Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

47.

Mei in topke hea faget Former it mos fan it skuorrerútsje. Dan stiet er wat ûnwennich oer it gat te stoarjen. It deade fjild leit opblikt fan 'e nachtfroasten. Der is, safier it each rikt, gjin libbene siel te sjen. Ik stjer hjir, tinkt er. Der walmje hjerstige dampen oer it wetter. It dript fan 'e oes. Hy set syn bûsmes oan op it sânstientsje, befiket in talhout, en keilt it nidich yn de tsjustere nokke op. Hjir sit er opsluten yn in rottekleaster. Hy kriget wjirms as hy der oan tinkt hoe't er Hinke efterlitten hat

[pagina 232]
[p. 232]

sûnder rêding. Soms is er yn 'e wille en meitsje in loop nei hûs. Dan wol er de skou mei werom nimme mei wat fûken. Nachts kin er dan in protte hout foar har út 'e feart helje, en deis wat fiskje yn 'e bûtlannen. De loft hinget as in goar lekken oer de Kouwen. Der skrasse wat eksters en kaen boppe de skiep, dy't yn 'e fachten pikke op tyk en flie. De wrâld lûkt stadich ticht. Ut 'e hûs wei heart er Anders balten. Mei syn manke poat stampt er oer de houten flier. ‘Der komt libben,’ seit Former. ‘De bolderblast libbet noch.’ It hûs dreunt fan Anders syn drokte.

Former skeukt in skoftsje yn it skimerige skuorke om. Hy klaut oer de pakken strie en harket yn it klamme tsjuster nei de ûle dy't yn 'e nokke krôket. Der falle drippen yn it strie, dy't mei doffe ientoanigens de stilte ferbrekke as it steatlike tikjen fan in klok. It rottet op it moassige hea. Yn 'e skimer wynderje spinreagen, dy't troch de skimmel op fyn kantwurk lykje. Der hingje slieren heakrôk yn 'e bynten. Efter de striepakken binne hoalen. Former siket om plak, foar it gefal dat se him hjir ris oer 't mad komme mochten. Ut ien fan dy hoalen wei kin er oer de greiden sjen. It stik bûthúsmuorre, dat Anders oer him hinne krigen hat, leit oer it hiem. Dêrboppe stekke de dakspjirren as ribben út it ferrotte tek. Der waait in klamme wyn yn it gat op. Dêr yn dy hoale heart er Anders tekear gean tsjin de hûn. Koart dêrop heart er him op it hiem bliksemjen as in dragonder. As der nimmen by him is, hat er it measte geweld. Former klaut troch it gat yn 'e muorre nei bûten. Mei de losse stien loeget er klipkes ûnder de dakjiffers, en slút de grutste gatten ôf mei pakken strie. Ien slûpgong hâldt er iepen. As der wat komt, kin er dêr troch nei bûten komme. By need makket er hjir in bêd en lit Anders keffe.

Hy daaldert in pear biten foar de skiep. Letter stiet er wer ferfeelsum foar it finsterke. Der komt hjir gjin ein oan 'e dei. As er Anders balten heart ‘Wêr biste? Wêr biste?’ knoffelt er wer oer de striepakjes en siket doelleas yn de tsjustere gatten om wat er mooglik brûke kin. Efter de bynten leit soms wat rommel. Kloskes hout, eintsjes panlatte en ek in kloske jerntou. Former giet der mei nei it finsterke, wuollet it jern ôf. Dit is myn rêding, tinkt er. Hy rûst dat er wol tweintich smytlinen út it jern meitsje kin. Mei de gripe begjint er yn it hiem te wjirmwrikken. As sit haast him efter de boksen. De bleke skimer makket it sicht noch lytser. Hy knipt in boskje speaken út de tsjellen fan in ferruoske fyts, dy't oergroeid fan it brosse sprakelhout, op in bult stien oan 'e hússide leit. Oan 'e speaken bynt er it jerntou, dat er opriuwt mei de blaukoppen dy't er dold hat. It is al hast tsjuster at er de earste speaken yn 'e wâl fan

[pagina 233]
[p. 233]

it bochtsjende rivierke stekt en de smytlinen yn 'e stream sakje lit.

Dan heart er Anders út 'e skiere nacht wei balten ‘Wat bedonderst?’

Hy grommelt noch as Former him troch de glysterige wâl kreupeljen sjocht. Mei in stôk tysket er troch de reiden. Dan stiet Anders snuvend en hymjend efter him en grommet ‘Wat besoademiterst no?’

‘Fiskje,’ seit Former toanleas.

‘Moatte se dy hjir oer 't mad komme?’

‘Der is gjin harsens dy't hjir ek mar in stek foar eagen sjen kin. Allinne do mei dyn ûle-eagen.’

‘Mei dit waar, se steane foar dy, eardatst it yn 'e gaten hast.’

‘Tinkst dat se my dan yn 'e keet net oer 't mad komme?’

‘Wat ha 'k dy sein?’ seit Anders driigjend.

‘Tochtst dat ik nacht en dei by dy yn 'e hoale sitte wol.’

‘Ik ha dy op 'e noed. Elk dy't dy hjir yn it fjild omspanen sjocht, is ien tefolle.’

‘Der is hjir mar ien dy't in protte leven hat.’

‘My hoege se net.’

As Former de smytlinen teplak hat, rint er efter Anders oan nei hûs. It hûntsje snuvend tusken harren yn.

As Anders wer mei de stôk troch de wâl tysket ropt Former ‘Do ferballest al myn linen.’

‘Moatst net in grutte bek ha, want dan sil 'k mei dy rêde.’

Anders snút nei wjerskanten de noas leech en seit ‘As de skiep droech binne, wurde de noazen melk.’

Se klauwe noch krekt salang bûtendoar om oant se gjin hân mear foar eagen sjen kinne. Mei de stoarmlampe helje se wat fretten út 'e skuorre en bringe dat nei de skiep. As in dronkeman swaait Anders troch de nacht. Dan bûcht er him foaroer, hâldt de lampe nei oan de grûn en seit, wilens er de stôk beswarrend yn 'e loft stekt ‘Wy krije oar waar, jonkje. Der lizze wjirmproppen op it hiem. Mei de moanne yn 't opgean kinne wy bêst ris wat winter krije.’

De oare deis is Former al ier en betiid mei de smytlinen warber. De damp is oplutsen en der komt helderens yn 'e loft. Mei dit waar sil de iel noch wat ridzje wolle. As it ienris begjint te winterjen krûpt de iel ferside en sil er de lange winter neat mear fange. Om wat djipper wetter te krijen giet er mei de linen nei de Sûr Ie. Anders ropt wol wakker dat er by hûs bliuwe moat, mar mei't er net fierder as hûndert meter sjen kin mei syn branderige eachjes, jout Former him ôf en lit de âld man raze. By de Ie is fûgelguod warber yn 'e reidwâlen. It muoit him dat er de

[pagina 234]
[p. 234]

skou dêr net hat. Hy soe fûken útsette yn 'e Jouswierster polder. Dêr soe er it hiele Mûzerid befiskje kinne. Yn dy wiidte komt gjin sterveling, lit stean grienen of lânwachten. Salang't it iepen winter bliuwt sil er him wol fermeitsje. Mei in nust reidskobben oer de skou stûke, soe er him dêr wol rêde. No kriget er faak gjin wink yn 'e eagen as Anders mei de klompen oer de flier boldert. It giet om ûnderdak en dêrom sil er syn kluchten en oankomsten ferneare. Dat plan fan 'e skou lit him net los. Hy lit it yn him omgean en helje it spul fannacht op. As er de smytlinen teplak hat rint er nei hûs. De klinte ljochtet op yn 'e iere moarn. Anders stiet mei de seine op it stiennige hiem te meanen.

Former is noch mar amper oan hûs ta, dan sjocht er Anders oer it hiem mankjen, sa hurd at er kin. Wankeljend bliuwt er op in bult stien stean en swaait mei de stôk.

‘Se komme der oan. Al den bliksem grienen.’

Wêr moat er sa gau keare. Oan 'e hals ta troch it Jellegat lokket him net. Anders stiet noch op 'e bult te skermesearjen. Former stiet yn bestân. Utnaaie, sil te fertocht wêze. Dêrom draaft er in eintsje dwersoer nei de reidwâl en jout him dêryn ferside. Anders stiet op 'e bult. In skoft letter sjocht Former in pear soldaten om hûs hinne. Anders krukket om 'e foarein. Soldaten strune it hiem ôf. Der komme guon út 'e skuorre. Gâns in skoft letter ferskynt Anders wer op 'e stienbult en winkt. Former slûpt by de reidwâl lâns nei hûs ta. Hy sjocht Anders efter it hûs weiwurden. Former stiet de âld man net en rint earst in slach om it spultsje. Dan sjocht er Anders troch it opskode kowetek yn 'e keamer sitten.

As Former de keamer yn stapt falt er dalik tsjin him út.

‘Salang asto hjir bist ha se de lucht.’

‘Kamen se om my?’

‘Der wie in fint útnaaid, seine se. Se fregen my oft ik dy ferstoppe hie. Ik hie net ien sjoen.’

‘En doe?’

‘Alles oer 'e kop skuord.’

‘Mar in gelok dat ik it fjild even yn wie.’

‘Se kamen net om dy. Do hiest myn soan west. Wy buorkje tegearre. Wat is dêr foar fertochtens oan?’

Dy jûns stiet Former in pear kear ûnrêstich yn 'e bûtendoar. It is roettsjuster. Der is gjin hân foar eagen te sjen. Krekt it waar dat ik nedich ha, tinkt Former. Hy wol nei Mitselwier foar de âld man. Anders leit yn it bedstee te kreunen. De holle opset en de eagen bloedberûn.

[pagina 235]
[p. 235]

‘Der moat in dokter komme,’ seit Former.

‘Dat dochst net. Stjer ik dan stjer ik. Kinst my wol oan 'e hússide yn 'e grûn triuwe, mar loegje der wol in bultsje stien oer as in oantinken.’

‘Ik kin dy net behannelje as in hûn.’

‘Ik wol net nei de hichte te Wetsens. Ik wol dêr net tusken dy boeren lizze, dy't de opstanning ferwachtsje.’

‘Do giest net dea, ast my mar om in dokter gean litst.’

‘As myn ein der yn besletten leit, dan is dat net te kearen.’

‘Wa seit dat dyn ein der is. Do litst dy hjir ferrekke.’

‘Ik fiel it,’ seit Anders mei in beevjend lûd.

Former stiet noch in pear kear bûtendoar te sjen. De wyn hellet oan en it wurdt kjeldich. Der sil strang waar op folgje. As ik de boat hjirhinne helje wol, moat ik der net mei wachtsje. Der is no gjin minske op 'e lappen. Mar hy doar net by Anders wei gean. De man kin him wol ûnder de hannen wei stjerre. Eardat it safier is moat er sjen dat er in eigen hinnekommen hat. Mei al dat frjemdfolk om 'e doar, sille se him gau yn 'e kiker ha. Anders leit yn syn nêst te switten. Hy himet en klaut mei de hannen yn it strie om, as wol er in hoale skuorre; as siket er in plak om te stjerren.

De oanstriid bliuwt. Om middernacht hinne stiet Former noch bûtendoar. Der is wat winterichs yn 'e wyn. De âld man kriget gelyk mei syn wjirmproppen. Op dat stuit heart er de âld man út 'e keamer wei balten. Yn in omsjoch is Former by him en ljochtet him mei de stoarmlampe yn de ferwyldere eagen.

‘Ik gean dea, mar ik moat dy noch ienkear sizze dat ik dyn heit bin.’

‘Ik sil in dokter helje. Do dwilest.’

Anders skodhollet.

In hoart letter hinget Former oer him hinne. Hy harket oan syn boarst. Syn holle wurdt kâlder. Dan heart er in fier en sêft rocheljen yn syn boarst. Hy sliept mei skokjes. Former sit in skoft yn 'e keamer te wachtsjen. Dan ropt Anders wer. Hy slacht de eagen op en seit ‘Ik dreamde datst my dea meitsje woest.’

‘Hast in kwea gewisse.’

‘At ik der fannacht út gean, dan bringst my dêr net nei Wetsens.’

‘Jou dy no mar del.’

‘Ast my oan 'e hússide bedobbest, dan yn it unifoarm.’

Former jout de âld man noch in pear swolgen brandewyn, blaast de lampe út en dwaalt troch it fjild nei de Tsien Geboaden.

Dêr is alles út en tsjuster. Troch it útbrutsen hokssket kin er sa oan 'e

[pagina 236]
[p. 236]

doar tarinne. Hy rattelt in pear kear foarsichtich mei de klink en wachtet.

‘Wa is dêr?’ heart er Hinke bang roppen. Hy heart har hymjen efter de doar.

‘Ik bin it, Former.’

Se gûlt fan blidens en troait him mei op bêd.

Lang docht Former it him net oan tiid. Tegearre skuorre se de skou út 'e krimpe. Mei in earmfol fûken set Former ôf yn 'e tsjustere feart. It is al in moai ein yn 'e neinacht as er by Anders oanleit. Hy lûkt de skou op 'e wâl en smyt der skobben reid oerhinne, dat nimmen der erch yn hat. Anders leit noch krektlyk as Former him efterlitten hat. Hinke hat him wat kinedrippen en guod om te switten meijûn. Der kriget Anders wat fan. Former makket fjoer, dat der in noflike waarmte yn 'e keamer komt. As komt de âld man dan wer by syn sûp en stút.

‘Ik ha even om 'e hoeke sjoen,’ seit er de oare deis, as er bleek foar it finster sit en de sinnewaarmte oer him falle lit.

‘Mar it hie my ek neat skele kind, dat se my oan 'e oare kant hâlden hiene.’

In wike as wat letter is Anders wer de man. Former hat syn slinger. Hy befisket it Mûzerid en fangt mei it sêfte waar yn desimber mielen fisk, dêr't er Anders mei op 'e kluten helpt.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken