Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
De fûke (2005)

Informatie terzijde

Titelpagina van De fûke
Afbeelding van De fûkeToon afbeelding van titelpagina van De fûke

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.18 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

De fûke

(2005)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 91]
[p. 91]

8 Bananen

Wat er fan 't maitiid tsjin it fanke sein hie doe't se tegearre by de fûken lâns farden, wie net hielendal wier. Hy hie de gong nei de earmfâld wol makke. Gryt stie der al by him op oan doe't se swier rekke.

Se leinen yn in gloppe fan de feart oan de Swynswei. It arkje hied er yn Aldeboarn kocht. It wie in gammel skipke dat eins net mear farre koe. Se krigen it mei lijen troch de Boarn nei it Beetster kanaal. Hindrik hong yn de line en hysels die ûnderweis oars net as hoazje. By de Swynswei sonk de ark him dochs noch hast ûnder de hannen wei. Doe't se in gloppe seagen, lutsen se it skip dêr gau yn. Se smieten der in protte klyn en in dracht tûken ûnder en setten him neitiid op de fjouwer hoeken fêst mei peallen, sadat it skip net mear sinke koe. Sadwaande wienen se oan de Swynswei wenjen bleaun.

Hy hie by 't trouwen gjin sint om hannen. Gryt tsjinne by in bakker op 'e Tynje en krige op slach dien doe't se fernamen dat se swier wie. By har folk woenen se har net ha, dêr hienen se genôch omstappers. Dat hy moast Gryt by syn thús ûnderdak bringe. Sûnt mem har ferstjerren hie dêr gjin frommes oer de flier west. It wie in rûge húshâlding en Gryt fersloech der daliks yn. In brijsieder fan neat, sei heit daliks, do hast in kat yn 'e sek kocht. Dêr siet Gryt by.

Fjouwer-fiif moanne letter rekke Gryt op bêd. Hy siet yn dy snuorje sûnder wurk, lykas de measte Beetster manlju, mar se streupten omraak. Hy en Hindrik snip-

[pagina 92]
[p. 92]

ten yn de Sweachster bosken twa kear in ree en mei in pear âlde skeakelnetten hellen se amers fol fisk út 'e petgatten by Stobbehoeke.

Gryt woe nei dokter ta, want se krige hyltiten mear lêst. Heit en Hindrik wienen fan betinken dat it jild fergriemen wie en Hindriks Klas, dy't Gryt bystie, sei ek dat it keunsten wienen. Gryt wie in krimmenearder en in eamelder, seinen se.

Dochs makke se in loop nei dokter yn Boarn. Hy hie Gryt op 'e slide, goed ynpakt en Klas gong mei. Folle baat fûn se der net by, mar dy Boarnster dokter skreau ek net in soad.

Fjouwer wike letter krige er dat trelit mei dy bosk-wachter dêr't er fjirtjin moanne foar sitte moast. Se hellen him op krekt foardat it wurk los kaam en doe't er út Crackstate weikaam, wie it wer hast safier. Doe wie de jonge der yntusken ek, in tjirmer lykas heit en Hindrik seinen. Gryt hie ien kear mei it boike nei Crackstate west, it die oars net as gûle en dat gûlen waard razen doe't it syn heit seach. Moatst hjir net wer mei him komme, hied er Gryt hjitten.

Germ wie him it neiste en der wie al ôfpraat dat it jonkje dan mar nei Germ neamd wurde soe. Heit hie gjin beswier, der wienen al twa Lykles en beide doogden neffens him net, dat der hoegden gjin mear by.

Nei't er út it tichthûs kaam, arbeiden se trije wike, doe moast der staakt wurde omdat de feanbazen op it lean koartsje woenen.

Hy koe net sûnder fertsjinst. Gryt hie gjin tate, de jonge moast swiete molke ha en noch it ien en oar. Hy makke earst in loop nei Gryt har folk yn Boarnburgum, mar dêr hienen se genôch oan harsels. Doe moast er wol nei de earmfâld yn Beetstersweach. Hy hold it stil foar heit en de oaren. Fan de earmfâld krige

[pagina 93]
[p. 93]

er in briefke dêr't er mei nei de winkel op 'e Sweach koe om rysmoal foar de poppe en hy mocht twaris wyks by in boer yn Aldbeets in mingel molke helje.

Neitiid siet er in pear wike yn 't losse wurk, skiplade op 'e Gordyk en spoarweinen losse. It fertsjinne min, mar as er mear barre woe, moast er nei de Grinzer klaai ta en hy woe net by de jonge wei.

It wie noch even it doel om fêst arbeider te wurden by in boer yn Boarn. It like net iens sa mâl. Hy hoegde net te melken en der wie in keammerke by, in stiennen hûs mei in reinwettersbak en in pomp. Gryt hie der in protte nocht oan, de ark wie dampich en moassich en foaral foar de jonge heal ferkeard.

Doe't heit it hearde, spuide er deroer, sa lulk wied er. En Hindrik sei: ‘Is it dy yn 'e plasse slein? Ien fan ús by de boer, dit is dwars troch alles hinne. Ast sels net doarste, sil ik Gryt wol sizze wêr't it op stiet.’

Hy sei: ‘Ik doch it net om Gryt, mar om de jonge.’

Hy sei dy boer lykwols ôf en ear't er it Gryt fertelde, kocht er yn it kafee by de brêge mear buorrels as er tille koe, sadat hja it net yn 'e kant sette doarst. Want hy hie in kweade dronk oer him.

En dochs skuorden se de jonge der trochhinne.

‘It komt fan de bananen,’ sei Gryt.

Alle wiken gong er nei de Gordyk om twa pûn bananen en dêr krige de jonge in pear deis fan. Gryt peide de bananen mei swiete molke en as se gjin molke hie, kôge se de bananen sels, sadat it tin iten waard. Se hie de sinten yn in kopke sûnder ear achter yn 'e kast stean en as der minsken oer de flier wienen, leinen de bananen yn it alkoof ûnder it bêd. Der mochten gjin eagen oer gean, dat wie goed ôfpraat. En it jild dat er foar it skiep bard hie, mocht nearne oars foar brûkt wurde.

Letter helle er by dyselde boer noch in skiep út 'e wei-

[pagina 94]
[p. 94]

de en by deselde man yn de Honnesteech yn Drachten rekke er it kwyt. Hy barde der eins te min foar en it wie in nuodlik ûndernimmen, mar se krigen der de jonge mei troch de tiid. Doe't er fiif waard, wie it suver net mear oan him te sjen dat er fierwei komme moatten hie.

‘Falt my net ôf,’ sei Hindrik doe't er de jonge skôge en Klas wie fan betinken dat hjir wol fan in wûnder sprutsen wurde mocht.

‘Hy moat it letter better ha as wy,’ sei Gryt tsjin him en dat waard de folgjende opjefte.

It hie om de jonge west dat er dat baantsje as opsichter by de polder oannaam.

Heit wiisde him de doar. Hy sei: ‘Mei dy ha 'k ôfdien, ik wol gjin slavedriuwer oer de flier.’ Hindrik woe ek gjin gedoente mear mei him ha.

Mar it gong om de jonge.

En doe't er dy loaie stjonkert mei syn grutte bek, Harm Dam, op oanstean fan de foarsitter dien joech, doe wie dat allinne om de jonge, net oars.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken