Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 121]
[p. 121]

XXI

De werklike Anna Dekema wie net sa'n mansheld as de dame, dêr't ik fan dreamd hie, mar de oare moarns wie hja noch like striidber en beret as de foarige deis. Hja hie mar earder sa wêze moatten, doe't hja har sin tsjin har sibben troch te setten hie, mar ik sil har sin wol nea net genôch west hawwe, oars hie hja grif net sa wifke. Hja liet my foar de sitting jitte in briefke takomme, dêr't hja nochris yn warskôge, dat ik it brief allinne weromkrige, wannear't ik foar it gerjocht dúdlik ferklearre, dat ik gjin geheim houlik mei har sletten hie. Hja hoegde my net mear út te lizzen, skreau se, wêrom se dit betingst makke.

No, wa't a sein hat moat ek mar bie sizze. Bolema wist my dêr maklikernôch ta te bewegen. Hie ik itselde yn feite al net tajûn, frege er, troch myn ferklearring, dat ik fan in proses oer houlik ôfseach? Dêr lei dochs ek al yn opsletten, dat der gjin werklik houlik west hie. Boppedat, wy soene lykwols wol itselde sizze moatte. It wie ommers krekt it feit, dêr't wy fan beskuldige waarden. Dat soene wy wol ûntstride moatte, as wy frijsprutsen wurde woene. Sa waard myn nederlaach wol folslein!

Bolema wie wol ridlik goed op 'e hichte mei alles wat it Trentske Konsylje besletten hie en wat dêr mei yn Fryslân bard, of leaver, net bard wie. Dochs hiene wy ús oer it lêste earst nochris presiis bewisse by myn susters skoanheit, mr. Idzard Sickingha, de riedshear yn 't Hôf. Dat wy wiene wol wis fan de dingen, dy't wy bybrochten tsjin de eask fan 'e oanklager.

[pagina 122]
[p. 122]

Ik hie, wie ús ferdigening, foartiid gjin witten hân fan 'e dekreten fan it Konsylje, om't de ynhâld, dêr't ik no kunde fan krige, net faak, lit stean tige faak, yn tsjerke te Snits ôfkundige wie, wylst it Konsylje bepaalde, dat dat it earste jiers barre moast om alle minsken bekend te wurden. Ik bea oan om mei in eed te befêstigjen, dat de besluten fan it Konsylje yn myn bywêzen net ôfkundige wiene. En as der al wat oer fan 'e stoel ôfkundige west hie, dan wie dat net bard mei foarlêzing fan 'e hiele ynhâld en mei bekendmakking fan ienige straf, mar inkeld neffens de haadsaken. Bolema lei fierder út, hoe't nimmen, net allinne te Snits, noch te Ljouwert, noch yn hiele Fryslân him oan dy tiid ta oan it Konsylje steurd hie. Dat wie net it gefal mei itjinge foarskreaun wie oer it tal heffers by de doop en likemin wie der feroaring kommen yn it oangean en it plechtich yn tsjerke sluten fan 'e houliken. Alles barde hjir noch presiis gelyk as foar it Tridentinum. Dêrom hie de easker net it rjocht om fan my de straf te foarderjen, dy't op it net neikommen fan dizze dekreten stie. En as de biskop woe, dat dy hjir yn Fryslân neilibbe wurde soene, dan moast er earst troch ôfkundiging soargje, dat de minsken der hjir mei op 'e hichte kamen.

En doe krige Anna har sin. Alhoewol, wy joegen net mear ta as perfoarst hoegde. It wie ek it foarnaamste argumint dêr't wy op frijsprutsen wurde moasten: it die net bliken, fierden wy oan, dat ik in geheim houlik sletten hie. Om't Anna Dekema dat ûntstried en ik it net tajoech, behalven dan foarsafier't it neffens rjocht bestie. Sa naam ik dan teminsten net mear tebek as wat net wier west hie. Ik hâlde fol, dat wy boaske hiene, mar dêr stie ommers gjin straf op.

Us beslút wie dan ek, dat ik troch it fûnis fan 'e biskop frijsprutsen wurde moast fan 'e eask, ik makke boppedat sels in eask fan 'e kosten.

 

De prokureur-fiskaal bleau by syn eask. Dr. Ruerd naam daalk myn erkenning oan, dat ik gjin houlik mei Anna oangien hie. Fierders bleau ek hy by syn eask, dy't my feroardielje en de kosten foar my opkomme litte moast.

[pagina 123]
[p. 123]

Doe spriek de biskop it earste, saneamde interlokutoire fûnis út en hy gebea my dêryn, om, às ik noch wat (yn in sivyl proses) tsjin Anna oer de houliksfraach yn te bringen hie, it dan no daalk te dwaan, deselde deis of op syn alderlêst de oare moarns om njoggen oere. Ja, de biskop joech my ek wòl rom de gelegenheid; hy hie ek leaver dat it dochs noch in sivyl pleit waard, as dat it as strafsaak wol wat ryklik stomp ôfrûn. Makke ik hjir gjin gebrûk fan, dan soe de biskop sels de saak, ek wat it sivile oanbelange, ôfdwaan.

Och, wat belang hiene wy no noch by in sivile saak tsjin Anna? Wy woene de ein ek wol sjen, dat wy wachten net oan 'e oare moarns ta, mar wy ferklearren fuortendaalk jitris, gjin foardering tsjin Anna ynstelle te sillen en dermei tefreden te wêzen, dat beide partijen in ivich stilswijen oplein waard.

 

Dr. Ruerd like it nochris besiikje te wollen, mar ik seach, hoe't Anna op him ynprate. Grif fersocht hja him om hjir tefreden mei te wêzen. Hy naam dêrnei út namme fan juffer Anna myn ferklearring oan.

Wy hiene no alteast de lytse foldwaning, dat de biskop ús yn ús juridyske opfetting fan it proses gelyk joech. Dr. Ruerds manoeuvre om him troch my betelje te litten mislearre. De biskop ûntsloech ús allebeide yn syn einfûnis fan 'e prokureur-fiskaal syn eask en hy liet elk syn eigen kosten betelje. Plechtich barde de útspraak fan it fûnis, ûnder oanropping fan Kristus' namme. Tagelyk die er it sivile ôf, hy lei ús beide in ivich stilswijen op, dat wy inoar oer en wer letter net wer oangeande it skeel oer houlik lêstich falle of inoar bekladzje soene.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken