Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Sa wie 't sawat (1997)

Informatie terzijde

Titelpagina van Sa wie 't sawat
Afbeelding van Sa wie 't sawatToon afbeelding van titelpagina van Sa wie 't sawat

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Sa wie 't sawat

(1997)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 84]
[p. 84]

5 Untwikkelingshelp

Oan 'e seedyk by Nijebiltsyl snúfde ik de lucht op fan swarte brant. Net fan cokes of antrasyt, mar de typise geur fan stienkoal dy't oantinkens opropt oan stoomlokomotiven. It spoar gyng nei in hok achter in foech arbeidershûs, der kaam in fetlike walm út 'e skoarstien. Doe't ik de doar iepen die, seach ik de potkachel oer de flier stean, ûnderom wied er goed read.

‘Krekt, stienkoal,’ stelde ik fêst.

De man dy't der oan it pielen wie sei: ‘Sokssawat, mar it is eins fetkoal.’

Der siet mear tarre yn as yn stienkoal en it hjitte ek mear, lei er my út. Inkeld fûn er yn it slyk fan it Waad sa'n grou stik fetkoal. Thús bikke hy it ta hânsume stikken en sa koed er de hiele winter fergees it hok waarmstoke as er dêr oan it nifeljen wie.

Ik mocht safolle snuve as ik woe en hy fûn it ek net frjemd dat ik by einbeslút de winterjas om de kachel hinne hold. It wie kâld waar en dan hie 'k der aans yn 'e auto noch wat waarmte fan. Mar it gyng my om 'e lucht. Ik woe dy suver swietlike stank fan 'e stienkoal by my hâlde. Soks slagge omraak, de jûns moast myn duffelse jas bûtendoar oan 'e line te wierjen. Doe hie 'k lykwols it heule ferhaal al yn bylden foar my. Tritich jier âlde bylden, mar hierskerp en mei in protte details dy't allang út it ûnthâld wienen. Allegear oproppen troch de lucht fan brânende fetkoal. Jo witte noait hoelang soks duorret, dat ik ha it mar gau opskreaun.

 

Yn 'e iere maitiid fan 1965 kochten Grykse keaplju hjir

[pagina 85]
[p. 85]

ynienen sawat alle wite lângeiten op. It gyng om hûnderten dieren en soks bleau dus net stil. Op it spoarstasjon yn Stienwyk waarden se laden en der kamen ek noch in pear wagons mei bargen by. It heule transport moast nei Kreta. De Fryske eksporteur sei dat ik wol mei koe, op 'e redaksje fan de Friese Koerier wienen de bazen it dêrmei iens. It soe grif in moaie reportaazje opleverje: mei in treinfol Fryske geiten en bargen nei Kreta. Der siet ek noch in ideële kant oan, it wie eins in soarte fan ûntwikkelingshelp. De healwylde geiten op Kreta joegen hast gjin molke mear, der moast noadich fris-Frysk bloed by. Net oars wie it mei de bargen. Dy swarte motten op Kreta smieten mar fiif-seis biggen, by ús rûgelen der samar tsien út.

Wy fielden ús suver missionarissen, de eksporteur en ik. En it moaie wie dat hy der aardich oan fertsjinne en ik der in ferhaal foar de krante fan oerhold. En letter ek noch in heul boek. Ik leau dat Ulke en Jelke, de beide mannen dy't ûnderweis it fee fersoargje moasten, der yn earste ynstânsje wat oars oer tochten. Se hienen it net op my stean. Dat hat in pear dagen duorre, doe waarden wy it dochs noch aardich iens. Ik hantlange wat, mar ik die fansels foar spek en brea mei.

Wy soenen leau ik yn tsien dagen út en thús, it waard hast trije wike. Yn Zevenbergen oan de Dúts-Nederlânse grins stie it spul al twa dagen stil. Der wie wat mei de papieren, der wie neitiid by elke grins wat mei de papieren. Yn it Eastenrykse Salzburg kamen wy pas nei fiif dagen oan. Doe hie 'k fan de betûfde feereizgers Ulke en Jelke al in protte leard. Wy slepten by de geiten yn de middelste wagon. Op 'e helte fan dy wagon wie in izeren hikke, dêr lei it hea en it strie foar de geiten. Wy leinen der boppe op, earst sawat tsjin it dak oan, mar omdat der alle dagen fuorre wurde moast, sakke de foarrie stadichoan. Yn Salzburg leinen wy al aardich leger.

[pagina 86]
[p. 86]

Yn Stienwyk die 'k de earste nacht de klean noch út en de pyama oan ear't ik yn de sliepsek krûpte. Yn Zevenbergen hie 'k dat al ôfleard, yn Dútslân die 'k de pyama wol oan, mar dan mei alle deistige klean der oerhinne. Neitiid ha 'k noait wer út 'e klean west.

It wie nachts folle kâlder as ik tocht hie. Yn Dútslân hingen de iispegels moarns oan 'e souder fan de wagon. Wy skuorden der jûns in pear pakjes hea út en makken dy los, wy krûpten yn de kûle en skodden it hea oer ús hinne. Sa koe 't sa'n bytsje. Doe ha 'k ek foar it earst by in geit slept. Geiten binne klimmers, nachts sprongen der altiten wol in pear oer 't stek en op it hea. Se frieten oan alles wat wy omsweve lieten, yn Zevenbergen hienen se al in trui fan my op. Yn Salzburg sobbe my ien yn 't hier om en doe't er syn nocht hie gyng er neist my lizzen yn 'e kûle. Hy joech aardich waarmte ôf en it wie my op 't lêst wol noflik.

Jelke die it oars. By de Joegoslavise grins stienen wy wer twa dagen yn it úthoeke fan in grut rangearterrein. De stasjonschef sei de earste deis dat it yn elk gefal moarn wurde soe ear't wy fierder koenen. Dat it wie fertroud en lit it transport in pear oeren yn 'e steek. Wy knoffelen de jûns yn it roettsjuster dat rangearterrein oer en bedarren by it stasjon. Wy ieten dêr as slotgravers en krigen rynsk slivowyts en ek noch oanhâld. Mar dy fan Ulke en my setten op 'e tiid ôf, Jelke sines woe mei nei de geiten.

Jelke, moat ik der even by fertelle, hie wat oer him, dat fernamen jo rûnom dêr't hy ferskynde. Yn de Kompenije neamden se him leau ik Tarzan. In swiere jongfeint mei hast swart hier, de brede skouders in bytsje foardel, stadich en evenredich, suver gjin praat. Mar hy hoegde mar om him hinne te sjen en de froulju kamen op him ôf. Jelke syn dad krûpte by him yn 'e sliepsek.

Hast noch wat út 'e wei set? woe Ulke de oare deis witte. Nee, skodde Jelke, mar it koest folle nofliker as mei in geit.

[pagina 87]
[p. 87]

Moarns betiid moasten de beide mannen te fuorjen, ik lei noch yn myn hoale en ik woe al helpe, mar ik hie tefolle slivowyts hân. Boppedat moast ik op myn kofferskriuwmasyntsje noch in stikje meitsje, it moast mei de earste trein werom. Soks skikten Jelke en Ulke yn, dat ik mocht lizzen bliuwe. Doe soe 'k oan it wurk en ik hie de masine al op 'e knibbels en dêr riisde dat frommes út it strie oerein. Gutemorgen, Herr Reporter, sei se leaf.

Ik ha letter tsjin Jelke sein dat ik it mar fan him oernommen hie, mar dat is net sa. Se hat gewoan even neist my op 'e râne fan de kûle sitten. Se hie it nocht der gau ôf en blykber ek fan Jelke, want se hat him net iens mear dach sein.

Wy bedarren úteinlik yn Joegoslavië en dêr begûn it lijen. Fuort oer de grins setten se ús wagons yn it úthoeke fan in ûnbidich rangearterrein en dêr stienen wy. De drinkwettertonnen rekken leech en der wie yn wide omkriten gjin pomp of kraan. Ut en troch kaam der in lokomotyf en dy ferried ús wagons dan in eintsje. Kom, tochten wy elke kear, wy sille wer fierder. Mar se heineballen mei ús wagons om en by einbeslút liet de masinist los en dan stuiteren wy yn wer in oare úthoeke fan it rangearterrein tsjin de stjitblokken. By ien fan dy manoeuvres bedarre de feestapel op ien grutte bult en doe't it spul wer sa'n bytsje oerein stie, kaam der in deade geit ûnder wei. Wy hellen it dier it blikje út it ear, de geit gyng nei de arbeiders dy't oerdei oan 'e rails wurken. Se wienen der o sa wiis mei, mar se koenen ús net fertelle hoelang wy dêr noch stean soenen. Se soargen der al foar dat wy wetter krigen foar it fee en slivowyts foar ússels. En droege woarst hienen se ek te keap, woarst mei net te min knoflook. Ik mocht it earst wol, mar net trije kear deis. Jelke en Ulke setten der gjin bek op en ieten grouwe stikken sûkelade, dêr hienen se yn Stienwyk in moai protte fan kocht. Sûkelade kinne jo skoan in pear dagen op libje, mar it ferfeelt gau.

Jûns stjoerden Jelke en Ulke my der op út om oar iten. Se

[pagina 88]
[p. 88]

doarsten sels net by it fee wei, benaud dat de trein sûnder harren fierder gean soe. It wie sa'n bytsje it trauma fan elke feereizger, ha 'k begrepen, en it wie Ulke in kear oerkommen doe't er mei Fryske stamboekkij ûnderweis wie nei Marseille. Se doarsten my der wol oan te weagjen, want ik koe skoan mist wurde.

Dat ik knoffele yn 't roettsjuster dat ûnmjitlike rangearterrein oer, op elk ljochtskynsel ôf dêr't mooglik minsken taholden. Almeast bedarre ik yn skaftketen dêr't arbeiders om in potkachel hinne sieten te drinken. De masinisten en harren helpers dy't de wagons mei fracht by inoar rangearden, stutsen der geregeldwei oan. It wienen bêste minsken, wy ferstienen inoar net, mar se wienen fan goede wil. Se stjoerden my troch nei it stasjonsgebou. Wy hienen dat heechoppige bouwurk oerdei wol sjoen, mar it wie fier fuort, altiten wol in heal oere rinnen.

Doe ha 'k dat mar weage. Ik hie Dútse Marken yn 'e bûse en myn paspoart, ik tocht: as ús wagons al fuort binne, helje ik dy frachttrein moarnier mei de earstfolgjende passagierstrein wol wer yn. Oars net, mar ik krige yn elke skaftkeet in gleske slivowyts oanbean en dat hat my fansels oermoedich makke.

It is wol nuver dat jo soks tritich jier letter ûnder de seedyk by Nijebiltsyl yn 't sin komt. De walm fan stienkoal, de ljochtsjes fan lokomotiven dy't skynber doelleas hin en wer geane, it stadichoan foarby skowen fan lange rigen wagons om jo hinne en spoekachtige figuren dy't der tuskentroch drave en wagons oan inoar keppelje.

Yn it stasjonsgebou koe ik brette hinnen krije, heule grutte, it wienen kalkoenen allyk. De poaten allinne al siet mear fleis oan as in komplete djipfrieshin fan de Albert Heijn anno 1996. Ik krige trije mei foar tsien Mark, goed ynpakt yn gâns kranten, mar ûnderweis rûn my it fet al om 'e hannen. Dat wie gjin beswier, ik slikke de fingers der by ôf. Sa

[pagina 89]
[p. 89]

heart it ek as jo goed roppich binne. En as jo it sturtsje fan de jierren tritich meimakke ha en de oarloch, dan hat de tiid jo soks wol leard. Dat ik hie myn hin al fierhinne op doe't ik úteinlik it fertroude lûd fan nokkerjende geiten hearde en dus teplak wie.

Jelke en Ulke gongen te gast. Se woenen ha dat ik noch in pear hinnen ophelle. En se woenen der bier by ha. Dat wist ik, want yn Salzburg dronken se de man al tweintich glêzen. En wêr't se it lieten wit ik net, mar se hoegden der nachts noait út. Wylst ik nei in glês as fjouwer-fiif elk oere út 'e sliepsek moast en mei de slúf om 'e hoeke fan de wagondoar stie. Hoe komme jo oan in blaas dêr't sil 'k mar sizze fiif mingel yn kin? Dat liket my moai ta.

Ik hie gjin bier besette kind, dat Jelke en Ulke moasten it mei slivowyts dwaan. Se ieten de hinnen, makken de flesse slivowyts leech en stienen de nachts tusken de geiten te koarjen.

Wy bedarren op de heuchflakte fan Joegoslavië. Einleaze flakten mei mais, sa fier as jo sjen koenen. De trein gong sa stadich, jo koenen him hast berinne. Wy stienen yn 'e doar fan de wagon út te sjen oer it lânskip. De doar hienen wy op 'e klep stean. Jo moasten der wol om tinke. As se ús wagons by it rangearen op inoar stuitsje lieten, skeat de klep der wolris út en flapte de doar tiicht. Twaris siet de kop fan in geit dertusken en dy kop wie der dan heal ôf. Doe hienen wy al trije earblikken dêr't earst geiten oan sitten hienen.

Op in stuit wienen wy yn Idomeni, it grinsstasjon yn Grikenlân. It wie in suver lúks bouwurk mei gâns marmer en der paradearden in protte offisieren om dy't allegear wol generaal liken fanwegen harren kleurige operette-unifoarms. Mar yn it bybehearrende doarpke wie 't klearebare earmoed en de minsken wienen dimmen. It wie de tiid fan it kolonels-regym. Yn it kafee hinge it portret fan sa'n optúgde boef, in Papadopoulos of sokssawat. Jûns let kwitste ien fan de klan-

[pagina 90]
[p. 90]

ten wol ris in rachel op dat portret, mar allinne as sa'n man dronken wie. De kastelein fage dy rachel der daliks ôf.

Hysels hie noch grutter hekel oan Italianen. Dêr hied er yn 'e oarloch tsjin fochten. As er in bytsje dronken rekke, sei er altiten: ‘Ik ha leaver dat myn dochter mei in hûn pearet as mei in Italiaan.’ De dochter wie in grouwe fodze en se siet achter Jelke oan. Jelke taalde net nei har, hy hie in hekel oan spekneuken, sei er.

De telegrafist fan it stasjon kaam alle jûnen yn it kafee te iten, want it iten wie der goedkeap en lekker. Nei in heale flesse oezo begûn er te sjongen, achter út de kiel wei en heul moai. Wy krigen der it einefel fan, sa smertlik koe dy man sjonge.

Wy hienen it goed yn Idomeni, mar it wie it sin net. Wy stienen der al in wike doe wie de man dy't him feterinair ynspekteur neamde der noch net út. It bargefoer rekke op, wy krigen mealde mais út Saloniki. Mar de bargen woenen it earst net frette en doe't se op 't lêst sa ropsk wienen dat se it al frieten, rekken se oan de skiterij.

Ynienen mochten de geiten troch nei Kreta, mar de bargen bleauwen yn quarantaine. Ulke gie mei de geiten fierder en Jelke en ik bedarren by de bargen yn de wagon. Wy holden it twa nachten fol, doe koe 't net langer. De stasjonschef ûntferme him oer ús, wy mochten op 'e souder fan it stasjon sliepe.

De oare deis wie 'k siik en goed ek. Ik seach it swurk driuwen en sei tsjin Jelke dat ik as de wjerljocht nei hûs ta moast. It waard de nachttrein en ik kaam tusken de Grykse gastarbeiders telâne dy't ûnderweis wienen nei Dútslân. Se bifakkearden op 'e balkons, yn de gongen foar de coupees en by de toiletten. Ik hie in reservearre sitplak, mar dêr siet in Grykse beppe mei twa lytse bern en dy koe 'k net ferbalje. Yn 'e doar fan 'e restauraasjewein seach de Dútse ober my op en del oan, snúfde in kear fan de barge- en geitelucht en

[pagina 91]
[p. 91]

die de doar ticht. Sûnt wit ik moai krekt hoe't in asylsiker him fielt as er by ús foar de grins stiet.

Jelke is in pear dagen letter dochs noch mei de bargen nei Kreta rekke, ha 'k neitiid heard. Ulke hie syn geiten al ôflevere en siet op syn maat te wachtsjen. Inkeld freegje ik in fakânsjegonger dy't op Kreta west hat noch wol ris oft er op dat eilân ek wite geiten en moai blanke bargen sjoen hat. Noait ien hat soks waarnommen. Neffens my ha se op Kreta dy heule treinfol ûntwikkelingshelp daliks slachte en opiten.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken