Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 115]
[p. 115]

20

Der binne bewyskes fan de maaityd, mar mear ek net as bewyskes. Boppe de sleatten binne de elzekatsjes oan it útkommen ta; ek is der strewel yn de lijte en yn de sinne, dat al tsjokke knoppen hat. De maarteblomkes komme boppe de grûn en efter it gemeentehûs is in klyster, dy't út en troch al besiket te sjongen. Mar it wol noch net fan rjochten, mei de blommen net en mei de klyster allikemin. Alles wachtet op mylder dagen; lykwols, de wyn set iderkear fannijs nei it noarden en dan stoot de snie wer oer it lân en kletterje de heilstiennen op 'e strjitte en tsjin de ruten. De winter is let kaam, mar no wit er net fan ophâlden.

De sjef-fjildwachter en Klaas Sietema hawwe in putsje hân: in man ophelle, dy't hinnen en oare ytbere waar stellen hawwe moat. It is in man, dy't al in kear of sân sitten hat, ien kear in jier fanwegen stekkerij mei in mes; immen dy't net gau ferfeard en dêr't alleman in bytsje bang fan is. Hja wiene goed wapene, de sjef en Klaas Sietema, doe't se hjir op ôf gyngen, mei gummystôken en revolvers, mar it hie alhielendal net nedich west, want Eabele gyng samar mei. Neat te dwaan mei hiele Eabele. Hy siet thús by syn âlde mem, doe't hja kamen; en doe't er heard hie, wêr't it om gyng, sei er neat oars as: ‘No, dan moat ik mar mei, neat oan te dwaan.’

Klaas Sietema hat him goed yn it fizier hâlden, doe't hja nei Abbingawâld setten; sa'n fint koe ris útnaaie wolle. Mar Eabele fytste gewoan mei, ûndertusken ferhalen dwaande oer aventoeren mei froulju, dy't er belibbe hie. By de sjef woene dy ferhalen der wol yn; Klaas Sietema wiene se hast mâlernôch.

[pagina 116]
[p. 116]

No steane se efter it gemeentehûs mei har trijen. De revolver en de gummystôk hingje swier yn Klaas Sietema's bûse: wat in drokte om neat! Is dit no dy gefaarlike Eabele?

‘Freegje Lammers even om de kaai fan it arrestantehok,’ hjit de sjef Klaas Sietema, ‘dêr moat er earst mar even yn.’

‘Is it dêre ek wat waarm?’ freget Eabele, ‘yn de kjeld te sitten is net sa noflik.’

It fierdere petear heart Klaas Sietema net, mar even letter heart er de sjef ynienen wol roppen en bearen: ‘Pak him, dy dogeneat; hâldt him, dy dief!’

Yn in sucht is Klaas Sietema wer bûtendoar, noch sûnder kaai, mar dy is ek net mear nedich, want de arrestant is al fuort: troch it tún hinne, oer in sleat en de bosk yn.

‘Sil ik him noch nei?’

Dy fraach docht Klaas Sietema oan de tige ûntdiene sjef, dy't read om 'e holle is fan argewaasje en noch in pear driigjende flokwurden sprekt oan it adres fan de ferdwûne Eabele.

‘Bliuw hjir mar. It jout dochs neat.’ En de sjef fertelt, hoe't it bard is. Eabele sei: ‘Sjoch, sjoch, dy fûgel dêre, dy sjongt al,’ dêrby wizende op 'e swarte klyster yn de parrebeam. No, dêr woe de sjef wol even nei sjen; in amerij de eagen fan Eabele ôf dus en rûtsdy, as in hazze naaide de arrestant út.

‘Dy sjogge wy daliks net wer,’ seit de sjef, ‘fan 't hjerst miskien; faaks komt er dan wol út himsels. In divelske keardel. Ik hie ek better op him passe moatten.’

Krekt, dêr rekket de sjef de wurtel yn it lid. Klaas Sietema is bliid, dat him dit net oerkaam is; dan hied er grif aardich wat te hearren krige fan de sjef en boargemaster Suringa.

Hja rinne noch even troch it tún om nei te gean, wêr't Eabele krekt lâns stutsen is. By it tintsje sjogge hja it wite gesicht fan Sipke Lammers. De lippen fan Sipke preuvelje wat.

‘Hawwe jo him rinnen sjoen?’ freget de sjef.

Sipke Lammers giet in bytsje oerein; de beide polysjes wurde der kel fan, sa ferfallen sjocht hy der út.

‘Wat wie dat?’ freget er.

[pagina 117]
[p. 117]

Hast tagelyk komt út syn mûle in reade floed, in weach fan bloed. Klaas Sietema sjocht soks foar it earst; it wearzget him en tagelyk fielt er in djip meilijen mei dizze jongkeardel. ‘Ik sil Lammers even roppe,’ seit er tsjin de sjef en giet hastich it paad del werom. In minút of wat letter is dokter De Leeuw der ek al. Klaas Sietema sjocht him skodholjen.

Ut it noarden komt in sniebuoi oer. De klyster sit al lang net mear yn de parrebeam.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken