Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De jacht (1988)

Informatie terzijde

Titelpagina van De jacht
Afbeelding van De jachtToon afbeelding van titelpagina van De jacht

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De jacht

(1988)–Durk van der Ploeg–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

48.

It hat al in pear dagen wintere, dan slacht Hinke op in middei mei de bile de ielkear út it iis. Se hat in pear planken út it hokssket raamd, en stekt dy yn 'e skeante fan 'e feartswâl. It spit hat se yn de reed dreaun, mei it tou dêr omhinne hyst se it ding op it droege, en slacht de nokjes iis der ôf. By dy aksje rekket se ek noch ûnder fuotten en sjit oan 'e mul ta yn it gat dêr't de kear út kommen is. De kjeld byt har yn 'e kont. Mei de wiete krous noch oan, kantelt se it ding mei gâns rombom oer it hurde hiem, en tûmelt him yn 'e krimpe.

At se yn 'e hûs komt is har jurk beferzen. Oan 'e bonken ta ferklûme stiet se foar in ute kachel, en ferklearret harsels foar gek. Ik hie it bern der wol oan weagje kinnen, ferwyt se harsels. Om wer op ferhaal te kommen stookt se de keamer waarm mei blokken hout fan 'e Heabrêge. Se ferskjinnet har en waarmet it ferklûme lichem. Al hoe hyt it ek wurdt, se kin net wer by komme. De gleonens slacht har de holle út, mar de kâlde grillen geane har oer de rêch. Der komme har koartsich

[pagina 237]
[p. 237]

stjerkes yn 'e eagen. Se wurdt licht en dwyl yn 'e holle.

It is al hast nacht, en krekt sil se it oaljepitsje oanstekke en de gerdinen ticht dwaan, dan sjocht se wat swarts foar it neiste finster. Earst tinkt se oan de fûgelferskrikker, dy't de hiele simmer by Brúnje op it tún stien hat. Miskien hiene de bern it ding der stikem delset. Se baarnt har de fingers en bliuwt stôkstiif foar it finster stean. Troch de blommen sjocht se it stal fan in minske. It stiet ûnbeweechlik. At se wol of net, se moat der nei sjen. As op it plak fan de holle in gat yn de winterblommen teit, wurdt der in brede, wite foarholle sichtber. Even letter kin se de eagen ûnderskiede efter it beïze glês. Der teie stadich in noas en in mûle yn de blommen. Se kin wol raze, sa bang wurdt se. Der stekt in gesicht troch de blommen dat op har delsjocht. Se stiet as ferlamme by de tafel. Se wol nei de doar om de skoattels der op te striken, mar doar net fan it plak gean. Dan, as wurdt har de kiel tichtknypt, sjocht se dat it Lútsen is.

Hoe lang hat se him al ferwachte. No komt er har dochs noch oer 't mad. No sil er syn lean helje, tinkt se. Se trillet en knypt de hannen yn it taffelskleed. De eagen efter it finster litte har net los. Der driuwe wolkjes azem fan syn mûle. Bemoffe hannen slagge as in mûts om it gesicht.

Dan knappe der skyltsjes iis ûnder it finster. De holle makket him los fan it rút. Troch it gat yn 'e blommen sjocht se in stikje blijblauwe winterloft. Se wol nei de doar, de skoattels der op strike, har ferdigenje. Mar wat kin se ferdigenje? Former is der net. By de doar heart se dat er de snie fan 'e learzens stampt. Hinke stiet by de tafel en harket mei ynhâlden siken. Lûdleas, as in ynkringer, komt er yn 'e hûs. De keamersdoar wurdt sa foarsichtich iepenfierd, as sil de kat der yn komme. Lútsen stiet yn 'e keamersdoar. Hy is yn it tsjuster amper te ûnderskieden. Trilderich stekt se in twadde lúsjefers oan. It fûnket as de wjerljocht. De pit fan it driuwerke nimt de flam mar muoisum oer. De keamer ljochtet op. It skittert yn de winterblommen. Yn dat ljocht docht Lútsen in stap nei foaren. De lange jas makket him grut en swier. Boppe syn gesicht glimt in driigjende klep. Se kin gjin wurd útbringe. Se wol net bang wêze. Se stiet dêr't se stiet mei de fûsten yn it taffelskleed teknypt. Se fertrout it ferburgen glimke net, dat om syn mûle komt. Stadich mar wis, en fan himsels oertsjûge, knopet er de jas los en leit de pet op 'e tafel. It bleakerke wyndert en de skaden sidderje op it behang.

Hy groetet net, mar seit, as stelt er in feit fêst ‘Bist allinne.’

Dat kinst witte, tinkt se. It is de bekende wei.

[pagina 238]
[p. 238]

Syn hâlding bringt har oan it twiveljen. Dat glimke, dat mar net ophâldt. Syn eagen dy't net fan har ôf binne.

Se nimt har stoef foar gjin sprek tsjin him te sizzen. De smycht. Hy kicht, lûkt Former syn stoel by de tafel en giet sitten. Syn hâlding is, as soe er dit al lang fan doel west ha. Swijend nimt er alles yn him op en skoot it liif nei oan 'e tafel. Se sjocht syn lippen bewegen, as is er fan doel om wat te sizzen en kin er de wurden net fine. Dan skoot hy de hannen, dy't krûm steane fan 'e kjeld, oer de tafel en leit dy om it oaljepitsje. De grutte skaden gripe as kloeren troch de keamer. Se skokt in byts-je, as dat skaad har oanrekket. Syn hannen fertsjusterje de romte. Allinne op syn antlit bliuwt in smelle stripe ljocht, dy't him wat hillichs jout. Ut dy stripe wei sjocht er har ûndersykjend oan.

‘Dat is lang lyn,’ seit er op in manier lykas men âlde kunde moetet. Hy slacht de pânen fan 'e jas breedút nei wjerskanten en siket om in hâlding. Syn hannen binne te grut. Se sweevje as rêstleaze fûgels oer it bêdsket. Syn holle en skouders fertsjusterje it stik behang efter him. Hy himmet. Dan bûcht er him wer foaroer, mei it gesicht nei de flam, as wol er har wat fertrouliks meidiele. Syn wangen blinke as bôlen yn it giele ljocht. Syn antlit is paffich wurden, fynt se. Der komme kobben swit op syn foarholle; blinkende pearels. Op syn noas skittert de wjerskyn fan it flamke.

‘Dat hiest net tocht.’ Hy seit it as soe syn kommen in oangename ferrassing foar har wêze.

Se is bang en doar net mear nei him sjen.

‘Bist net sa gesellich.’ Hy hellet in pakje sigaretten út 'e bûse en stekt op oan it oaljepitsje.

Hinke wurdt der kjel fan as er seit, dat er wit wêr't Former is. Dêrby sjocht se even yn syn fochtich glinsterjende eagen. Hy knikt har beslist ta.

‘Dat ik him rinne lit, dat hat er net fertsjinne.’ Syn wurden klinke as wol er genede foar rjocht jilde litte.

Sûnder dat se it wol, lûkt se oan 'e skouders, út ûnferskilligens, út ûnleauwe. Se twivelt oan syn bedoelingen. Wat wol er?

‘It giet my net om Former-’ Hy makket de sin net ôf.

Hinke hat begrepen dat it him om it gewear te rêden is. Dat gewear fynt net ien. As steane se der mei de grouwe bealch boppeop, dan noch net. Se heart it Former noch sizzen, doe't er dy jûns it wapen yn 'e skûlkast brocht, en de plankjes mei doel oer it gat paste. It wie blyn spul west, mar Former hie sa wis west fan syn gelyk. Se hie der net langer tsjinyn

[pagina 239]
[p. 239]

lein. Hoe faak hie se der net op oanstien om it ding fuort te dwaan. Nuk it yn 'e feart, mar dan net foar hûs. Hy hie der net fan witte wollen. Altyd hat se as de dea west foar it wapen. It hat har altyd op 'e lea lein dat der gedonder fan komt. No wit se dat se fjochtsje moat. Hy fynt it net, tinkt se.

Lútsen makket gjin haast. Mei de earmtakke om 'e bekling slein, nestelt er him yn in nofliker hâlding. Betochtsum sjocht er de keamer yn 't rûn en blaast reekwolken nei de souder.

Dan seit er, by wize fan ynlieding ‘Dat foarfal mei dy hûnen-. Of eigentlik docht dat net iens sasear ta de saak. Dat is in feit dat net mear is te efterheljen. De hûnen binne dea.’

Hy swijt, as is it in ôfdiene saak. Hy sûcht in lêste smook reek út it peukje en teknypt it op in teepantsje. Der kreaket iis yn 'e feart. Der binne streken fan in lette rider.

In skoft letter ferbrekt er de stilte en seit ‘Dat gewear.’ Dan sjocht er har ûndersykjend oan as wol er har fan it gesicht lêze. ‘Do witst wêr't it is.’ Hy seit it as is er wis fan syn saak.

Der rattelt in wein oer de hurde richels fan 'e reed. De stappen fan it hynder klinke dof op it sniepaad.

‘It feit datsto in fjoerwapen ferburgen hâldst is strafber. Former hat it net ynlevere en der boppedien noch op in net ferantwurde wize gebrûk fan makke. Asto my dat wapen meijoust, soargje ik dat it, sûnder dat der in hoanne nei kraait, út 'e wei rekket.’

De duvel, tinkt se.

Hy hâldt de hannen sweevjend boppe de flam en glimket mei in oefene grimas, lykas doe't er yn 'e keamer kaam.

Hy wol my der ta oerhelje, dat ik him it bewiisstik yn 'e hannen spylje. As begrypt se ynienen it ferset fan Former. At er it wapen hawwe wol, sil er it sykje moatte. Se sjocht him strak en striidfeardich oan.

Hy nimt de hannen boppe de flam wei en skoot ien hân oer de tafel yn har rjochting. In rôze, fleizige hân leit iepen foar har.

‘Do wolst dochs gjin swierrichheden?’ Hy seit it as hat er meilijen mei har. As soe er it bêste mei har foar ha.

Bûten hellet de wyn oan en knypt tsjin de ruten. Soms pikke der flinterkes iis tsjin it glês. Even boldert it yn 'e boazem. De sigen blaast yn it wiffe ljocht fan it driuwerke. De snie sil begjinne te jeien. Se harkje nei it waar.

‘It klinkt hast plichtmjittich, as er seit ‘Ik sil it yn beslach nimme moatte.’

[pagina 240]
[p. 240]

De kachel bekuollet. Der lûkt kjeld út 'e flier wei omheech. Hinke lûkt de skonken stiif oerelkoar ûnder de stoel op. As komt de froast har ûnder de rokken. De kjeld sil har ferstiivje. Oer de pannen heart se de wyn bolderjen. De stosnie sil as mealde sûker troch it panstrutsen dak jeie. De wyn fluitet op 'e doarren. De losse planken fan it hok klappe op 'e goarrings. It daklear skjirret.

Lútsen syn gesicht feroaret net. Sa't er dêr foar har sit liket hy de belicheming fan hillige iver.

‘No?’ seit er. Hy ferwachtet in antwurd.

Se hat it op 'e lippen om te sizzen. Ik wit fan gjin gewear. Wy ha gjin gewear. Kinst it hiele hûs trochsykje. Brek it ôf, stek it hiem om. Sykje dan. Dol it op. Klau it út 'e balken, drêgje it út 'e feart. Der komt opstannigens yn har. Swijend en koel sjocht se him oan. Se wurdt izich ûnferskillich.

Lútsen giet stadich oerein. Breed en foars stiet er foar har.

‘Ik sil der wurk fan meitsje moatte.’

De learene riem kreaket. Mei in hânbeweging triuwt er it revolver nei foaren en lit syn hân rêste op it wapen. It liket in bedriging.

‘Former, ik kin neat mear foar him dwaan,’ seit er. Dêrop komt der in meilydsum glimke om syn mûle, dat ferlûkt yn in falsk gnizen. Dat trekje, se haat it.

Se sjocht him lyk yn 'e eagen en tinkt, hy kriget syn sin net. As er in stap neier docht, komme der wrede skaden op syn gesicht.

‘Do kinst him rêde mei it gewear. Sa net...’

Hy lit Hinke de romte om de sin ôf te meitsjen en har konklúzje te lûken.

De ferrieder, de glûper. It binne wurden dy't se twinge moat om net út te sprekken. Ienris hat se fan him hâlden. Lang hat se der djip yn har hert gjin frede mei hân dat se him sa oerdwealsk loslitten hat. Begrutsjen hat se mei him hân, doe't alles mei him like te mislearjen en er om Former yn 'e bak rekke. Miskien bin ik syn ûngelok? In gedachte dêr't se faak mei ompakt hat. Miskien bin ik skuldich oan wat der fan him wurden is. Soe syn libben oars rûn wêze as it tusken ús goed bleaun wie? It binne fragen dy't withoefaak by har opkommen binne. En nea is se alhiel los kommen fan it skuldgefoel. Net sasear út langst, as wol út ferset en twivel wie se nei Former gien. Dêrmei hie se partij keazen. Mar dit nimt alle twivel wei. As begrypt se no pas Former syn hâlding. De flier kreaket as er in pear stappen troch de keamer docht. De planken soukje ûnder syn gewicht. Hy komt sa ticht by har, dat se it as in be-

[pagina 241]
[p. 241]

driging fielt. Bang giet se oerein, om har te fersetten tsjin syn yntimidaasje. Hy nimt de pet fan 'e tafel, wriuwt de klep, en set 'm op. Reisfeardich stiet er foar har en sjocht har oan as ferwachtet er in antwurd. Se skodhollet. Hy sjocht op har del. Der giet in skok troch har hinne as se syn hân op har earm fielt. Kjel docht se in stap tebek, dat se mei de hokse de stoel efterút stompt. De geur fan it unifoarm priket har yn 'e noas. Se sjocht de reade bân om syn earm. As er har nei him talûke wol, wart se him ôf en rekket mei har hân it glêde revolver-taske. Huverjend lûkt se har earm frij. It ljocht fan it driuwerke slûget. Soms flikkert it in momint op. Dan fertsjustert de keamer wer. Yn de beblomme ruten driicht helpleas it kâlde winterljocht.

Dan docht er noch in stap neier, omklammet har mei beide earmen en triuwt har tsjin him oan.

‘Nee, nee,’ kryt se. Se wol har mei alle geweld fan him ôftriuwe.

Se fielt syn azem yn har ear.

‘Do kinst Former syn libben rêde,’ lústert er.

‘Ik ha it gewear net,’ seit se.

‘Ik hoech it gewear net. Ik wol dy.’

Mei alle krêft dy't noch yn har is, begjint se te wrakseljen. Slacht om har hinne en klaut him yn it gesicht, dat er har wol loslitte moat. As in snoek dûkt se ûnder de tafel troch en stoot de keamer út. Yn it tsjustere gonkje heart se him yn de efterfolging. Yn it hok blaast har in iiskâlde wyn temjitte. Sûnder te witten wat se sa gau ûndernimme sil, flechtet se om hûs hinne, skean oer it túntsje. It plankje oer de sleat kreaket yn it iis. Op hannen en fuotten klaut se by de wâl fan Sadelaar syn bou op. Oer de bonkige kluten, dy't ûnder de snielaach stekke, knoffelt se foarút. Se heart har eigen siken as in stoarm yn 'e earen. De kjeld byt har yn it gesicht. Se draaft oant se net mear kin. As yn in dream stiet se midden op in sniefjild. Alles wurdt ljocht om har hinne. In pear kear is der in fel knappend lûd yn har earen, as wurdt der sketten. It ferdôvet. Der sûzet har in stilte yn 'e holle. Se wol raze, mar kin gjin lûd jaan. Fan 'e loft kleuret in sêft pears ljocht. Se wol net gûle, mar kin de triennen net keare. Se ropt oan Former, sûnder dat se har eigen lûd hearre kin. It is in machtleas roppen dat earne weiwurdt. De wyn ferstivet har, blaast har troch de lichte klean. Der driuwe wolkjes bylâns de loft. Der jeie skaden as hastige dieren oer de snie.

Mei seare fuotten siket se de stappen werom oer de besnijde kluten. De wyn jaget de stosnie as reek fuort. Se wachtet oant se Lútsen as in grutte swarte ferskining oer de snie kommen sjocht. De kjeld byt har. Mei gjin

[pagina 242]
[p. 242]

gefoel mear yn 'e hannen strykt se har oer de dôve wangen. Soms mient se in skym te sjen as der in hastich wolkeskaad oer de snie glidet. Har fuotten sykje de kluten om op te stean. Fuotsje foar fuotsje giet se werom, as stiet se op gefaarlik iis. De mûle is har ferstive. Op it hiem giet se yn it skaad fan 'e krimpe stean. Se doar net yn hûs gean, bang dat Lútsen har yn 'e keamer stiet op te wachtsjen. Pas at se it net langer hurdzje kin, giet se yn 'e hûs. Alles is út en kâld. Oeral is de boel oer de kop helle. Hy hat it gewear socht. Mei gefoelleaze hannen besiket se de plankjes fan 'e skûlkast te heljen. Se wol witte oft er it fûn hat. Mei in mes stekt se de plankjes der út en taast yn it tsjustere gat op. Se fielt neat. Oerstjoer dûkt se fierder yn it gat op. Har hannen kinne neat fiele fan 'e kjeld. ‘Ik moat it fine,’ ropt se yn it gat op. Mei it mes reaget se der yn om, en heart dat se tsjin de loop slacht. Hastich skoot se de plankjes wer oer it gat en slút de kastdoar. Se harket. Se fermoedet fuotstappen. Wer fljocht se der út, omdat se mient dat der immen de reed delkomt. It sêftrôze winterljocht wjerkeatst op 'e snie. Dan raast se út alle macht ‘Former, Former, wêr biste!’ In roppen dat wei wurdt yn 'e nacht.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken