Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Abbingawâld (1999)

Informatie terzijde

Titelpagina van Abbingawâld
Afbeelding van AbbingawâldToon afbeelding van titelpagina van Abbingawâld

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Abbingawâld

(1999)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 221]
[p. 221]

6

Oan in reed oan 'e kant fan it doarp lizze túntsjes fan Abbingawâldsters, dy't efterhûs gjin bou hawwe kinne. Ien fan de moaiste lapen is fan Dillema, de skearbaas. Al syn frije tiid hâldt Dillema maaityds, simmers en hjerstmis op 'e tún ta; hy kroadet der dong hinne, hy dolt en wjuddet en syn tún leveret him folle mear op as er foar syn húshâlding nedich is. Mar dat is net sa slim, wat hjasels net ite, kin er oaren wol in deugd mei dwaan; en hysels kriget dan ek wolris wat. Sa giet dat op 'e doarpen.

Wibren Berga mei tige graach by dizze bou lâns rinne en in praatsje meitsje mei de lju, dy't dêr oan it wurk binne. Dêrby ûntgiet him neat; hy wit tige bêst, waans woarteltsjes it bêst steane en waans blomkoal en beantsjes der it moaist útsjogge.

De túntsjende Abbingawâldsters hawwe it net stean op Wibren Berga. ‘Dêr ha je dy âld sik ek wer,’ sizze se, as er der oankomt; en hja binne nea net sa praatsk, mar dat hoecht ek net, want Wibren sels hat altiten wol genôch te jeuzeljen: oer it waar en oer de minsken.

It bart dat Wibren Berga, wylst er, steande op 'e reed, tsjin Dillema oer it waar en oer de minsken praat, tige sjocht nei Dillema's woarteltsjes, dy't sa moai steane as woarteltsjes op sângrûn mar stean kinne. Dillema hat him wol yn 'e rekken. Hy hat trije grutte bêden woarteltsjes en as Wibren Berga him om in mieltsje frege hie, och, dan hied er it faaks wol krige. Mar Wibren Berga freget net, Wibren Berga nimt. En dêr hâlde de minsken net fan, Dillema ek net.

[pagina 222]
[p. 222]

Fansels, sa bretaal is Wibren Berga net, dat er wat fan in tún naderje soe dêr't oaren by binne. Jûns, as de minsken thús binne of moarns ier makket er syn streuptochten. Hy kriget de woarteltsjes net, tinkt Dillema... ferdeald, Wibren Berga sil se net ha, al moat er hjir ek de hiele nacht by oppasse.

De reed, dêr't de túntsjes oan lizze, rint dea tsjin in izeren stek, dêr't in stik ferbeane bosk efter leit. Men kin gjin sydpaad yngean, der is mar ien paad hinne en werom: de reed sels.

De jûns kuieret Wibren Berga de reed op; mar as er de holle omdraait, sjocht er, dat Dillema efter him oan komt. Wibren pandert stadich troch, oant er by it izeren stek is, en giet dan werom. De loft is berûn; de sinne sil sa likernôch yn 't ûndergean wêze. Dillema stiet dan op 'e hoeke fan 'e reed mei immen te praten.

It wurdt al wat tsjuster, as Wibren Berga nochris wer de kant fan it izeren stek út set. Syn oertsjûging, dat Dillema aansens wol nei hûs stekke sil, is reedlikernôch; alle minsken geane jûns op bêd, teminsten yn Abbingawâld. Mar as er wer by de túntsjes is, sjocht er de skym fan Dillema yn de hjeljûn noch by de yngong fan de reed.

Wibren Berga fynt dat wol wat lêstich; woarteltsjes kin men net sa goed ûnder de jas stopje. Dochs noch mar even wachtsje. As er wer by it izeren stek is, is der yn 'e bosk sawat neat mear te sjen. Wibren wurdt tige kel, as er ynienen wat efter him risseljen heart; it is lykwols mar in knyn, waans wippend wyt sturtsje er noch krekt yn de ûnderwâl ferdwinen sjocht.

In moai setsje bliuwt Wibren Berga tsjin it stek oan stean. It is in bytsje ljochtmoanne en hy kin it paad noch wol sjen, as er foar de tredde kear weromset. De klok slacht alve. Nee, mar no wurdt it dochs wat al te mâl, Dillema stiet der noch. Wat bemaalt sa'n keardel! Wibren Berga begrypt der neat fan, mar syn geduld is te'n ein. It moat wat oars as er tocht hie, mar de woarteltsjes sil er ha!

Om ien oere yn de nacht begjint Dillema syn nocht fan it wachtsjen te krijen. Wêr soe dy âld sik bliuwe? Hy panderet de reed op, mar der is gjin minske te sjen. Wol sjocht er, dat immen ta syn woarteltsjes west hat.

[pagina 223]
[p. 223]

Dillema flokt; dit achtet er in sterk stikje. Wer soe Wibren bedarre wêze? Hy fielt no hoe sliepperich er is, en noch oan it izeren stek ta te rinnen om Wibren te sykjen, dêr hat er gjin nocht mear oan.

Under de lantearne foar Wibren's hûs fynt er de oplossing fan it riedling. Hy sjocht, dat in wiet spoar oan Wibren syn doar ta rint; jawisse, der leit ek einekroas op 'e stiennen. No laket Dillema; hy begrypt, dat Wibren troch in sleat krûpt is mei de woarteltsjes. Ja, Dillema laket, om 'e rare minsken dy't der omrinne en omdat syn op wacht stean dochs fertuten dien hat.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken