Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Elbrich (1998)

Informatie terzijde

Titelpagina van Elbrich
Afbeelding van ElbrichToon afbeelding van titelpagina van Elbrich

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.58 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Elbrich

(1998)–Ype Poortinga–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 231]
[p. 231]

XVII

Sa't ik se sitten sjoen hie de jûns, dat ik oankommen wie, sa slieten hja ornaris de jûnen yn it mulhús. Wylst de hannen dwaande binne mei it iene of 't oare, kin it petear wol trochgean. Alle trije komme se út in oar nêst, alle trije hawwe se har eigen skat fan teltsjes en oerleveringen meikrige. Willemke hat boppedat boeken - har heit pielde al mei soks - dat jout ek wer nije stof ta fertellen. Iggele is jonger as Elbrich; hy is net in drokke prater, harkje kin er nammenste better. Womk dêrfoaroer hat gauris de mûle yn beide hannen. Hja hoecht ek net om 'e wurden te sykjen en falt daalk mei de hiele wâl út, as se ornearret har betinken sizze te moatten, en dat komt gauris foar. It beart wat rou, mar hja hat in guodlik aard. Willemke dolt djipper; as hja oardielet, dan telle de dingen mei, dy't op 'e grûn fan in minskeherte lizze. Sa is der ek ferskaat yn 'e lytste mienskip.

Mar it praat rekket ek wolris op; men hat elkoar sa faak al heard. In gast kin nije stof ynbringe. Wat wie billiker as dat ik earst ris in ferhaal die!

De leginde, dy't ik fertelde, hie ik mei sin útsocht. Ik woe ris hearre, wat Willemke derfan sizze soe. It wie de histoarje fan myn patroan, de hillige Alexius.

Ik skildere, hoe goed Alexius it as jonge hân hie, iennichst soan út in foarnaam Romeinsk hûs as er wie. It hie earst like as soene syn âlden gjin bern krije. Dûbeld wiis wiene hja dêrtroch mei him en der waard neat skromme om him in goede opfieding te jaan. Hy woechs op ta in from kristenminske. Hy gyng yn tsjinst fan 'e

[pagina 232]
[p. 232]

Keizer en soe, om't syn heit it graach woe, mei in jongfaam fan syn stân trouwe.

It wie in tsjep en edel fanke. Se hie Alexius leaf en dy mocht har ek wol lije. Op 'e brulloftsdei barde der neat bûtenwenstichs. Doe't it nacht wurden wie, sei de heit:

‘Soan, jou dy no op bêd by dyn wiif, neffens it befel fan God yn 'e himel!’ Alexius hie altyd dien, wat syn heit sei en hy liet him no ek nei de sliepkeamer bringe, lykas dat yn 'e breidsnacht giet, mei sang en jûchhei. Mar doe't er de jongfaam dêr seach, op bêd, doe teach er it him oan. Syn himelske Hear kaam him yn 't sin, dy hie er mear leaf as al it ierdske.

‘O God,’ sei er, ‘hoe benearet my de sûnde. As ik no net flechtsje, wat dan...?’ Hy seach syn skiene breid wachtsjende. ‘Ik bin sa eang, dat ik Jo hjirby ferlies.’

De faam wist net, wat hja deroan hie, doe't hja tegearre wiene. Hja hie him leaf en hja woe sa jerne it bêd mei him diele. Mar Alexius hâlde him fier fan har. Hy die neat as praten, praten. Hja hearde earst amper, wat er sei. Wêrom kaam er no net by har? Yn har wiidiepen ferwûndere eagen lies er har fraach. Dêrom waarden syn wurden ynmoediger. Hja hearde, hoe't er it ierdske libben smade en har de freugden fan it himelske skildere. Hja hie in leauwige siele en de ferkundiging fan 'e preester woe hja altyd wol oannimme, mar hjir koe hja de holle net by hâlde. Alexius seach, dat it har fertrette. ‘Harkje nei my!’ sei er. ‘Harkje goed! Nim allinne Him ta man, Dy't ús ferlost hat mei Syn kostber bloed. Yn dizze wrâld bestiet gjin folsleine leafde. It libben is ûnwis en der is gjin bliuwende eare. Dizze bliidskip sil feroare wurde yn bittere drôfenis.’

Hja begûn te skriemen. Hja woe Kristus wol ta Hear, mar Alexius ta man hawwe. Dy lykwols joech har de draachriem fan syn swurd en syn trouring. Hy rekke har net oan, mar gyng stil út 'e keamer. De breid sûnder man lei noch in tiidlang te snokken yn it wide bêd. Pas lang om let, want hja skamme har sa, gyng se nei Alexius' mem. It hûs waard fan ûnderen oant boppen trochsocht, mar Alexius fûnen hja net. Hy wie deselde nachts noch út it lân flechte.

[pagina 233]
[p. 233]

Ik fertelde noch fierder - allinne kriemde ik no wat koarter - hoe't Alexius santjin jier yn 'e frjemdte as in earme bidler God tsjinne. Pas doe't er syn wenplak ferliet, om't hja him dêr as in hillige begûnen te ferearjen, belâne er wer yn Rome, in stoarm dreau him dêrhinne. Jitris santjin jier libbet er as in ûnbekende bidler ûnder de treppen fan syn heite hûs. De rykdom en it noflik libben, dy't sines wêze koene, hat er de measte oanstriid net fan. Mar as er syn mem kleien heart en as er sjocht, hoe't syn breid noch altyd yn swiere rouwe op him wachtet, dan bekrûpt it him. Mar hy hâldt hoek, sa siik en ellindich as er is.

Earst nei syn dea waard op wûndere wize bekend, wa't dy sike bidler west hie, dy't tsjin syn heit sein hie:

‘Nim my om Gods wil yn dyn hûs; jou my iten om wille fan 'e leafde ta dyn soan.’

Dat wie sikersonk in nij ferhaal! Mei sân pear earen harken se.

Dat wie al in hillich man, hear! ornearre Iggele. Ofgryslik noch ta. Hoe bestie it!

Womk hie safolle ferbaasde earbied net foar myn patroan. It hie grif in droege bokken west, woe se hawwe.

Winliken in sûch.

‘Hy moast my net foarhân ha,’ sei se en se seach om har hinne as hie se de iene hillige op en soe de oare deroan. ‘Ik soe him moares leard hawwe. En as er dan noch net woe, koe er om my ek opkrosse. Ik soe der net in minút om treurje, lit stean fan safolle jier. As der dan gjin tried frouljusfleis oan him siet, hie er it safier net komme litte moatten. Skande om in faam sa te behanneljen. Ik soe wol sjoen hawwe, dat ik in oare man krige, dy't better wist, hoe't er mei in frommes oan moast.’

‘Wêrom ha jo dêr dan no net foar soarge?’ frege Iggele ûnnoazelwei.

‘As ik sa'n moaie rike juffer west hie...,’ joech se werom. ‘No woene se Womk net ha.’ Oer de breid yn 'e leginde makke se har hjit. Iggele syn fraach seach se net oars fan.

Willemke moast har efkes langer betinke. Doe sei hja: ‘Al hoe'n from man dy Alexius west hawwe mei, it libben is mear as in

[pagina 234]
[p. 234]

wachtsjen op 'e dea mei bidden en festjen. Dêrfoar is it ek net fan God jûn en dêrfoar hat er de minsken ek net man en wiif skepen.’

En hja foel Womk by, sa mocht men jins breid net behannelje. Njonkelytsen liet se har wat mear gean. Hja priizge de wiere, folle leafde tusken man en wiif, fan muontsen en nonnen moast se neat hawwe. Ik iggewearre wat tsjin om mear út te lokjen.

It petear oer it selibaat makke wat los!

Hja kaam der rjocht foar út, dat hja yn har hert al lang net mear roomsk wie. Har heit hie boekjes oer de nije leare hân en wie dêr tige yn opgien. Hy hie ek ta de gemeente ûnder it krús heard, sa't hja it neamde. Har mem hie oan it âlde hongen, mar it hie der like goed om west tusken dy twa. Foar de bern lykwols wie it net goed, woe hja ha, om sa jong te witten, dat men God op twa manearen tsjinje koe. Wat der yn heite boekjes stie, wist hja moai skoan.

Womk hie alris in pear kear grânzge. It hâlde safolle yn as in warskôging oan Willemke. Mar dy lake har yn it gesicht út. Dizze gast soe har net ferriede. Doe fertelden wy mei-iens mar, dat wy inoar net foar de earste kear moete hiene.

Ik hie net foar my hâlden, dat ik it âlde ek oanhong, mar sa't wy it beide opnamen, soe dat ús net skiede, fielde ik no wol.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken