Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 112]
[p. 112]

19

Der giet praat fan, dat Saapke Berga besiik hân hat fan dy arsjitekt, dêr't hja al in set mei briefke hie. Mar it moat net in lange besite west hawwe; as men de ferhalen leauwe mei, wied er net alhielendal frij fan drank en koed er de hannen amper thúshâlde. ‘In heal oere, langer hat de auto der net stien,’ fertelt Dillema, de skearbaas, oan Steggerda, dy't se krûme Loadewyk neame. Steggerda hat syn hiele libben yn Abbingawâld tahâlden en ken eltsenien; fansels wol er ek in bytsje op 'e hichte bliuwe.

Letter ferskynt master Walinga ek yn de skearwinkel; dan wurdt it al even stil, mar Dillema rint net oer fan beskiedenheid en takt. ‘Ik soe it mar ris wer mei Saapke Berga oanlizze,’ seit er, ‘dy oare hat ferline snein in blauwe skine rûn.’

‘Soa, just,’ seit master Walinga en nimt in krante fan de tafel; hy wol krekt dwaan as koe it him neat skele, mar de kaam dy't er kriget, ferret him. Hy hat ek al sokssawat heard.

‘Dat wie neat foar Saapke,’ praat Dillema troch, ‘hja sizze, dat dy keardel har oer de tafel hinne in tút jaan woe, ha, ha!’

Master Walinga seit neat; hy docht as lêst er yn 'e krante. Mar hy lêst alhielendal net. Hy tinkt der oan, dat Saapke him no faaks wer goedernôch achtsje sil. As er dat sa neigiet, hat hja him mar min behannele. Hy is al wat wizer wurden, master Walinga, yn dizze wiken. It sil fan har útgean, tinkt er, net fan my.

‘Hja hawwe de doar efter him tichtsmiten mei in klap, dat wy koene it hjir yn 'e hûs hearre.’ Dillema rekket der net sa gau oer útpraat.

[pagina 113]
[p. 113]

As krûme Loadewyk ûnder it mes weikomt, leit er master Walinga de hân op it skouder.

‘Wês wizer, master, en bekroadzje jo net om dat waanwize mirakel. Der binne mear froulju as tsjerken. As jo der josels in bytsje by jouwe, dan fine jo grif wol in betterenien.’

‘Hy seit it en ik tocht it,’ stimt Dillema mei. ‘Dat is gjin frommes, dat is in sinnige kanarje mei har eigenwize stapkes en har hege c. Har gegalm hinget my al lang de kiel út; dêr meitsje ik nochris wurk fan. Sykje ien út, dy't wat sljochter en wat platter is, master!’

Jawisse, it wurdt moai opsein yn de skearwinkel fan Dillema, en yn syn hert kin master Walinga de twa manlju net hielendal ûngelyk jaan. Der hat in tiid west, dat er fan Saapke gjin kwea hearre koe, mar dat is foarby. Hy wit har brekken tige skoan, master Walinga, mar hy hat wat te min fantasije; it is foar him in swier stik, de takomst oars te sjen as mei Saapke en him as frou en man. Soe it dochs mooglik wêze, dat er noch in oarenien fynt? It wol him net fan rjochten oan noch.

Master Walinga is in stil mantsje, mar hy hâldt dochs net fan iensumheid. Hy woe sa graach ris út syn ûngesellige keamer wei yn in eigen hûs stappe. Nee, moai behannele hat Saapke him net. Wat soe dy sizze, as hy it ris mei in oarenien oanlei? Master Walinga wurdt hast kel oer de flecht fan syn eigen tinken. Ja, wat soe Saapke dan sizze?

As er op 'e skearstoel sit, fertelt Dillema, wat er ris mei Wibren belibbe hat. Hy hie syn sjalotten te droegjen hongen oer it stek by syn tún en murk allegeduerigen, dat der guon fan fuort wiene. Op in kear seach er Wibren Berga der wei kommen; it lof fan de sjalotten stiek him noch ta de bûsen út. ‘Ik sei tsjin Wibren: “It is raar, mar ik reitsje al myn sjalotten kwyt.” En witte jo, wat Wibren sei? “Dat dogge de jonges, Dillema; dy stekke de sjalotten op 'e pylken en dan sjitte se der mei. It is sûnde en skande, dat skoandere iten. Mar ik sil der tenei ek wol wat op tasjen.” - Hy soe der op tasjen, jawol en dêr gyng er mei myn sjalotten hinne.’

It is in âlde dogeneat, dy Wibren Berga. Master Walinga wit it fansels al lang. Hy hat yn 'e hûs dêre wolris parren iten, dêr't

[pagina 114]
[p. 114]

Wibren grif net earlik oan kaam wie. Mar mei Wibren hat er neat oan 'e pet; it hat him altiten om Saapke te dwaan west.

Dillema liket syn prakkesaasjes te rieden.

‘Dy't mei Saapke trout, moat Wibren der op ta nimme. Wibren nimt gjin húshâldster, dat begruttet him fierste folle.’

‘No moatte jo dêr ek ris oer ophâlde,’ seit master Walinga, ‘it kin sa hast wol.’

Mar de twivel, dy't de lêste moannen by him opkaam is, is wer tanommen; de fûnk is in flam wurden, dy't it âlde ferbarnt, dat pynlik is, mar tagelyk skjin skip makket foar de takomst.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken