Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 117]
[p. 117]

XX

It ferrin fan it proses hat tige spannend west en wy hiene mar op ús iepenst te wêzen, of eigentlik is it earliker te sizzen: Bolema hie mar op syn iepenst te wêzen. Net dat it om sokke grutte dingen mear gyng, doe't Anna ús ferklearring, dat ik har net mear oer houlik lêstich falle soe, oannommen hie en ik dêrtroch de mooglikheid kwytrekke wie, ea wer in pleit oer sok ding tsjin har begjinne te kinnen. Och nee, om grutte dingen gyng it doe wier net mear, allinne noch om wat kosten en om wat eare.

 

Mar it wie goed foar my, nei de slach, dy't ik krekt krige hie, om my ta sokke dingen bepale te moatten. It makke de piniging lichter, dy't Anna har bywêzen foar my wie. In piniging en tagelyk noch in wrang geniet, want ik hinge noch oan har mei al myn sinnen. Letter kin men jin soks amper mear yntinke.

 

It wie in strafproses en dochs hie it tagelyk ek al de spanning fan in sivyl proses. Dat kaam fan dr. Ruerd. Anna har abbekaat, dy't al syn abbekatetûkens te baat naam om my allinne ta de kosten feroardiele te krijen. Dêrfoar hat er op alle manearen besocht, in sivyl proses yn it strafproses ûntstean te litten en wy hiene mar te soargjen, dat wy ús net bleatjoegen. Dêrom prate dr. Ruerd ek hyltyd fan in rjochtsfoardering, dy't ik tsjin Anna hie en dy't ik neffens him trochsette of ferlitte moast. Dêrom easke er no daalk, nei't er myn ferklearring fan gjin pleit begjinne te sillen foar alle feilichheid oannommen hie, dan ek, dat de biskop my likegoed

[pagina 118]
[p. 118]

noch feroardielje soe ta stilswijen (dat woe sizze, dat ik gjin proses hjiroer begjinne mocht) en dat Anna fan myn foardering ûntslein wurde mocht, want dêr folge mei-iens út, dat ik ta de kosten feroardiele waard, en hy sloech net oer om ek dat te easkjen. Hy woe derop út, dat ik in rjochtsfoardering oer houlik ynsteld en troch dy falle te litten, mei-iens wer ferlern hie. En hy woe my fansels mar leafst foar de kosten fan it hiele strafproses opdraaie litte.

 

Mar wy hoegden der gjin lang berie oer, wat wy dêrop antwurdzje soene. Ik, Alef, wie net troch Anna sitearre om myn rjochtsfoardering troch te setten of te ferlitten, leine wy yn, mar troch de prokureur-fiskaal fan 'e biskop. Ynhoefier't Anna har fâd der dochs efter siet, dêr praten wy net oer fansels; dat binne wy nea gewaar wurden en formeel hie it der ek neat mei te meitsjen. Sels hie ik likemin in rjochtsfoardering ynsteld, seine wy, mar ik hie allinne troch myn ferklearring fan tefoaren ôfstân dien fan 'e mooglikheid yn 'e takomst in pleit oer houlik oan te gean. Ik hie dêrmei dus krekt bewiis jûn, gjin sivyl proses te wollen. Dêrom kaam in eask oangeande de kosten fan 'e iene beklage tsjin de oare dan ek net te pas. Mei myn ferklearring hie ik juffer Anna allinne mar efkes gerêststelle wollen (o wat koe Bolema it moai belizze; dat makke hy derfan, dat Anna my hjirta twongen hie troch dat brief!). Mar dat hie neat mei in sivile proseduere te meitsjen, ommers elkenien koe ôfstân dwaan fan syn rjocht. Bolema drukte op rjocht; wat seach Eedwyr doe fergiftich nei ús. En Anna wûn har blykber ek op; ik seach hoe't hja nidich in pompier yn 'e hannen beweegde, dat grif myn brief west hat, dêr't hja as it wêze moast noch wraak mei útoefenje koe.

 

Dr. Ruerd joech it noch net oer. Hy hâlde út, dat der troch myn ferklearring wol wis en wrychtich litis contestatio west hie, dat ik my wol foargoed partij steld hie. No is dat it gefal yn in sivyl proses, sadree't de easker syn eask dien en dejinge dy't sitearre is antwurde hat: de ferhâldingen binne dan fiksearre, dat it fûnis moat folgje. Sa stie it der hjir neffens him mei ús ek by; ik koe my der

[pagina 119]
[p. 119]

dan ek net langer foar weiwine, hâlde er út; safolleste minder om't partijen sitearre wiene om it skeel oer houlik ta in útdragene saak te bringen.

Dat wie in bretaal stikje! Want dêr stie neat fan yn 'e sitaasje; dy wie suver krimineel. Mar dr. Ruerd woe mei alle geweld in prejudisjeel proseske útlokje, en dêrta besocht er elk middel; wa wit, koe er it immen efkes suggerearje, dat dit yn 'e sitaasje stie!

En no kaam er wer op it punt, dêr't it foaral om begûn wie: de kosten. Ik hie de oarsaak dêrfan west en de oanlieding dêrta jûn; dêrom moast ik neffens wat ik fertsjinne en neffens rjocht ek yn 'e kosten feroardiele wurde, want dejinge dy't de oarsaak fan skea west hat wurdt achte de skea sels teweechbrocht te hawwen.

Bolema hie it wolris faker tongerjen heard. Dy sloech fan dit staaltsje abbekatekeunst net efteroer. Hy ûntstried, dat der tusken beklagen partij steld (dus in sivyl proses ûntstien) wie inkeld troch myn tasizzing en hy wiisde derop dat de prokureur-fiskaal ús amtlik foar it rjocht dage hie en dat der dêrom ek nea sein wurde koe, dat ik dizze saak teweechbrocht hie.

 

Wat der yn 'e biskop omgien is, doe't er dy beide abbekaten dêr foar him sa'n fûleindich duel fieren seach, wa sil it sizze? Hy siet it oan te hearren, as gyng it him neat oan. Ja ynteressearre wie er, mar fierder liet it him grif kâld. Hoe koe er ek witte, dat myn hert noch kromp fan 'e pine? En as er it al witten hie, it soe him net oandeard hawwe. Want hy wie hjir net kommen om mei te libjen yn it lok of de smerte fan inkelen, dat wist ik út ynstinkt. It wie in fertsjintwurdiger fan in ûnpersoanlike macht, dy't him net bekroade om it lot fan 'e inkeling; fan in folk net ienris. Sa fielde ik it oan, sa hawwe alle Friezen it oanfield, ek dyselden dy't lykas ik by de Tsjerke bleaun binne. O dat âlde yn dy Tsjerke, dat in stik fan ússels wie, dat stie ús folle neier, alhoefolle der ek ferkeard yn west hawwe mei. Dizze biskop hiene wy gjin diel oan, dat wie in frjemdling, dy't ús foarskriuwe soe, hoe't it tenei moast. En ik hie my dêryn skikt om de wille fan in idele hope! Op dat stuit hate ik dy biskop, dy't him der mûlk yn fermakke, dat it him sa moai

[pagina 120]
[p. 120]

slagge, mei dit proses de rjochtspraak oer houlikssaken oan te heljen. Ik moat derby sizze, hy hat him yn dit proses tige ûnpartidich hâlden. Dy middeis hat er de beide abbekaten grif mar prate litten om sadwaande in ynsjoch yn 'e feiten te krijen. De oare deis soe er fûnis wize.

 

Dy jûnes haw ik besocht yn ‘De Gouden Helm’ myn fertriet mei bier te ferspielen, mar doe't ik neitiid op bêd soe, foel myn each op it helmteken, dat ik de lêste tiid boppe myn wapen fierd hie. It kaam my foar as in hún dy't ik mysels oandien hie. Wat wie der wurden fan de suvere leafde en fan de fjoerige minne! De jongfaam dy't ik der yn myn oermoed op skilderje litten hie wie my fierste koket yn har twang read klaad mei it reade rûne huodsje en de reade roas hâlde hja my fierste útdaagjend omheech. Hoe soe ik dêr wer mei te Snits ferskine? Ik tocht deroer om it earst noch oerskilderje te litten. De âlde ienhoarn koe der mar better wer op, alhoewol dy wie no wol oerwûn. Lykwols, soks wie my ek te lyts, en foar wa't de feroaring opmerke soene woe ik my ek net kenne litte. Ik soe dochs wol besiikje moatte, gewoan te dwaan.

 

Ik foel daalk yn 'e sliep, mar ik tiisde noch mei de helmtekens om. De jongfaam waard al mar grutter en kaam nei foaren, it antlit libbe ek. Wa wie it, Anna Dekema, Eedwyr? Mar dat antlit stie sa spotsk, hja lake sa wreed. En de ienhoarn wie der ek. De faam beweegde de reade earmen en briek him syn lange hoarn fan 'e foarholle. En dy ienhoarn wie iksels. Doe kamen der reade plakken op blêden en stâle fan de roas: bloed. En it read fan 'e klean wie ek allegear bloed.

 

It wie in neare dream. Hja tapen leau 'k ek moai swier bier yn ‘De Gouden Helm’.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken