Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 25]
[p. 25]

III

It jier fyftjinhûndert en njoggenensechstich hat in nuver jier foar my west. Ik wit hast net wêr't ik mei begjinne sil te beskriuwen. It liket my goed ta en fertel mar foar de stôk op. Dan begjin ik mei dy jûne yn 't lêst fan septimber, doe't ik dy wûndere moeting hie, dêr't it eigentlik mei ynset is.

Ik soe op bêd en hie ljocht meinommen nei it fertrek, dêr't ik sliepte. Dat lei oan 'e túnkant, net sa mâle heech; allinne in kelderferdjipping wie derûnder. Ik skaaide noch wat om en soe begjinne te ûntklaaien, doe waard der sunich fan bûten oan it rút tikke. Ik harke nuver op. Dat wie my net oerkommen, sûnt ik, jierren lyn, fan 'e Latynske skoalle kommen wie. Doedestiids wisten myn maten it paadsje troch de tún en kamen let noch wolris by my of hellen my soms op foar in nachtlik aventoerke. Ik rûn no in pear trêd op 't finster ta, mar koe neat gewaarwurde: it wie ierdetsjuster bûtendoar. Dêr hearde ik sêft in stim roppen: ‘Alef! Alef! lit my deryn!’ It wie krekt as dreamde ik en wie ik wer in foech tsien jier jonger wurden. Ik stie in amerij yn wetten. Soe it ferkeard folk wêze? Mar nee, dy rôpen net oan jin, as se ynbrekke woene. Ik die it finster iepen, dêr't it lûd weikaam.

‘Tink 'erom, ik kom by dy, Alef!’ rôp de stim flústerjend; it kreake en rissele yn 'e âld klimmerbeam en dêr klom in man út it tsjuster wei ta de keamer yn.

‘Noch krekt deselde keamer,’ sei er. ‘Ik tocht al, Alef sil hjir noch wol sliepe.’

Ik seach de frjemde besiker rjocht op en del oan: in lichte, linige

[pagina 26]
[p. 26]

jongeman. Hy hie de klean oan fan in boarger, mar makke in bûging foar my, dy't de manearlikste edelman him net ferbetterje soe. Hy hie wat bekends oer him en dochs koe ik him net teplakbringe.

‘Ik haw net de eare...,’ begûn ik wat ûnwis.

‘It is ek nochal in eare om my te kennen!’ barste de man los. ‘Ien dy't útstjitten is as in rudich hûn! Mar hoe no, Alef Aylva, kenstû dyn âld skoallemaat Hartman Hoekes Gauma net mear, dy't foarhinne sa mannich kear troch dizze selde wei by dy kommen is?’

‘Hartman!’ sei ik ferheard. ‘It giet my hast as Izak: It is Hartmans stim en stal, mar syn gesicht net.’

‘Bist net min thús yn 'e Bibel foar in papist,’ ornearre de oare. ‘Sa moat in man as ik. Kin net iens mei syn eigen gesicht rinne. Is 't noch lykas foarhinne,’ frege er hastich, ‘dat men ús hjir net hearre kin?’

‘Ast net al te lûd ropst, sil 't wol losrinne.’

 

De man liet him op in stoel falle, stiek syn snor en noch wat oars yn 'e bûs en seach my doe glimkjend oan: ‘Is dit Hartman of is 't him net?’

‘Bist al feroare. Gâns âlder wurden.’

‘Dû ek fansels. Mar miskien net lykas ik. De lêste oardel jier, sûnt ik by Hilligerlee fochten ha en by Jemgum oer de Iems swommen bin, is my net yn 'e kâlde klean sitten bleaun.’

‘Hoe doarst it oan en kom hjir wer?’

‘Sis dat wol, sis dat wol. Ien dy't útballe is as in boef; faai as in moardner!’ rôp er bitter. ‘Mar hawar, ik bin hjir no en se moatte glêd wêze as se my krije.’

‘Ik kin my net begripe, wat der ûnder sokke omstannichheden foar dy oan is om dy yn 't gefaar te jaan.’

‘Deroan? Ik kin wol hearre, datstû nea as balling, bûtenlâns omswurven hast. Dan hiest wol witten, hoe't it heitelân dan krekt begjint te lûken, sa sterk, dat der op 't lêst gjin ferwar tsjin is.’

‘Ik haw ek yn 'e bûtenlannen ferkeard. Net as balling, dat moat ik dy meistimme.’

[pagina 27]
[p. 27]

‘Sûnt de Latynske skoalle binne wy inoar kwytrekke, Alef; ik moat earst ris wat mear fan dy witte. Bist doe fuort net nei in universiteit gien? Hokfoar graad haste, fertel ris. Wêr hast ek wer studearre?’

‘In graad haw ik net, safier bin ik net kommen. Dû witst wol: ik haw nea gjin trochsetter west, earder in trochbringer. Twa hegeskoallen haw ik besocht, Douay en Heidelberg, ek wat juristerij bedreaun, mar mear ûnnocht.’

‘Ja, dû wiest op 'e Latynske skoalle al in leaf jonkje fan jim mem.’ ‘Sa giet it faak, as men op dy jierren allinne de wrâld yntsjocht: ik haw mear oan jild, mar benammen oan eare en deugd ferspile as wûn oan kennis. Dêrnei haw ik noch in skoftke by in grut hear west yn it Brabanske. Wy tochten ten oarloch te farren, mei kening Karel fan Frankryk tsjin Condé en de Hugenoaten, mar der kaam neat fan en dêr wie ik leau 'k ynwindich ek bliid om, want der sit grif net in grut kriichsheld yn my. Lang haw ik it dêr ek net makke. Der wie in bulte foar my te belibjen en te learen, mar ik fielde my dêr yn 't suden dochs net alhiel thús en yn 'e fine manearen hie ik ek net it rjochte oannimmen. Ek wie ik djip yn 'e skulden rekke as it lang duorre hie. Der waard my net genôch jild taskikt; want ik gyng der rij yn lâns: ik fersloech myn ûnwennigens mei goede wyn en ik miende tige moaie klean drage te moatten.’

‘Dat hiest foartiid al wat oer dy. Witst noch, hoe't wy dy wolris neamden? Moaie Alef! Moaie Alef, man! Wiest altiten al sa'n heartsje. En doe? Wat hast neitiid by d' ein han?’

‘Dêrnei bin ik yn 'e hûs bleaun, sûnder folle te bedijen of ta nut te wêzen. Us mem regearre de saken sûnt ús heite dea, of miskien ek al foartiid. Hja joech it hêft ek net út hannen, doe't ik as grut feint it mei te sizzen ha woe. En sa is it bleaun. Ik bin no al oer de fiifentweintich jier en noch gjin fêst doel yn 't libben, teminsten gjin taak.’

‘In bytsje nei de lândagen fan 'e Steaten, tink?’

‘Nee ju, wie 't mar wier! Us besit is net grutternôch, dat ik dêr foar mysels ferskine kin. Wennen wy no op in stins yn in gritenij,

[pagina 28]
[p. 28]

dan hie ik kâns hân om as folmacht derhinne ôffurdige te wurden.’ ‘Moatst in ryk wiif trouwe, mei in stins derby!’

‘Dat seit ús mem ek. 't Sil de baas ek wurde, mar ik wol myn sin earst fine.’

‘Dû hast gelyk, dû hast de kâns noch. Mei my stiet it der minder foar: in geus lykas ik dy sil him wol mei it ôfeart geneare moatte.’ ‘In geus, seit er! Se hawwe it tsjintwurdich wakkere drok oer de wettergeuzen. Bist ek sa'nien?’

‘In wettergeus? No, ik kom út it wetterlân, dat witste, by Aldeboarn wei. Mar nee, in wettergeus bin 'k dochs net. Der moat foar my mar in aparte namme betocht wurde: wâldgeus of sa. Mar hawar, net tefolle oer my! Wat stilder wat better, sei 't âldwiif, doe siet se mei 't gat yn 'e brannettels; sa is 't mei my ek. Mar ik bin hjir kommen om wat mear fan dy te hearren. Dus dû hast noch nea in wiif nei 't sin fine kinnen? As jong maatsje wiest dochs net sa tier yn 't fammeguod, stiet my foar.’

‘As men âlder wurdt, wurdt men ek sinniger, leau 'k. Ik ha noch mar ien kear in faam met, dêr't ik wol bestek op hie.’

‘En dêr bist net mei troud? Hast blau krige fan 'e eale frelle, ried ik?’

‘It wie in húsmansdochter.’

‘No wurdt it alhiel in hardersroman. Dêr moatst my mear fan fertelle. It is net te pynlik foar dy wol om deroer te praten?’

‘O heden nee. It hie neat te betsjutten, in aventoerke op in Pink-stermoandei. Ik wie ek noch mar in jier of tweintich. Mar it is in hiel ferhaal. It sil dy te lang falle.’

‘Dû hast my no benijd makke. As myn selskip dy net ferfeelt, fertel op dan.’

Ik socht earst noch in flesse wyn op en wat iten en doe die ik myn ferhaal, dat myn besiik leau 'k net ferfeelde. Nei dit ferhaal (dêr't ik sadaalk noch op weromkom) sieten wy efkes swijend byinoar. Hartman wie suver oandien, net fan myn lotgefallen, mar om't syn eigen goudene jeugd him wer yn 't sin kommen wie, dy't sa wreed in ein nommen hie.

Doe foelen wy wer yn oar petear.

[pagina 29]
[p. 29]

‘Stiest ek net nei 't ien of 't oare amt?’ frege er.

‘Falt net ta, as men gjin doktor of lisinsjaat yn 'e rjochten is.’

‘Ien dy't sa'n âlde namme hat, in Aylva, dy rêdt it noch wol op, tocht ik.’

‘Der wurde langer ek gâns amten oan frjemden ferjûn.’

‘Allegear feinten fan Alva.’

‘En foar in goefries is gjin plak mear.’

‘Ha, dêr binne geus en papist it ris in kear iens. Mar de grytmannen, dat binne dochs noch meast Friezen. Minder as grytman kinstû dochs ek net wurde.’

‘Ik skrep ek om in gritenij, mar it wol net slagje oant no ta. Ik wit net, miskien steane de steedhâlder en it Hôf my net, al bin ik goed Roomsk en foar de Kening. En der moat ek mar krekt in gritenij iepen wêze.’

‘Der binne oars noch al in pear grytmannen band de lêste tiid. Mar ik wol dy wol in hantsje helpe. Dat is my neat. Dan meitsje ik in pear fan dy keardels kâld. Dy by uzes yn Utingeradiel, Andrys Gryph, hat net better fertsjinne en dan dy minskestrûper dêr yn Ferwerderadiel.’

‘Ten Indyck! No, it wie miskien de baas. Mar no sûnder gekheid. Hoe komt it mei dy? Hast ûnderdak?’

‘Ha mar gjin noed mei my.’

‘Wêr hâldst ta?’

‘Ik sei dy ommers: wat stiller wat better. Nammers, as ik it dy fertelde, soest it net leauwe wolle. Mar ik haw dy in tsjinst te freegjen. Mei dêrom haw ik dy hjir opsocht.’

‘As it mar gjin geuzestik is. Dat past net rjocht foar in grytman yn hope.’

Sa slim wie it ek net. Ik moast in stikmannich fan ús âlde skoallematen útnoegje om de oare tiisdeitemiddeis yn in weardshûs by de Easterpoarte te kommen. Hartmans namme soe ik net neame; in âld freon woe har graach ris wer sjen en op bier en wyn trakteare. Ik frege noch, oft it ek yn in oare herberge koe, want by dizze hie ik krekt in moai hege rekken stean en ik seach tenearsten gjin kâns om dy te foldwaan, dat sadwaande mijde ik dat stee.

[pagina 30]
[p. 30]

Mar Hartman woe leaver net nei in oar weardshûs. Dit lei tichte by syn ferbliuw en hy hie der ek al in apart fertrek besprutsen. Dat ik lei my der by del en die ús âlde maten de boade. Hja wiene wakker nijsgjirrich, wa't har noegje liet, mar seine allegear ta om te kommen.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken