn it kwalsterige gers leit. De kjeld byt har yn 'e rêch. It flimet har troch it lichem. Ut ferwar slacht se him, skopt him tsjin it gesicht. Lútsen is dwers troch alles hinne. Mei de bûslampe beljochtet er har.

‘Hast no genôch?’ freget se nidich spottend. Se komt oerein en stiet neaken foar him. Dan siket se de klean by elkoar.

Lútsen knypt de lampe út en wurdt hastich wei yn 'e nacht. Hinke wol har oanklaaie, mar kin yn it tsjuster net fine wat se oanlûke moat. Se heart de doar slaan by Lútsen en har. Dan flechtet se yn it tsjuster nei hûs, de wiete klean yn in trûdeltsje ûnder de earm. Se berget de fyts yn 't hok en strûpt dêr de wiete klean oan 'e lea.

‘Wat sjochst der út,’ seit Former.

‘By de Mosk rekke ik de reed bjuster yn it tsjuster en kaam yn 'e sleat telâne.’

Hy helpt har yn 'e droege klean. Se kin him net fertelle wat Lútsen har oandien hat. Dêrom betinkt se in leagentsje. De wierheid sil te gefaarlik wurde foar dy beide.

Om Nijjier hinne ferlitte se it Heech en trouwe yn alle stilte op it gemeentehûs te Mitselwier yn it bywêzen fan Hinke har âlden en Aant. Al hoe't Hinke har âldelju der ek op tsjin west ha, de natuer blykt wer sterker te wêzen as de leare. Dy jûns sitte se noch in skoft byelkoar yn it húske oan 'e feart. It is in koel byelkoar wêzen. Se moatte noch oan elkoar wenne. Tsjin tsienen giet de besite mei ljochtmoannewaar op hûs yn.

Mem hat sein dat se harren en it bern dat op kommendeweis is, oan 'e Heare opdrage sille yn it gebed, alle dagen wer. Dat jout Hinke it gefoel dat se der by hearre en de âlden harren yn it hert sluten hawwe.

De winter komt Former en Hinke yn 'e jannewaris-moanne wreed oer 't mad. It friest alle nachten fûl en de mollen binne net mear benei te kommen. Yn 'e feart leit wol in jelne iis, sizze de lju, dy't fan 'e gemeente de bitten kapje moatte. It friest guon nachten sa fûl, dan stiet de teetreppot moarns oan 'e boom ta beferzen op 'e tafel. It iisfiskjen hâldt ek al mei gauwens op, want de bitten binne net mear iepen te krijen, sokke djippe iisgatten wurde it.

Dan hellet Former op in dei it gewear foar it ljocht. De blaustielen loop

[pagina 85]
[p. 85]

blinkt kâld as hy der mei by de tafel stiet. ‘Do meist sa'n felle winter net jeie,’ seit Hinke.

‘Wy moatte itende bliuwe.’

‘Sjochst ommers gjin bist yn 't fjild. Oars net as winterkaen, brutale roeken en in ferdwaalde houtakster.’

‘Dat is genôch om fan yn libben te bliuwen.’

‘Mar ik wol gjin roek ite.’

‘Priuwst neat fan. Smakket krektlyk as ein.’

‘Ik wol gjin roek.’

‘Ik fyn wol wat.’

‘Oars silst yn 'e steun moatte.’

‘Ik lij leaver hûnger, as dat.’

Hy slacht it gewear in pear kear mei wisse klikken iepen en ticht en leit der patroanen yn. ‘Wat ha ik froeger wat winterwyld sketten mei Wytze Raap fan Driezum. Dan gyngen wy nei it Feankleaster of nei de Driezumerterp. Dêr skeaten we dowen en patrizen, mar ek wol eksters en roeken.’

‘En dy ieten jim op?’

‘Jawis. De hûnger leart de bear dûnsjen.’

‘Moarnier gean ik der op út,’ seit er beret.

‘En at se dy pakke, wat dan?’

‘Dan krij ik proses en bin ik it gewear kwyt.’

‘Dus, dan binne wy noch fierder fan hûs.’

‘Mei safolle kjeld sjochst Veldstra net yn 't fjild.’

‘Se kinne dy ommers út 'e fierte wol hearre. Se hoege mar op 't lûd ôf te gean.

‘Wy moatte dochs iten yn 'e panne ha. Ik kin dy hjir net ferhûngerje litte, salang't der noch safolle roppige hazzen yn it fjild omstrûpe. Der sitte op guon plakken protten einen oan 'e feart te klûmerjen. Dy bisten ferhûngerje. Dea geane se dochs mei safolle winter, en dat sûnder iepen wetter.

Hinke blaast in kykgatsje yn 'e iisblommen as Former de oare deis mei it gewear fan hûs giet. Se sjocht him efter de reidkraach fan 'e feart lâns glibberjen. En as er út it sicht rekket, bliuwt se wach stean te harkjen, oft se faaks út 'e fierte in skot fan him hearre kin. Mar hoe lang at se ek harket, it bliuwt stil.

It is al op 'e neidei, as er blaubekjend fan 'e kjeld mei in pear úthûngere einen yn 'e moltas thús komt. Se binne ûnderweis stiif beferzen, dat se moatte by it fjoer earst wat linich wurde eardat er se plôkje kin. By it

[pagina 86]
[p. 86]

ljocht fan 'e petroaljelampe, hellet hy de fear der ôf en skroeit de skrale bouten boppe de lampeflam. Der sit suver gjin fet oan. Mar dy jûns giet der in woldiedige geur troch it hûs as Hinke se yn it knisterjende fet sakje lit.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken