Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 118]
[p. 118]

21

Hylke Berga moat oars net folle fan syn neef Lomme hawwe, mar no hâldt er him dochs wolris oan, om wiis te wurden hoe't it mei de baron giet. Dy blinder, it sil dochs in hiele feroaring jaan, as dy komt te ferstjerren. Soene der wer nije bewenners op 'e state komme? Der steane yn Fryslân wol mear fan sokke grutte huzen leech. Foar in protte minsken en benammen foar in protte ferieningen kin it in tige strop wurde.

‘It sil net lang mear duorje,’ fertelt Lomme Berga him op in frisse maartske moarn, ‘ik soe sizze, it rint nei de ein.’

Hylke Berga wurdt der al even stil fan, en yn de bakkerij moat er fierder op 'e dei neat fan grappen hawwe.

De minsken wachtsje op folle dingen yn Abbingawâld yn dizze snuorje; ek op de beneaming fan in nije notaris en fan in nije kantonrjochter. Der wurdt sein, dat de kandidaat noch altiten wol hope hat, dat er syn baas, dy't no yn in grut hûs te Ljouwert tahâldt, opfolgje sil. Hy liket relaasjes te hawwen, dy't net sûnder ynfloed binne; en hy ferstiet it fak wol, want hy sit mei yn de lieding fan in kursus foar notariële eksamens.

Wat it kantonrjochtersbaantsje oanbelanget, it is net alhiel ûnbekend bleaun, dat de jongste soan fan Laerman baron Tinnegieter dêr op docht. Mar oft er it kriget, dêr binne de lju it lang net iens oer. Party ornearje, dat soks einliken net kin; kantonrjochter is net in amtsje, dat samar fan heit op soan oergean mei, en boppedat is in Laerman baron Tinnegieter sa faak rjochter yn eigen saak. Foarhinne like dat net sa'n beswier te wêzen, mar der

[pagina 119]
[p. 119]

binne wol mear dingen, dêr't yn dizze dagen wat oars oer tocht wurdt as yn it ferline.

De sljochtweihinne minsken fiele dat wat better oan as Laerman baron Tinnegieter. Har geast is net betiisd yn âlde foarmen en begripen; de tiid giet harren neier oan as safolle lju, dy't yn grutte huzen efter tsjokke muorren en ûnder dûbelde dakken wenje. Nee, dat kin net, dat giet net.

Der binne yn Abbingawâld lykwols ek wol guon, dy't der oars oer tinke en baron Victor fierwei de grutste kâns jouwe, mar har tal is lyts. Hylke Berga heart net by harren, hoe graach er ek woe, dat it barde. En Lomme Berga ek net. Beide hawwe se har prakkesaasjes no; Hylke Berga tinkt oan de dofkes, dy't de sjitferiening ‘Van Speijk’ tenei faaks net mear krije sil, en Lomme Berga sjocht de ein fan syn ryk neierby kommen en dat pleaget him. Net om himsels, want foar himsels hat er mar in bytsje easken, mar om de tsjerke; om de lju fan Bethel, dy't al dreame fan de dei, dat har dominy fan de kânsel fan de Abbingawâldster tsjerke it wiere leauwe ferkundigje sil. Soe alles noch mislearje? Soe al syn wurk fan jierren noch om 'e nocht west hawwe?

Sa is Abbingawâld yn ôfwachting. Ek fan de maaityd. Want al wenje se tusken de beammen, de kjeld fernimme se likegoed as op oare plakken en hja hawwe der skjin har nocht fan. As de wyn mar ris nei in oare hoeke sette.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken