Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De bijekening (1981)

Informatie terzijde

Titelpagina van De bijekening
Afbeelding van De bijekeningToon afbeelding van titelpagina van De bijekening

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.37 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De bijekening

(1981)–Sjoerd van der Schaaf–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige

Foarearst de ein

Der wie net folle drôvens mear by it kofjemiel neitiid. Rembertus Hommema sei al, dat it feitlik wat tragysk wie dat de famyljeleden mekoarren allinne mar seagen by in stjergefal, mar krekt troch de seldsumens fan de moeting wie der in soad te fertellen. De twillingen Jitske Alida en Alida Jitske wiene beide ûnderwilens troud mei toskedokters, mar dat wiene gjin broers. Douwe Hommema wie promovearre en ferwachte in beneaming oan de stjerrewacht fan Pasadena yn Californië. Earst noch al trouwe, elkenien moast mar komme; yn in famylje wiene ek fleuriger dingen as begraffenissen. Feyona, de famylje-âldste, prate wat op Peter yn, koe hy net nei de universiteit fan Leien ta ynpleats fan nei dy yn Grins? Leien wie neffens har in graad heger en joech de ôfstudearren mear oansjen en foarkommen: en dêr, Peter, komt it yn it libben op oan. Franke Hommema hie it noch oer domeny Grootjan, dochs wol aardich fan dy man, mar alhiel yn striid mei de famylje-tradysje; Peter syn oerpake, in advokaat op 't Hearrenfean, hearde by de liberale frijtinkers mei as haadmannen lju as Multatuli, Van Vloten en Moleschott. Peter soe har noch wol tsjinkomme yn syn skiednisstúdzje.

Der wiene ek noch erfeniskwestjes te regeljen. Notaris Hiddinga syn kuratorskip wie fansels ôfrûn, no't Bouwe Caesar der net mear wie, mar soe dochs wol Berber har riedsman bliuwe. Der wie wat jild, mar it moast goed beheard wurde. Der waard besletten, Franke Hommema moast mar tasjend fâd oer Peter wurde, al like Feyona dêr ek wol smucht op te hawwen. Peter hie omke Franke leaver.

Doe wie it ek tiid foar ôfskie: muoike Wybrich en muoike Janti-

[pagina 182]
[p. 182]

na rôpen om it hurdst dat Peter mar gauris komme moast, der wie in praten en fûstkjen, Peter fielde foargoed dat der mear opluchting wie as fertriet, nammers dizze ôfrin wie wol better as heit nei Frjentsjer mei alle noed en alle kosten.

In heal oerke fytsen fan Trimbeets ôf heal yn 'e bosk stie de útspanning It Jagershûs. Dêrhinne noege Hermanna op ien fan de lêste julydagen Peter út foar in lyts ôfskie. De oare deis soe hja ôfreizgje, earst nei Den Haach foar it houlik fan Sikko mei syn freule en dêrfandinne daliks fierder nei Lausanne. Der wie by It Jagershûs wat drokte fan toeristen en fan âlde minsken earne wei dy't in autotocht oanbean krige hiene, mar op 'e hoeke fan it terras koene hja dochs aardich rêstich sitte. Hast noch fertriet, Peter? frege Hermanna. Peter sei, dat it tafoel, mar dat er him wol fielde as ien dy't te gau folwoechsen wurden wie. Fan mem wie in stik noed en benearing ôffallen. Tsjerk de Wit hie al in radiotastel ynstallearre yn 'e keamer en hja tocht der sawier oer om yn 'e hjerst as alles wat bekommen en besonken wie, lid fan it sjongkoar te wurden. Wolstû wol leauwe Hermanna, dat ik har noch nea sjongen heard haw? No ja, de lêste tiid, dan núnderet hja út en troch wat.

Hermanna sei, dat hja har ek folle frijer fielde, mar dêrom wie hja noch net bliid. Hja wist hielendal net, oft it wol mei har mem akkordearje soe, mar hja wist wol, dat hja net op har heit weromfalle woe. En watfoar geast soe der komme op it Mienskar mei in waanwittich hearskip as Sikko en syn spoek fan in wiif? Peter frege oft it allegearre NSB-ers wiene. Hermanna wist it net sa krekt. Sikko al en nei alle gedachten dat freule-frommis ek. Sikko fynt dat syn soarte te min achting kriget. Neffens him krije yn de tsjinwurdige maatskippij de jiskemannen mear omtinken as de minsken fan goede famylje. Us heit is allinne mar bang dat wy Ynje ferlieze. Us jild skynt foaral yn Yndyske fûnsen te Sitten. Mar ik leau net dat hy sa gau ree is om housee te roppen. Hja wie fan in wûndere iepenhertichheid. Wie hja aardich? Peter hie okkerdeis mei mem by Goaitsen en har west. Joukje wie grif aardich en dochs fielde Peter foar har oer gjin bysûndere ta-

[pagina 183]
[p. 183]

gedienens. Dat hy fereale wie op Hermanna, kaam dus net fan har leavens. It betinken dat hja fuortgyng drukte him wee en near op 'e mage as naam hja in stik fan himsels mei.

Ik sil dy al misse, Hermanna. Hy die in hân foar it each dêr't in trien út weislûpe woe. Der loek in glim om Hermanna har lippen. Doch net sa sentimenteel, Peter. Dû rêdst it folle better as ik. Dû kinst dy frank en frij bewege, dû giest ankom jier op 'e stúdzje en krigest in keamer yn 'e stêd. Ik bliuw ôfhinklik fan âlden dy't net mei mekoarren kinne en dy't yn noed sitte om har jild. Fansels, it is al spitich, dat wy net mear sa'n Assurant-grap úthelje kinne.

It rommele wat yn 'e fierte en der foelen ynienen grouwe drippen. It wiene de hûnsdagen. Hja moasten gau sjen om yn de grutte jachtweide te kommen, dêr't it yn in sucht hielendal fol wie. Hermanna seach troch de ruten. It spielde no bûten. Ik hie oars graach even mei dy de bosk yn wold. Mar dat kin no fansels net, alles is kletstrochwiet.

Der stiene rûnom puozzen doe't hja weromfytsten. Ik sil dy skriuwe, Hermanna. Mar dû moatst ek weromskriuwe. Hermanna like net sa optein. Ik moat fansels al wer leare op myn lycée, ik wit net oft ik it oan tiid haw.

By it Mienskar ried Joldert krekt de auto op 'e wei. Hy stapte út doe't er Hermanna en Peter seach. Net trochfytse Peter, rôp Hermanna beret. Set dyn fyts tsjin in beam. Joldert sei: goed dat jo der binne Hermanna. Ik moast sjen wêr't jo bleauwen. Hermanna treau him har fyts yn 'e hannen. Goed fêsthâlde Joldert; en no kinne jo wat oerfertelle. Hja sloech Peter de hannen om 'e hals en treau har troanje tsjin sines. Peter, dû bist de aardichste jonge dy't ik ken. Ik sil altyd oan dy tinke. Peter woe har in tút jaan, mar wist net oft dat wol goed slagge.

In amerij letter wie Hermanna fuort en Peter, stadich nei hûs fytsend, frege him wat ferbjustere ôf, oft hja har hert sprekke litten hie of dat hja allinne Joldert werris wat foar de kroade ride wollen hie. En wat hie hja dwaan wollen yn 'e bosk by It Jagershûs?

[pagina 184]
[p. 184]

Op dit punt oankommen wolle wy de minsken en de dingen yn dit ferhaal mar foar in skoft gewurde litte. Bouwe Caesar Hommema is dea, sûnder de minsken feroare en de wrâld mei hannen omkeard hawwe te kinnen. De tiid is fol ûnrêst en driging en alles driuwt de kant út fan de grutte útbarsting. As dy kommen is, hoopje wy Peter wer te moetsjen en ferskate oaren, ek somliken dy't wat yn it ferjittersboek rekke liken te wêzen.


Vorige

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken