Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

32.

It is febrewaris. It hat in lange swarte winter west, mar no is it waar dochs noch omslein. It hat in pear nachten knap ferzen. ‘As it sa wat trochbyt, kin ik mei in pear dagen te iisfiskjen,’ seit Former.

It winterwaar hat him ûngeduerich makke. Op 'e hokssouder hat er de linen byelkoar socht. De aksebile foar it bitkapjen leit skerp njonken de taantsjettel. It fûkfiskjen wie net folle aardichheid mear oan. En om in hiele winter efter de mollen oan, ferfeelt ek.

Op 'e neidei is er nei de Nijhústerpiip stutsen om it pealwurk fan de tichtsetten op te romjen. It hat de hiele winter al sillen, mar eardat de brot stikken friest, moat it no wêze. Hy hat it gewear meinommen, foar it gefal der ûnderweis nochris in haske út 'e wâl spatte mocht.

‘Kinst mei safolle winter net op dy earme bisten jeie,’ sei Hinke.

Mar Former hie de spuit meinommen en sein ‘Gjin loop fergees. Wy moatte troch de tiid.’

Hinke hat him oer it knappende bomiis fan 'e sleat stappen heard. In helder ratteljen, as fan glês. Se hie stil foar it finster sitten te sjen en him neisjoen, oant er efter in reidkraach weiwaard oer Sadelaar syn hege bou.

Der komme wer blommen op 'e ruten. Yn 'e rin fan 'e moarn hat se de finsters mei lijen droech stookt. Se rommet de brol op fan Former syn fûkebreidzjen en leget it jiskelaad. Mei it lege laad stiet se op it efter-hiem en eaget oer it fjild. In wolkje jiske driuwt fuort op 'e wyn. De loft is sûkerskjin. It sil fannacht wer taknipe. Kees en Iebe komme mei in dei as wat mei de molkslide de feart del. Slieren folk sille der middeis foarby komme, op reis nei de stêd. De fleur fan in winter, wa hie dat noch tinke kind. Dat se dêr no gjin nocht mear oan hat, om op redens fuort, mei de kloften folk nei de Dokkumer stedsgrêften te baantsjeri-

[pagina 156]
[p. 156]

den. Ik bin in húshin wurden. Alle fleur en fertier, it giet oan har foarby, salang at se troud is. Se stiet noch even foar de útdoar en sjocht it fjoer fan de lette middeissinne driigjend oer it wytferzen fjild. It glinstert en spegelt fjurrich. Se huvert at se har yn 'e keamer opwaarmet mei de earms klûmerich om 'e kachel stutsen. It wurdt tsjuster yn 'e keamer. Der rattelt in wein foarby mei molkbussen. De tsjellen brekke troch it iis fan de spoaren. Boppe de feart skrasse brutale roeken. It fjoer yn 'e kachel ferfalt ratteljend. Se poarket de kachel op en smyt in pear izer-mantsjes yn 'e gleonte. Der komt nije gloede. It rikket troch de ringen. Yn 'e keamer begjint it bittersoer te rûken, dat it har yn 'e noasters begjint te prykjen. De kachel grânzget. It fjoer knapt yn 'e piip. As Former aanst ferklûme thúskomt, moat it waarm wêze. Jûn sille se tegearre yn in lytse hoep fan ljocht ite en harkje nei de lûden fan bûtenôf. It kreakjen fan it iis yn 'e feart. De stappen fan ien fan it feartsfolk, dat noch let op 'en paad is. It stompen fan 'e hynstepoaten op 'e barte fan it set. It sil in hoare en heldere nacht wurde. Se heart de doar slaan. Piter smyt de Dokkumer Krante yn 'e gong. Se sit foar it finster de tiid te ferdreamen. As Former thús komt sil se de lampe opdwaan.

Ynienen is der in skym foar de glêzen. In minske dat om hûs en hear strúnt. Hinke blaast in gatsje yn 'e blommen. Der stiet in frjemde fyts tsjin 'e linepeal. Wer komt dy skym werom, stiet even yn 'e blikke en komt nei it finster ta. Der komt in breed skaad fan in boppelichem tsjin it finsterglês. In wûndere ferskining mei in grutte swarte klots oer de earen hinne. De skym hoasset. Hy blaast syn siken as wolken tsjin it finster. In hân mei in katmofke wisket oer it glês. Syn hurde knoken tikje tsjin it finster, dat it glês rattelt yn 'e sponning. Wat wol dy kearel, dy skym, dy swarte gedaante. Hinke stiet triljend op 'e skonken njonken it kammenet. Kaam Former no mar. Hastich rint se nei de bûtendoar en strykt de skoattel der op. Yn it tsjustere gonkje stiet se te harkjen. Se kin har hert yn 'e earen bûnzjen hearre. De skym klompket mei holle stappen oer it hurde hiem. Se heart him oan 'e hoksdoar. Hy grommelt yn 't hok om, rattelt oan 'e bûtendoar. Se kin no dúdlik hearre dat der ien efter de doar stiet te snuven. Troch it kykrútsje yn 'e gong sjocht se him koart dêrop by de sleat lâns strunen. Wat hat dy ferskining hjir te sykjen. Even letter is er wer foar it keamersrút. Hy ropt wat, dat se net ferstean kin.

‘Ik bin allinne thús,’ seit se. Mear út eangst as om him yn te ljochtsjen. It grutte skaad bliuwt. It hinget as in flearmûs oan it glês. It set de mûle tsjin it rút, dat der oan 'e binnenkant in gat yn 'e blommen teit. Reade

[pagina 157]
[p. 157]

lippen beflybje it kâlde glês. Dan komt der in grut en twingend each foar it gat. In fel glêzich each, dat yn 'e keamer op loert. As komt it troch it glês hinne en beweecht it oan 'e binnenkant yn 'e keamer. De hân mei it katmofke wisket oanientriedwei, as wiuwt dat skaad nei har. Hinke ferskûlet har yn it tsjusterste hoekje njonken it kammenet, mei de rêch stiif tsjin it sket. Se skoddet. As er wol kin er it rút der wol úttriuwe. Miskien kin er it fan bûten ôf wol opskowe. Der komt sok nuver folk de feart del. Dit is wol in hiele wûndere ferskining. Rûnrêgich yn in swarte jas, dy't him oan 'e grûn ta hinget.

Se heart de ferskining mei in kraaiend lûd roppen ‘Is dêr ien?’

Hinke bestjert it. As wurdt har de kiel tichtknypt. As Former no mar thús kaam. Dy soe wol mei dat frjemde hearskip ôfweve. Oars soe se net sa bang west ha, as dat glêzige each mar net troch dat gat loerde. Se doar der net mear nei sjen. It hert rattelt har yn 'e klean.

‘Is Former thús?’ heart se de persoan rau balten.

‘Nee, nee,’ ropt se.

En as der gjin beweging komt yn dat swarte boppelichem en it each tsjin it glês oan kleven bliuwt, ropt se ‘Former is net thús.’

Dêrop wykt de skym fan it finster en liket wei te wurden. Hinke sjit nei it finster en loert troch it gat yn 'e blommen. It is in man. Se sjocht it no dúdlik. Hy stuitert oer it hiem. Mei de lange, swarte jas oan liket it wol in fûgelferskrikker. Hy rint nei de linepeal en bliuwt dêr njonken de fyts stean, as sil er fuort. Hy sjocht alle kanten út, lykas de roeken dogge. Hy ferwachtet Former, tinkt Hinke. Wer heart se syn fuotstappen om hûs hinne. Hy rattelt mei de klink fan 'e hoksdoar. Former sil him net benachtsje litte. Yn it gonkje kipet se wer troch it rútsje. De fyts is fuort. Troch it keamersfinster kin se him net mear gewaar wurde. Se tinkt dat er him miskien wol ôfjûn hat. Se hâldt de doar op 'e skoattel. Miskien wol er har misliede. Foar alle wissichheid lûkt se de gerdinen yn 'e keamer ticht en stiet yn neare nacht triljend by de tafel. It doarke fan 'e kachel set se op in kier, om it paad troch de keamer fine te kinnen.

Dan heart se ratteljen oan 'e doar. Se ferstivet. Der komme hastige stappen om hûs hinne. Der wurdt op 'e finsters slein. ‘Is der net ien thús.’ It is Former syn roppen.

Hastich hellet se de skoattel der ôf. Former stapt yn 'e hûs mei de ferskining, dy't om hûs hinne strúnde. Trijeresom stean se yn 'e tsjustere keamer.

‘Wat mankeart dy?’ freget Former.

‘Neat. Ik soe de lampe oanstekke, mar dat slagge net al te bêst.’

[pagina 158]
[p. 158]

‘Mar wêrom hiesto dan yn 'e goedichheid de skoattel op 'e doar?’

De lampe sûzet. Hinke skroeft de pit op. Dan sjocht se dat it Anders is. Former noeget de man by de tafel. It is al jierren lyn dat Hinke him sjoen hat. Froeger kaam er alle wiken in pear kear foarby de Wylp.

‘Jo hjir?’, seit se mei ferwûndering yn har lûd.

‘Ju wie bang foar my,’ seit Anders en hy laket mei syn oardel tosk bleat.

‘Ik hie jo fan 't hjerst nochris in mieltsje fisk bringe wollen. Der sit soms moaie blei en wytfisk yn 'e fûken.’

‘Hoechst net te dwaan. Ik jou neat om fisk,’ seit er koart.

Hinke besjocht syn ûnbidige hannen, dêr't de grouwe, reade fingers fan út 'e katsjes stekke.

Hy hat al in moai skoft sitten as Former him freget wat it boadskip is. Dan kin Anders ynienen net mear sa goed út 'e wurden komme.

Hinke sjocht mei ôfkear nei dy ûnhuere âld kearel. It iennichste wat yn syn gesicht blinkt binne de trienjende eachjes, dy't him stekke fan 'e kjeld. De grutte, swarte bearemûts makket him ta in spoek. Hinke makket kofje en Former ynformearret nochris nei it boadskip dat er hat.

Anders syn gesicht feroaret. As wurdt hy op in ferantwurding ferge.

‘Dat is te sizzen,’ seit er betochtsum, as moat er tiid winne. ‘Ik moat dy wat meidiele.’

‘Gjin swierrichheden wol?’

Anders wiuwt mei de hân. Der komt in fyn glimke om syn mûle, as wol er in ferrassing bringe.

Dan seit er, en dêrby leit er Former in hân op it skouder ‘Do en ik, wy binne famylje.’

‘Soa?’ seit Former sabeare ferbaasd.

‘In oeromke? In efterneef?’ ynformearret Hinke.

‘Nee, nee. Neier. Gâns neier,’ seit Anders suver optein.

‘Ut 'e famylje fan 'e Bloemkampen dan?’

Hy laket heimsinnich en skodhollet, as wol er harren al riedend yn 'e spanning hâlde.

‘Ik tink dat jo mis binne,’ seit Former. ‘Us mem hie mar ien suster en twa bruorren. Fierder ha ik gjin famylje, dy't fan jo âldens wêze kin. Jo sille grif in ferkearden foar ha.’

‘Nee, wrachtsjes net,’ seit Anders mei oertsjûging.

‘Miskien binne jo wol in oantroude omke fan myn mem. Der moatte noch al in pear fan dy hossels wêze, mar net ien dy't wit wêr't se keard binne.

[pagina 159]
[p. 159]

Dan leit Anders de hân op Former syn earm. Hy bûcht him fertroulik nei him oer en seit ‘Gjin omke. Ik bin dyn heit.’

Hinke wurdt sa kjel dat se begjint te lipen. Former sjocht de âld man oan as wurdt er foar de gek hâlden.

Dan begjint Anders mei syn taljochting ‘Do bist ien fan Gees. Dy wenne hjir neist fjirtich jier op Mockema-State by Pibe en Lyske.’

Former knikt. ‘Dat wie myn mem en in heit ha 'k nea hân, foar safier my bekend.’

‘Krekt,’ kraait Anders. ‘Foar safier my bekend. Mar ik meitsje dy bekend. Dyn heit, dat bin ik.’

Former wurdt lulk. ‘Man jo binne net goed by de holle. Jo meitsje misbrûk fan de sitewaasje. Hoe soene jo myn heit wêze.’

‘Do wolst my dochs net wiis meitsje, datst sûnder heit op 'e wrâld kommen bist?’

Former wurdt ferheftich ‘Jo hoege no, fjirtich jier letter myn mem net te misledigjen. It minske hat my noait sein wa't myn heit is. En wat kin my dat no noch skele. Mar wa't it ek wêze mei, jo net. As mocht ik 'm sels útsykje, dan jo noch net.’

Hinke wol in ein meitsje oan de tsierderij, mar as Anders mar oanhâldt, kriget Former syn nocht.

‘Ophâlde mei dizze fratsen of opdonderje,’ seit er foars. ‘Ik ha gjin heit en noch nea in heit hân.’

Anders is ferbouwerearre. Al wat er tocht hie, dit net. Hy knopet de jas ticht mei in pear eintsjes fet tou en giet oerein.

‘Dan ha 'k myn boadskip sein. Ik die it út goederbêst. Dat wy elkoar yn 'e takomst net hoege mis te ferstean. Mar mocht der nochris in tiid komme datst dyn heit nedich hast, do witst wêr't ik wenje. Myn doar stiet altyd foar jimme iepen.

Dan jout er him ôf. Former bringt him nei de doar. Hinke stiet efter him mei de skelk klûmsk om 'e hals slein. Se sjogge him yn it skynsel fan de ôfljochter oer de hurde rêgen fan 'e reed knoffeljen. De fyts stuitert oer de hurde bonken. It reid fan 'e feart rûzet fan froastige droechte. Der stiet in heldere loft fol stjerren oer de ierde. Anders rekket út it sicht.

‘Hy kin wol ferûngemakje,’ seit Hinke as se wer yn 'e keamer komme.

‘Dan ferûngemakket er mar.’

‘Sa meist net Former. It is in stumper. Miskien is it de man wol yn 'e plasse slein. Do meist der wol efteroan. Ik leau noait dat er de púndyk fynt. Wy ha him gean litten. Wy ha him ek in bytsje op 'e noed.’

‘Dizze komt net om. Sokken moatst deaslaan. Dizze swalket altyd al-

[pagina 160]
[p. 160]

linne yn it fjild. Ik stean him net. Hy seit dat er gjin fisk mei, mar ik fertink him der fan dat er wolris ta myn fûken sitten hat. Elk dy't yn 'e omkriten fan Wetsens wat mist, wit wol dat Anders op 't hiem west hat. De man libbet fan gnobjen. Hy hat noch nea in slach dien. Dat libbet dêr as in bist. Ferline hjerst hie er twa eiden fan Rinze Zylstra fan 'e Slypstien op it hûs lizzen. De wyn hie gatten yn it tek fan dat rottekleaster skuord. Anders hie it ôfdutsen mei skobben reid en dêr in pear eiden yn fêstslein.’

‘Froeger kaam er steefêst alle wiken foarby de Wylp. Mem sei altyd dat er de knipers fan 'e line stiel. Mar elk die der wat by. Op 't lêst krige Anders fan alles de skuld. Yn 'e Fellingen wie it sa slim, at de minsken dêr wat net fine koene seine se: Sjoch mar by Anders. Ik leau net dat de man sa kwea is, mar hy hat se net allegear op in rychje.’

‘Dat liket mar sa. Hy is goochem. Hy hat fansels wol witten hoe't mem mei my sitten bleaun is. Miskien hat er wol dreamd dat er myn heit is.’

‘Ik moat der net oan tinke, dat dy fize Anders dyn heit wêze soe. As ik dat witten hie.’

‘It giet him der om in húske fan hâldoan te finen.’

‘Koest der mar grif op oan, datst him hjir alle wiken in jûn op 'e hurd hiest.’

‘It is mar goed dat wy him dalik dúdlik makke ha hoe't wy oer him tinke.’

‘Hiest him net sa wreed oanpakke moatten, Former. As er no it paad mar net bjuster rekke is op dy rotreed. It is in âld man en dêrby sa steksjoch as in knyn.’

‘Hy kin net fersûpe.’

‘As er yn in wek tûmelt.’

‘Sitst wol slim oer him yn noed.’

‘Ik ha begrutsjen mei de man,’ seit Hinke.

Se rint nochris nei de bûtendoar. Dêr ljochtet se oan 'e reed ta en harket yn 'e stilte fan 'e nacht oft der ek lûden fan in minske yn need te hearren binne. De wyn risselt yn 'e reiden. De lampe slacht út. It tsjuster omslút har. Even grypt de gedachte har oan. Moast it ris wier wêze. It soe Former syn heit wêze kinne. Wa wit wêrom't er yn syn libben sa fersutere is. Se sil it noait tsjin Former sizze. Hy sil opsternaat wurde. Har eagen wenne oan it tsjuster. It ljocht fan 'e stjerren strielet sêft oer de wytferzen greidlânen. Se flechtet yn 'e hûs.

‘It soe my al begrutsje om dat stumper,’ seit Hinke.

‘Do mei dyn stumper. It is in earsten kûkert. As ik mei de skou troch it

[pagina 161]
[p. 161]

Jellegat kom, stiet er efter de finsters te loeren. Hy hat noch noait in slach dien, mar hy hat lak oan 'e wrâld en laket elk út.’

‘Do bist wreed. Hy is dy op 't sear kommen.’

‘It is de wierheid, wat ik him sein ha.’

‘Mar dat kinst dat mantsje net oanrekkenje. Dy hat net mear ferstân.’

‘Moatst net sizze. Witst wol dat er yn syn jonge jierren noch by de maresjesee west hat? In pear jier mar. Doe ha se him fuortjage.’

‘Hy is in bytsje gek,’ seit se. ‘Miskien ha se him dêrom wol fuortstjoerd.’

‘En dat soe dan myn heit wêze. As wie it sa, dan noch net.’


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken