Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De fûke (1970)

Informatie terzijde

Titelpagina van De fûke
Afbeelding van De fûkeToon afbeelding van titelpagina van De fûke

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.15 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De fûke

(1970)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 76]
[p. 76]

Acht

Hwat er fan 't maittid tsjin it fanke sei doe't se togearre by de fûken del farden, wie net hielendal wier. Hy hie de gong nei de earmfâld wol makke. Gryt stie der foar de earste kear by him op oan, doe't se swier wie. Se leinen yn 'e feart oan 'e Swynswei. It arkje hier er yn Boarn kocht. In gammel skipke, dat eins net mear farre koe. Se krigen it mei lijen it kanael troch; Hindrik hong yn 'e line en hy stie to eazgjen. By de Swynswei sonk de ark har suver ûnder de hannen, dat doe't se in gloppe seagen, lutsen se it skip der gau yn. Se smieten der in pear kroaden klyn en tûken ûnder, sadat de arke net djipper sinke koe. En sadwaende wienen se oan 'e Swynswei hingjen bleaun.

Hy hie gjin sint om 'e hannen doe't se trouden. Gryt tsjinne op 'e Tynje by in bakker en krige op slach dien, dat se wenne earst noch in skoft by syn thús. Se forsloech yn 'e boel, hwant sûnt mem har forstjerren hie der gjin frommis oer de flier west, dat it naeide der bytiden raer út.

Fjouwer, fiif moanne hinne rekke Gryt op bêd. Hy stapte om lyk as oare Beetster manlju, mar mei Hindrik en heit as maten rêdden se it gau. Se streupten dy winter twa kear in ré. Gryt woe lykwols nei de dokter, hwant se krige hyltiten mear lêst, sei se. Hindrik en heit wienen fan bitinken, dat it jild forgriemen wie en Klaske fan Hindrik sei ek, dat it kunsten wienen. Gryt wie in krimmenearder, seinen se.

Dochs makke hy in loop mei har nei Boarn. Hy hie Gryt op 'e slide. Folle baet founen se net by dy dokter, mar hy skreau ek net in soad.

Fuort letter krige er dat trelit om dy boskwachter, dêr't er fjirtjin moanne foar sitte moast. Hy rekke nei it Fean, krekt

[pagina 77]
[p. 77]

foardat it wurk bigoun, en doe't er werom kaem, wie it der wer sahwat oan ta. Se arbeiden mar in wike as trije, doe moast der staekt wurde, omdat de feanbazen op it lean koartsje woenen. Hy koe eins net sûnder fortsjinst. De jonge wie der ûndertusken, in tjirmer neffens heit en Hindrik. En se hienen it nocht der goed ôf en help syn húshâlding troch de tiid. Hindrik moast, wylst hy yn Crackstate mei syn fjirtjin moanne dwaende wie, in loop nei Boarnburgum makke ha, dêr't Gryt har folk wenne, mar dy hienen genôch oan harsels.

Om de jonge gong er nei de earmfâld op 'e Sweach en Gryt stjûrde him ek nei de dominé, dy't it goed miende en immen gau ris hwat taskoude. Hy arbeide ek in pear wike by in boer yn âld Beets, foar fiersten to min jild, mar as er mear forstjinje woe, moast er nei de Grinzer klaei en hy woe net by de jonge wei. It hat ek noch even it doel west, dat er as fêst arbeider nei in boer yn Boarn soe en der wie in keammerke by. Gryt wie der o sa wiis mei. Heit spuide der oer, sa lulk wied er en Hindrik sei: - Is 't dy yn 'e plasse slein? Ien fan ús by de boer, it moat net mâlder wurde. Ast sels net doarste, sil ik Gryt wol sizze hwer't it op stiet.

Hy sei: - Ik doch it net om Gryt, ik wol dy jonge net misse.

Hy sei dy boer lykwols op en ear't er it Gryt oansei, kocht er op 'e hoeke mear buorrels as er tille koe, sadat hja it net yn 'e kant sette doarst. Hwant hy hie in kweade drank oer him.

En dochs rêdden se it op mei de jonge.

- It komt fan 'e bananen, sei Gryt.

Alle wike gong er nei de Gordyk om in kilo bananen en dêr krige de jonge trije deis fan. Gryt hie de sinten yn in kopke efter yn 'e kast stean en as der minsken oer de flier wienen, leinen de bananen ûnder it bêd. Der mochten gjin eagen oer gean, dat wie goed ôfpraet, en it jild, dat er foar it skiep bard hie, mocht nearne oars foar brûkt wurde. Letter helle er by de selde boer

[pagina 78]
[p. 78]

noch in skiep út 'e weide en by de selde man yn Drachten rekke er it kwyt. It wie in nuodlik ûndernimmen, mar se krigen der de jonge mei troch de tiid. Doe't er fiif waerd, wie it suver net mear oan him to sjen, dat er fier wei komme moatten hie.

- Falt my net ôf, sei Hindrik en Klaske wie fan bitinken, dat hjir wol fan in wûnder sprutsen wurde mocht.

- Hy moat it better ha as wy, sei Gryt tsjin him, en dat waerd de folgjende opjefte.

It hat om de jonge west, dat er dat baentsje by de polder oannaem. En doe't er Harm Dam op oanstean fan de foarsitter oansei, dat er de moandeis net komme hoegde, doe died er dat allinne om de jonge. Net oars.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken