Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De bijekening (1981)

Informatie terzijde

Titelpagina van De bijekening
Afbeelding van De bijekeningToon afbeelding van titelpagina van De bijekening

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.37 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De bijekening

(1981)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

De kiste mei it heil

Bouwe Caesar Hommema wie in man dy't miende in boadskip oan de wrâld te hawwen. Hy mocht graach fertelle út in laach te kommen fan gelearden en oare grutte mannen, mar de foarnamme Caesar hie dêr neat mei te meitsjen. Dy hied er der by krige om't er mei de keizersneed yn 'e wrâld holpen wie. Neffens syn eigen ferhaal hie it wikkerdewik west of hy hie hielendal net bestien en dat soe in grut ferlies west hawwe foar de wrâld, want dan hie der in djippe tinker minder west. Dat wie fansels wolmoai sein, mar it bjustere fan it gefal wie dat hy der net om lake.

Der is reden om oan te nimmen dat de goede famylje, dêr't Bouwe Caesar Hommema út wei kaam, him earst nei Kanada en letter nei Austraalje stjoerd hie om fan him ôf te wêzen. As er dan

[pagina 10]
[p. 10]

dochs in boadskip oan 'e wrâld hie, dan koed er dat like goed yn fiere lannen hearre litte en hiene hja der hjir gjin lêst fan. Mar dy fiere lannen wiene wat te wiid en te rom foar Bouwe Caesar syn lûd, it wie mar in tin lûd dat samar ferwaaide oer de wide romte fan de Kanadeeske prairyprovinsjes en hielendal weiwaard yn de hjitte en lege Australyske woastyn. Mar dêr yn Austraalje hied er al Berber opdien, bern út in mislearre Fryske lânferhuzershúshâlding, dy't de ierapels ferdroegjen en it goede swartbûnte fee omkommen sjoen hie op in grûn dêr't mar ienris yn de fiif jier mear as in swinkje reinwetter foel en boppedat hiele seksjes kninen alles opfrieten wat grien wie. Sa hie Berber, nei't it like, it noch poerbêst troffen as húshâldster by in man dy't him rêde koe en in fin mear hawwe moast as in bears. Want net allinne hied er in skriuwtafel, hy hie ek in kiste mei papieren dêr't er neffens syn sizzen it heil fan de wrâld yn beskreaun hie.

Bouwe Caesar Hommema: in profeet, miende Berber en hja hat dat leauwe neitiid nea alhiel opjûn. Mar it heil fan de wrâld, dat wie in ljocht dat yn in kiste net skine koe. It moast der út helle wurde en op in ferheging set. Ofprinte hearden de papieren te wurden ear't it boadskip ferkundige wurde koe. Yn Austraalje waard dat neat en der kaam by dat Bouwe Caesar bijen hâlde woe, op ideële grûnen nei't er sei, en dat koe net yn sa'n hjit en droech klimaat. Hy woe werom nei Fryslân. Berber en hy moasten mar trouwe, want syn programma wie fierste grut opset foar in man allinne. Fyftjin jier jonger as hy wie Berber dochs al hast in âldfaam, dit hie hja nea mear dreame kinnen. En doe't hja in jier of wat letter ôfsetten, wie Peter der ek al; trije man sterk weauwen hja ôfskie nei Berber har fersutere famylje, in sloof fan in mem en in heit en twa soannen dy't foar in sober lean har út 'e liken bealgje moasten oan in spoarbaan dwers troch Austraalje hinne.

De goede famylje fan Bouwe Caesar Hommema hie tocht, dat hy yn in fier wrâlddiel dochs wol wat oanslach krije soe. Men seach it ommers sa faak dat in omstipper en niksnutter ûnder frjemd de geast kriget en in earlik bestean fynt. Mar hja hiene ien

[pagina 11]
[p. 11]

oer de oséanen stjoerd en krigen no trije werom. Der wie dêrom fan tefoaren in soad beöardere. Berber hie har al fernuvere oer de rige hantekenings dy't hja sette moatten hiene. Pas letter hie hja begrepen wêrom't dat wie. Der stie in beskieden hûs foar harren ree yn it gea Trimbeets. Mar Bouwe Caesar hie net it jild ta syn foldwaan dat er brûke woe om it heil út de kiste wrâldkundich te meitsjen. Der wie in kurator dy't de ponge hold. Krekt yn Trimbeets oankommen, moasten Bouwe Caesar en Berber al by notaris Hiddinga op it kantoar komme; as kurator, beneamd troch de rjochter ek mei harren goedfmen, woed er harren ferwolkomje en meidiele dat hja alle moannen op in beskieden mar neffens de famylje foldwaande útkearing rekkenje koene. As Berber dat woe, koe hja in part dêrfan krije. Tink der foaral om, dat jimme lytse jonge syn gerak kriget, sei notaris en hy seach Berber oan. Ja mynhear, sei Berber dimmen. Bouwe Caesar sei neat.

Krige Peter syn gerak? As frou, dy't tagelyk húshâldster bleaun wie, moast Berber der al om tinke dat it rêstich bleau yn 'e hûs as Bouwe Caesar siet te skriuwen. Stil Peter, stil Peter, heit is oan 't wurk! Berber wie der hillich fan oertsjûge, dat har man skreau om de minsken wizer en de wrâld better te meitsjen. Syn skriften kamen yn de kiste. Yn de boekekast stiene de wurken fan Peter Kropotkin. Kropotkin wie syn grut foarbyld, al miende er al him hjir en dêr wat oanfolje te moatten. En Peter, dy't nei Kropotkin neamd wie, waard opbrocht yn freze foar de kiste.

Wa't Bouwe Caesar Hommema te wurd woe moast efterom komme en seach him dan sitten oan syn skriuwtafel: in grize man mei de troanje fan in gelearde, mar mei ûnrêstige eagen en hânbewegings. Anders van Keimpema rûn alris oan: in bytsje nijsgjirrich, in bytsje twivelich. Hommema woe wol op 'e tekst. Wy moatte nei de grutte harmony fan de hiele skepping. Frijheid, gjin twang, want alle lijen op 'e wrâld komt fuort út macht en machtsmisbrûk. Yn frijheid moatte de grutte geasten lieding jaan. Hy, Bouwe Caesar Hommema, komt út in famylje fan mear as sljochtwei minsken. Dat heart der by. Sjoch nei Kropot-

[pagina 12]
[p. 12]

kin: gjin baron, gjin greve, gjin hartoch, mar in foarst, dat er nammers hielendal net wêze woe. Sjoch nei de wrâldskiednis: it binne altyd de lju fan goede famylje dy't de oaren omheech bringe, harren geast opheevje, har leare om frij te wêzen.

Anders van Keimpema moast sokke taal earst wol even fertarre. Hy seach nei de boeken, hy seach nei de kiste dêr't er doe noch net fan wist, dat it heil der yn siet. Hy hearde Berber al sizzen: Stil Peter, stil Peter! Krige Peter wol syn gerak? Berber wist net dat Bouwe Caesar jild efter hold, mar hja wist wol, dat hja in drôvich bytsje yn 'e hannen krige. Hja hie net genôch om klean foar Peter te keapjen en gjin naaimasjine om sels wat te meitsjen.

Der kaam dalje op. Eabele, Anders van Keimpema syn feint, komt efterom. Hy moat mei hynder en wein nei de buorren om feekoeken te heljen. Kin er ek wat meinimme? Ja, in brief fan Bouwe Caesar. Kin er ek wat mei weromnimme? No nee, letter wolris, seit Berber. Hja moat fan alles hawwe, mar har jild is sawat op. Eabele sjocht Peter en seit: dat jonkje kin wol mei. Dat liket Hommema skoan ta en Berber doar net nee te sizzen. Mar de triennen komme har yn 'e eagen, sa suterich yn 'e klean as hja it jonkje fuortgean litte moat. Hommema, seit hja, ik moat wat jild hawwe foar klean foar Peter. Oer in naaimasjine praat hja noch net. Bouwe Caesar leit de finger op 'e lippen. Sst, even wachtsje noch, Berber, 't Is noch in geheim, mar ik haw in brief stjoerd oan in útjouwer. Faaks moat ik earst wat tabetelje, mar dat krij ik letter fansels dûbel en dwers werom.

Doe hat it west dat Berber in ljochtsje opgyng. Hja samle al har moed. Hommema, jo binne in geny, mar Peter mei net tekoart-komme. Ik moat jild hawwe foar wat klean foar him. Hja sei noch net: ek foar mysels. Hja sei noch net: ek foar in naaimasjine. Hommema waard noch witer as er al wie. En myn boeken dan, Berber! En myn boadskip oan de wrâld! Mar Berber bleau stiif yn 'e skuon stean. De húshâlding giet foar, Hommema. Wy moatte ek te iten hawwe. Hja krige in pear tsientsjes fan him los en hie wol goed foar it ferstân dat it op sa'n wize net trochgean

[pagina 13]
[p. 13]

koe. Letter brocht Eabele Peter werom, in aardich praterke al fan fjouwer jier, dy't him thús tefolle stilhâlde moast. Mem, ik haw in ferske leard, wat bistû leaflik, rys... Eabele lake. Rizende simmermoarn, hy leart it gau. Mar op 'e buorren seine se al, hy wivele... no ja. It hert kloppe Berber ynienen yn 'e kiel. Wat seine se, Eabele?

No ja... Eabele loek oan 'e skouders: frou De Groot fan it foeraazjebedriuw woe ha, jo soene it jonkje wat better klaaie. Frou De Groot sei, och stumper, en joech him in pipermuntsje. Berber fielde wer de triennen opkommen, mar hold har goed. It wie dat Peter net samar meimoatten hie. De minsken hoegden har net sa drok te meitsjen.

Dyselde middeis, ear't hja te boadskipjen gyng, hat Berber doe by notaris Hiddinga west. In aardige man. Siet Berber krap? Neat te rêden, hear. Hja hie rjocht op in part fan Bouwe Caesar syn útkearing en koe it alle moannen wol ophelje. It lei yn in slûf op it kantoar. En in naaimasjine? Dochs gjin nijenien? Nee, sei Berber, dat hoegde net. De oare deis krige hja in healsliten thús-besoarge. Oer de post kaam in brief fan notaris oan de hear B.C. Hommema. Notaris skreau, dat it him by neier ynsjen dochs gaadliker like om alle moannen mefrou Hommema wat jild takomme te litten, yn mindering op de fêste útkearing. Der stie net by, dat mefrou Hommema by him west hie. Berber siet der wat oer yn, mar striidree wie hja wol. Ik kaam him tsjin en hy frege, hoe't it gyng. Ik sei: wol goed, mar ik moat o sa nedich in naai-masjine hawwe.

Oer it jild prate hja net. Bouwe Caesar ek net. Hy wie snoad genôch om te begripen hoe't it gien wie, mar net moedich genôch om planút te sizzen hoe't him dit allegearre yn 'e wei wie. Hy grommele sawat dat it grutte medisyn, dêr't er de wrâld mei genêze woe, no al wer langer weibliuwe moast. Berber swei, om't hja net sizze woe: dat is dan net oars. Bouwe Caesar wie in geny en hja woe wol leauwe dat hy it minskdom it heil fan de wrâld ferkundigje koe. Mar de wrâld hie al sa lang op it heil wachte; it moast dan yn 'e goedichheid noch mar even yn 'e kiste bliuwe.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken