Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 92]
[p. 92]

XV

It hie sterk iis west, mar nei Nijjier wie it begûn te teien. It wie sêft waar foar jannewaris. Der stie gâns wetter op it iis, mar it wie wol te beriden, in lichte damp hong der hjir en dêr boppe. By de buorrens en om 'e stêd fermakken manlju en jonges har mei keatsjen en piksjitten. Mar de foarige deis hiene se der amper tiid foar hân; doe hie it kopermoandei west, de dei fan hieropsizzen, drinken en feestjen.

Mar no rieden de skippers en skippersfeinten en noch folle mear oare lju út in wide omkrite op Snits oan, want dêr wie it wykmerkdei en koperen tiisdei. Yn 'e stêd wie it ien drokte en beweging allegearre, want dêr dogge se der de tiisdeis mear oan as de moandeis.

De skippers hiene it drok, want dy moasten in feint winne, dy't dan mei febrewaris yn 'e tsjinst kaam, mar de oare gilden en ambachten hiene in frijdei. De feinten en learlingen fan 'e timmerlju, mitslers, hurdhouwers, skûtmakkers, smidden, skroarren, kûpers, fervers, wevers, skuonmakkers, mêsmakkers en wit ik wat foar hantwurk der allegear mear wêze mei - sa'n dei sjocht men it ferskaat - teagen yn bûnte optochten troch de strjitten, de iene besocht him al potsiger op te takeljen as de oare. De skroarren rûnen mei reuseftige houten skjirren, de slachtersfeinten swaaiden mei grutte houten messen, dy fan 'e skûtmakkerijen sleepten de swiere hellingkeattings troch de stêd en jagen alle bern mei har gerammel de skrik op 't liif. Mar it ferskuorrendst seagen de leartouwersjonges derút, dy rûnen yn kowehûden, hiele koppen mei

[pagina 93]
[p. 93]

hoarnen en al hiene se op e holle, mei de hân lieten se de sturt efter har hinne en wer wyspelje, bare divels liken it. De moarns rûn it mindere folk mei maskers foar by de huzen fan 'e riken lâns om jiften te fergarjen; de tiden wiene min, mar sadwaande hie elk noch wat yn 'e bûs om der ris tige feest fan te hâlden.

 

Ik hie der oare jierren ek altyd tige myn wille oan hân, mar dizze kear yn it jier santich hie ik nearne de rjochte nocht oan, ferdreaun as ik wie út myn paradys. Anna wie sûnt dy sinteklaasjûn by har omke Douwe Roorda yn 'e hûs. Dêr wie ik stomprûn, doe't ik har besiikje woe. En myn pleitfierders hiene te Seisbierrum en te Ljouwert ek net folle foar my útrjochtsje kinnen.

Hie ik Anna sels mar ris te wurden komme kinnen. Dan hie ik witten hoe't hja der sels ûnder stie en dat wie it foarnaamste. Mei har soe ik it wol klearje; dat ûnnoazele foarfal mei har memme portret wie de muoite net wurdich en dat oare, no, dêr soe ik my ek wol skjin fan prate. Mar Anna liet neat fan har hearre. Ik stjoerde har in brief, dêr't ik alles yn útlei; wêrom ik it portret bedutsen hie en wat myn besiik oan it hûs by de stedsmuorre ynhâlden hie. Ik frege, wêr't ik har ris treffe koe, antwurd krige ik nea. Neitiid ferwiet ik it mysels, dat ik sa skriuwe koe. Ik hie dochs myn rjochten, hja wie oan my boaske! Hoe koe ik biddelje om wat myn eigen wie? Mar dan dreau de langst my de stêd wer op. Ik begûn der op te rinnen, dat ik har ris moetsje mocht. Ik seach se ek wolris gean, mar nea allinne.

Sa sleepten de hjeldagen har foarby, Krysttiid, Sint-Steffen, Nijjier. O, sokke dagen, dan fielt men de smerte en de leechte dûbeld. En wat hiene se moai wêze kinnen neist Anna myn breid! No koe ik allinne yn tsjerke ris nei in slank fammepostuer sjen oan 'e frouljuskant, it fine holke hast alhiel ferside yn 'e grutte kape fan har Spaanske fliger. En al te folle doarst ik der net ienris nei sjen om 'e spot fan 'e minsken.

Ien kear mar hawwe wy inoar ien koart eagenblik yn 't antlit sjoen. It wie de tolf nachten, it jier út, sterk iis. Aldersierlikst winterwaar, sinneljocht op snie, net sa tsjuster en damp as it op midwinter,

[pagina 94]
[p. 94]

de dei fan Sint-Thomas de Twiivler, wol wêze kin. Ik wie de middeis ier it easten yn riden, de mar oer en fierder, yn de frisse winterwyn op, dy't my mar súntsjes temjitte rûzele. Der kaam fan 'e oare kant in belslide oanjeien, it lûd fan 'e skodzjende belderkes kaam mei elke stap fan 'e tugende swarte neier. Doe seach ik dat Douwe Roorda him yn 'e hannen hie. In slide fol fammen. Anna. De holle wûndermoai en fyn yn it pelswurk, de wangen effen reade fan 'e winterwyn. Ik hie de eagen allinne op har, hja seach ek dat ik it wie, it gesicht ferloek. Foarby wie se. Hie it allinne skrik en sneuens by har west of ek blydskip en oandienens? Omsjen woe ik net, ik wie al genôch útlake fan har susters.

Mar myn geniet fan 'e kostlike winterdei wie fuort. Sûnder doel ried ik fierder, al mar fierder it easten yn. Ik bedarre yn in herberge, dêr't it jongfolk wille hie. Iispearen dûnsen, mar ik fielde my allinne.

 

Doe't ik my wer opbûn, hearde ik hoe't yn it easten alle klokken letten: it Sint-Thomaslieden sette yn, mar it harke my ta, oft myn deaklokken letten en alle twivel fan 'e Hillige Twiivler bekroep myn herte.

 

Ik ried huverjend de kâlde, stjerrende westergloede temjitte.

 

En no wie it al Snitser koperen tiisdei. Sêft waar, justjes dizich, en alle folk makke wille.

‘Dû moatst de holle sa net hingje litte,’ sei myn freon Bolema, de abbekaat, tsjin my. ‘Der wurdt al genôch oer jimme praat.’

‘Is 't dochs sa? Wat wurdt der dan krekt sein?’

Ik hie ek wolris wat heard. Hja hiene der tsjin my ek wol omhinne helle, mar dat it sa slim wie, wist ek net.

‘Dêr wurdt wakker ûngelyk oer praat, oft jimme werkelik boaske binne of net.’

‘Wêr bemuoie de lju har mei! Hoe kin dat no yn 'e kiif stean?’

‘Dat silst sels wol it beste witte. De Dekema's en Douwe Roorda en syn wiif sizze, dat Anna har berie ha soe, mar Anna sels moat hjir en dêr tajûn hawwe, dat se boaske hie.’

[pagina 95]
[p. 95]

‘Ja, it leit grif net oan Anna.’ It die my goed, dit te hearren.

- ‘De lju binne benijd, watstû no dwaan silst. Ast it ek trochsette silst.’

Wy rûnen op it Grutsân. Under it krioeljende folk foar ús wie in pearke, dat it net mei-inoar fine koe. Hja wrakselen sa'n bytsje tegearre. Ynienen skuorde de faam har los en fleach in ein fuort. Mei in pear setten wie de feint by har en naam se mei yn syn sterke earmen nei de kloft jongfolk, dêr't se by hearden. Willich liet se har doe wer meifiere.

‘Sokken hawwe it gâns makliker, as se trochsette wolle,’ antwurde ik myn freon. ‘Mar dêrom lit ik my myn ferloofde net ûntsette.’

‘Silst se wol skake moatte,’ lake Bolema. ‘Dat soe opskuor jaan! Wat soe dy Eedwyr op 'e noas sjen en dy Roorda's!’

Ik tocht oan de famyljetradysjes, oan it kontrakt tusken de Liauckema's en de Herema's, oan it testamint fan Anna har âlden, oan har eigen wifkjen.

‘Ik wit net. Ik betwivelje it, oft Anna dêrfoar te finen wêze soe.’

Bolema fluite tusken de tosken.

‘Mei ûnwillige breiden is 't min dûnsjen.’

‘Mar ik hoech myn eigen ek net te skaken, mien ik. Ik ha myn rjochten!’

‘Ast der in proses oer begjinne wolst, bin ik dyn abbekaat fansels.’ ‘Fansels. Mar safier is 't noch net. Ik sil 't earst noch oars besiikje.’ ‘Besiikjen is 't neiste rjocht.’

Wist ik mar, hoe't Anna it my miende. Om Anna troch it rjocht twinge te litten, har troubelofte nei te kommen, dêr wie ik daalk noch net oan ta, foaral as it tsjin Anna har sin gyng. Ik seach al, hoe't har mûle wjersin tekene. Doe hearde ik, in eintsje fan my of, dúdlik ien út it folk roppen:

‘Sjoch, sjoch! Dat is dy jonker, dy't net by syn breid komme mei!’

Ik hearde guon efter my gysgobjen. Ik bearde, dat ik neat hearde en rûn in stap hurder.

 

Myn rjochten soe ik net slûpe litte!


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken