Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 189]
[p. 189]

21

It treft net sa bêst, dat der oan de lange rige moaie dagen in ein komt krekt tsjin Pinkster. De freeds is it tige brodzich, en de nachts wurdt it swier waar; omraak! Langer as treddel oere hingje de buoien boppe de Wâlden; dan driuwe se ôf mei in moaie snjit noardwestewyn yn 'e rêch. It is amperoan juny; men is der noch net.

En de sneons waait der in heale stoarm; yn flappen stoot de wyn by de rjochtknipte linebeammen lâns, en út in grouwe wolk falt hagel. Nee, men is der noch net.

‘Wat in waar, fannacht!’ seit Durkje, Hessel de Boer syn kreaze húshâldster, tsjin Hylke Berga, as hja mekoar op 'e reed moetsje.‘Needwaar,’ seit Hylke Berga, ‘it moat hjir tichteby in kearmannich op 'e triedden slein wêze. Wy ha der in hiel set ôf west.’

‘Wy net,’ fertelt Durkje, ‘ik sei tsjin Hessel: Hearst it net tongerjen, mar dy sliept troch alles hinne.’

Hylke Berga sjocht sabeare ferheard.

‘Sliepe jimme dan by mankoarren?’

Durkje is oars net sa gau ferslein, mar hjir wit se daliks gjin passend antwurd op. ‘Ferhip, flauwe fint!’ seit hja, en ferdwynt mei in kaam.

Jan Berga sjocht dizze dei faak yn it waar, mar hy begrypt njonkelytsen wol, dat er net op tige winstjouwende hjeldagen hoecht te rekkenjen. Hy hie it oars sa moai foarmekoar: it tún mei syn smoute hoeken en hernen al ynoarder mei stuollen en sa en de touter en oare boarterij skjinmakke en smard. Ek syn belvedêre hie

[pagina 190]
[p. 190]

er wat ôfbjinne litten. Mar mei sok waar wurdt it neat. Hy hat der in min sin fan, mar it helpt him net folle.

Mei dit waar giet siktaris Jelles de bosk yn te kuierjen, hy, dy't oars altiten binnenshûs efter syn papieren en boeken sit. Hy docht it dan ek net om't er it sa graach wol; dokter De Leeuw hat him lykwols hjitten, wat mear bûten te wêzen. Siktaris hie wat lêst fan dwilens, de lêste tiid, en neffens dokter kaam dat, om't er nea de bûtenloft rûkt, om't er allinne syn holle en nea de lea brûkt. Dêrom giet siktaris Jelles mei dit waar te kuierjen.

Nee, hy docht it net mei nocht, siktaris Jelles. Kuierjen is by him gjin goede beuzichheid foar in earnstich man. De gemeente-begrutting, de gearkomsten fan B. en W., briefkes en advyskes, dêr libbet er foar. Kuierjen en neatdwaan is likernôch itselde: lykwols, it is net goed, doktersrie te fersmiten.

It rûzet yn 'e beammen en út en troch skynt it der swart en wyt trochhinne fan de grouwe wolken, dy't fan de seekant oandriuwen komme. Der falle altemets ek drippen, mar dy komme ornaris net oan 'e grûn ta; hja wurde wei yn de hege krunen fan bûkelen ikelbeammen.

Efter syn skriuwburo, dêr makket siktaris Jelles in keardel út; yn 'e bosk rint er mar frijwat ûnwennich om. Hy wit de goede paden amper mear, en sa komt er op plakken, dêr't grutte plassen steane en hy mar oppasse moat, gjin wiete fuotten te krijen. Siktaris fielt him net yn syn wêzen; hy fielt him nea yn syn wêzen op oare paden as de deistige en de wenstige. Alles hie faaks wat oars west, as syn frou sa fleurich en sa fiks bleaun wie as yn 'e tiid, dat hja trouden. Mar de rimmetyk hat har lêstich en krimmenearderich makke, dy ferdealde rimmetyk, dy't mar net better wurde wol. En bern hawwe hja net.

Ja, ja, de hurde praktyk rommet yllúzjes ûnferbidlik op; siktaris is al in moai stik oer de fyftich hinne en syn fierder libben leit rjochtút foar him; wat foar moais hat er der noch fan te ferwachtsjen? Gjin bern en in rimmetikige frou, dan moat men it wol yn it wurk sykje, yn de begrutting en yn advyskes.

It minne paad, dêr't siktaris op bedarre is, hâldt op by in hikke;

[pagina 191]
[p. 191]

efter dy hikke lizze de grienlânen. It is al lang lyn, dat siktaris dy sjoen hat, oars as út it tramke of de gemeenteauto. Der geane weagen oer it hege gers, mar alles liket in bytsje skier op dit stuit, want de sinne sit efter in wolk. De loft is skerp; men sjocht yn 'e fierte oare stikken bosk lizzen en mear nei rjochts binne in toer en tsjerke en in fabrykspipe te sjen; dêr geane de Wâlden neigeraden oer yn de klynlânen fan Eastergoa.

Dan komt de sinne derby en alles kriget kleur en djipte. De reindrippen fûnkje en blinke yn it gers, en siktaris Jelles sjocht ek de lange earen fan in pear kninen. En dêr, by dy hikke, op dy frisse sneon foar Pinkster, wylst er oer de fjilden en nei de himel dêrboppe stoarret, ferwûnderet siktaris him ynienen, as nea tefoaren, oer Gods hearlike natuer. En rêst komt der oer him, wylst er harket nei de sterke stimme fan de wyn, heech yn de beammen.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken