Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 98]
[p. 98]

14

It wie noch foar Krysttiid, doe kamen der op in dei twa frjemde mannen by dominy Douwes Dekker mei de fraach, oft er in fredesgearkomste yn Abbingawâld liede woe. En dominy, sûnder te freegjen hoe of wat, antwurde daliks: ‘Wis wol, fansels wol.’

Yn in hiel skoft hat dominy der doe neat fan heard, en it is him hast al wer fergetten, as er op in dei in brief kriget út Hollân; it wurdt no tiid, dat dy gearkomste hâlden wurdt, stiet dêryn. It moat in tsjûgenisgearkomste wurde en de lju út Hollân sille foar in pear sprekkers soargje; as dominy ek noch inkelden optromje kin, dan kin it tige de muoite wurdich wurde.

De dagen dy't komme, siket dominy Douwes Dekker sprekkers en hy ferwûndert him der tige oer, dat sawat nimmen wol. Boargemaster Suringa seit, dat hy der gjin gedoente mei ha kin; siktaris Jelles is wat freonliker: it spyt him wol en it is fansels in tige goed doel, mar hy hat it net oan tiid him dêrfoar ree te meitsjen. Ek noch by in pear oaren kriget er soksoarte beskie en hy is op 't lêst bliid, dat freule Valéry de Charleville har ree ferklearret wat te sizzen oer ‘De frou en de oarloch’. Sjesa, dat is dochs ien, hysels sil it hawwe oer ‘De tsjerke en de oarloch’, en dan moat it dy lju út Hollân mar goed wêze.

It is harren yndie goed. Dominy moat yn Abbingawâld mar flink reklame meitsje, skriuwe se him; yn de omkriten dêr't hja wat konneksjes hawwe, dogge hja it wol.

Dominy Douwes Dekker skriuwt in moaie oprop, en siktaris

[pagina 99]
[p. 99]

Jelles lit dêr op 'e siktarije in oardel hûndert fan meitsje; kategisaasjebern stopje se yn 'e brievebussen.

En dan komt de fredejûn; de seal fan Jan Berga is moai fol en lang net allinne mei Abbingawâldsters, dat sjocht dominy wol. Der is nochal wat arbeidersfolk by, dat hy net ken, mar dat is suver neat; de frede is in ding, dêr't eltsenien belang by hat. Ien man is der by, dy't dominy Douwes Dekker wol faker sjoen mient te hawwen; mar op dit stuit kin er him net thúsbringe. Hea, hokfoar man is dat ek wer?

Hy hat it net oan tiid, dêr lang oer te prakkesearjen; it rint tsjin achten en hy is net allinnich foarsitter, mar ek sprekker. Fan de lju út Hollân is ien oerkaam, dy't seit, sels it wurd dwaan te sillen. Fierder hat er as sprekker noch in De Vries meinaam.

En dêr stapt de hillige Veronica al krigel it poadium op; hja kin út eigen ûnderfining sizze, seit hja, dat de oarloch de minsken ta bidlers makket, en dat hja der troch de oarloch ta komme har eare te ferjitten. Benammen foar froulju is dat faai. Is der minder op 'e wrâld as in frou sûnder eare?

Foar sa'n âld minske sprekt hja dúdlik en wat hja seit, skeelt net safolle; dochs is der wat dat makket, dat somlike lju út en troch skodholje. Faaks is it it protsje hier, dat op har holle omdûnset; it kin ek wêze, dat de lange en oan it kin ta tichtknope jûpe, dy't hja oan hat, it him docht. Of soe it wêze kinne, dat har postuer en har praten dochs in bytsje kornyk, in bytsje grotesk oandogge?

Dominy sels hat it oer de fouten fan de tsjerke yn it ferline en har taak foar de takomst. De tsjerke moat de moed hawwe, har fûl en mei alle krêft tsjin de oarloch te kearen, sels yn tiden fan oarloch. Der is in opstannich lûd yn syn stimme, dat blykber party harkers wol noasket, want hja klappe, wilens dat er sprekt; mar siktaris Jelles en oaren klappe net. Dominy draaft wat troch, achtsje hja; benammen siktaris woe dominy wat foarsichtiger ha, no't it kommunistyske riedslid ek yn 'e seal sit. Siktaris hat noch mei him fûstke; dat koe net bêst oars, al wie it him min nei 't sin.

De man út Hollân seit, dat der noch te min ienriedichheid is

[pagina 100]
[p. 100]

yn it stik fan oarlochsbestriding. De oarloch is in divelsk hantwurk fan op winst longerjende grutkapitalisten en nei macht stribjende steatslju. In ienheidsfront moat der komme, ropt er, dat in ein makket oan it bewâld fan datsoarte minsken.

En dan komt De Vries. Ja, mar horis, dy man hjit net De Vries! It is de persoan, dy't dominy sakrekt net thûsbringe koe, mar no sjocht er it: it is it kommunistyske riedslid Kampstra. ‘Sil hy sprekke?’ freget er kel oan de Hollâner, en dy knikt: hy sei dochs al, in Fries!

Fansels, no giet it der fiks om wei; Kampstra is ferneamd om syn lûde stimme en grutte wurden. Jawisse, juffer Valéry de Charleville en kammeraat Douwes Dekker hawwe it wol moai sein, mar al dat gepraat hat neat om 'e hakken, as men net konsekwint doart te wêzen. Men moat it arbeidzjende folk stypje yn syn stribjen om de macht oer te nimmen fan dyjingen, dy't it hjoed de dei noch foar it sizzen hawwe, wat earder wat better. Yn ien grut lân is dat al bard.

De Hollâner hie nochal wat byfal, mar as Kampstra útpraat is, klappe allinne de lju fan bûten, syn oanhingers fansels. De Abbingawâldsters fiele har bedragen; hja binne te fiter naam. Dominy hat wer ris net goedernôch út 'e eagen sjoen; ‘kammeraat’ Douwes Dekker! Kammeraat Douwes Dekker, al wat ûntdien, besiket noch in konklûzje te lûken; fansels binne hja it oer somlike dingen net iens, mar dochs ferbynt ien grut idee alle minsken yn dizze seal: dat der gjin oarloch wer komme mei.

Siktaris Jelles, freule Valéry de Charleville en noch gâns oaren binne al fuortrûn, wiles dat Kampstra spriek, en dat achtet dominy einliken bot genôch.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken