Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
Sa wie 't sawat (1997)

Informatie terzijde

Titelpagina van Sa wie 't sawat
Afbeelding van Sa wie 't sawatToon afbeelding van titelpagina van Sa wie 't sawat

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.42 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

verhalen


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

Sa wie 't sawat

(1997)–Rink van der Velde–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende
[pagina 216]
[p. 216]

30 Mauser

Us heit hie in sabel, in karabyn fan it merk Mauser, in 6 mm Winchester fjoerbuks en in pistoal dêr't Luger op stie. De sabel stie yn 'e keamerskast neist de Mauser en de buks, it pistoal lei op de planke derboppe. Heit koe it as fjildwachter mei de gummystok wol ôf.

Omme Hille, dy't yn in dûbele keamer oan it Jellegat wenne, hie in ienloops jachtgewear, kaliber 16, in âld en roastich lider. Hy hie it omkomme litten, miskien wie 't al in âld kring doe't er it kocht. Omme Hille en heit skeaten der dowen en protters mei. Dat wie skadelik wyld, foar elke dowe- en prottersturt dy't op it gemeentehûs ynlevere waard, barden se in pear sinten. As it om protters gyng, moasten der eins wol trije op 'e naal fan it dak sitte en dan sa ticht by inoar dat se yn ien skot te beflappen wienen. Oars koe it fanwegen de djoere patroanen net út.

De fjoerbuks brûkte heit eins allinne om katten dea te sjitten dy't yn it gaas fan syn volière yn de achtertún klommen en de kanarys sadanich yn ûnstjoer brochten dat se dagenlang fan slach wienen. Hy hie om dy reden in duvels hekel oan katten en skroomde net om se sels op snein fan it libben te beroven. Want dan hied er de moarns nei de preek in oere yn it fûgelhok sitten en de kanarys nei lang en geduldich foarfluitsjen allegear op ien sang en dan kaam der ûnder it middeisiten in kat en dy jage de boel yn 'e bulten. Sa'n kat gyng dus dea, al wie it ek de dach des Hearen.

Op in sneintemiddei rôp buorman Hiemstra by de achterdoar. Wat der doe bepraat is wit ik net, jo waarden dêr as bern bûten holden. It gyng om in pinke fan buorman dy't yn

[pagina 217]
[p. 217]

it lân achter ús tún rûn, ha 'k letter begrepen. Dy pinke rûn wat krûm en wie net rjocht halich. Buorman Hiemstra wie komelker en hie mar in pear bistjes, dat hy koe fan elk dier de eigenaardichheden. Hy tocht earst fanwegen de rûne rêch dat it in baumich wie, horzel, seinen wy. Dy kamen doe noch foar. Mar it wie net sa'n grouwe rûp, buorman Hiemstra soe him derút knipe, mar doe kaam de kûgel út heit syn fjoerbuks foar it ljocht. De kûgel wie dwars troch de kat hinnegien en yn de rêch fan de pinke stykjen bleaun. Se ha it stilholden, Hiemstra en ús heit koenen goed. De fjoerbuks is werom gien nei wapenhannel Wever yn Ljouwert. It wapen droech fierstente fier en dat wie yn it iepen fjild achter Dokkum te gefaarlik, sei heit. Ik wie der knap sneu ûnder, want as ik tsien wie, hie 'k der in kear mei sjitte mocht, hied er my earder beloofd.

It pistoal hie ús heit gjin aardichheid oan. Op in simmerjûn stied er mei buorman Brant te praten. Der sieten trije rotten yn de ûnderwâl fan de stjonksleat neist hûs. Se sille der wol even om wedde ha, as jonkje fan sawn-acht jier ûntkomt jin soks. Heit kaam werom mei it pistoal en soe in rot sjitte, it wie sa tichtby, it koe net mis. Mar it wie al mis en heit sei dat it sjitark fan neat wie. Hy joech Brant in sigaar en hat net wer nei it pistoal taald. It wie him oer, mar my net. De Mauser en de Winchester wienen my te grut, de sabel krekt fan 't selde, mar dat pistoal koe 'k tille. As net ien der by wie, hie 'k it gauris yn 'e hân, op 't lêst wie 'k safier dat ik it trochlade koe. Mar doe siet der dus in patroan yn 'e loop en lei 'k him gau op 'e planke. Wiken letter kaam de moard út. It pistoal krige oar plak en ik koe der net mear by.

De Mauser, in echte karabyn, kaam allinne út 'e kast as de Bijzondere Vrijwillige Landstorm (‘Als 't moet’, 1918) sjitoefeningen hold by de terp yn Ealsum. It gewear wie net fan ús, it wie fan de Staat der Nederlanden. Mar der waard o sa goed op past, ek troch omme Hille. As it út it foudraal

[pagina 218]
[p. 218]

kaam, stie elkenien der omhinne en heit seach derop ta dat der gjin kraske op de kolf kaam en gjin túchje yn it mechanyk. Nei ôfrin waard de Mauser de selde jûns sekuer skjinmakke. Mei in fine boarstel op in lange priem waard alle krûtslym út de loop helle, sadat jo de trekken en felden wer sjoen koenen. De bûtekant fan de loop waard mei in fetdoekje kaustere.

As de Mauser yn gebrûk wie, mocht ik der op in moaie simmerjûn ûnderoan de terp fan Ealsum wol ris by wêze. Durk van der Ploeg hat earne skreaun dat de ôfdieling Eastdongeradiel fan de BVL, dy't yn de ‘ure des gevaars’ it koaningshûs ferdigenje moast tsjin in eventuele nije steatsgreep fan Troelstra of syn neifolgers, dat dy mannen mar ien gewear hienen en ek noch ien út de tiid fan Napoléon. Dat is net wier, de Mauser fan ús heit wie in moderne fersy fan it gewear dêr't de Súdafrikaanse boeren om 1900 hinne krekt net it Perfide Albion mei ferslein ha. Tink derom, wat de wapenkunde oangiet ken ik myn klassiken. Ik ha alle boeken fan Penning lêzen, fan ‘De slag bij Modderspruit’ oant ‘De held van Spionkopje’ of sokssawat. De Boeren hienen ienskots Mausergewearen, Winnitou en Old Shatterhand hienen buksen en dat wienen Winchesters.

Us heit syn Mauser wie in moderne fiifskots. Ik mocht der fansels net oankomme, ik ha it al ris optild. It wie in prachtich wapen mei in kolf fan nutehout, in blaustielen loop en in swartlakte grindel. Ien kear yn 't jier reizge heit mei de Mauser nei de sjitbaan yn Beetstersweach. Dêr hie de BVL dan in Landdag mei sjitwedstriden. Hy wûn gauris in priis en kaam der yn alle gefallen altiten like fleurich wei. Under by de terp yn Ealsum gyng it trouwens bytiden ek fleurich om en ta, fral as der ien jierdei wie en se der in slokje by hienen.

Doe hienen se op in kear it oefenjen hân, der wienen in pear patroanen oer en en dy moasten fersketten wurde. Hylke

[pagina 219]
[p. 219]

Boersma hie noch in âld hin foar it sop, dy soe de oare deis dochs dea. Omme Hille smiet de hin omheuch en dan woenen se him yn 'e loft sjitte. Mei in kûgel falt dat net ta, allinne yn cowboyfilms slagget it altiten. It gyng heit op 't lêst te stûf, dat Hylke Boersma hat by einbeslút de hin de nekke omdraaid.

Yn 'e wike nei 18 juny 1932 moat de sjitoefening fan de BVL Eastdongeradiel ek o sa feestlik ferrûn wêze, fertelde omme Hille my tritich jier letter. ‘Wy ha doe sêd hân.’ Hylke Boersma beseach my yn 't foar noch ris goed en sei: ‘My tinkt, hy krijt read hier.’ Doe moat omme Hille noch opmurken ha dat de drank der net oars om smeitsje soe. Dat die letter op 'e jûn ek bliken, al wie 't fansels wat sneu foar ús heit. Fjouwer kear op in jonge wachte, dan is 't safier en skynt er ferduld út in readens. Safolle jier letter woe heit it noch net wurd ha. Twa buorrels, miskien trije, mear hied er grif net skonken. En dy moat er dan ter plaatse, dus ûnderoan de terp, ferstrekt ha want der waard by ús yn 'e hûs net tape. Us mem wie o sa op 'e drank tsjin, pake Durk mocht it te graach en dêr hienen se by har thús lijen om hân.

De sabel hie 'k net folle belang by. Op in dei hinge dat ding yn de learen skede oan de fyts fan ús heit, mei im riemke oan de stange dêr't ik op sitte moast as ik mei ûnderweis wie. It heft fan de sabel stiek tsien tomme boppe de stange fan de fyts út en dêr moast ik mei de skonken omhinne sitte. It siet my krekt yn 't krús. Us heit fûtere, mar it moast. Neffens de nije ynstruksjes moast in fjildwachter de sabel oan 'e fyts ha.

Wy kamen fan Nijewier en hienen ûnderweis by boerehiemen plakkaten op de homeiepeallen plakt mei Mond- en klauwzeer derop. Dan kaam sa'n boer derby en waarden der swiere petearen holden. Ik wie sân-acht jier, mar ik begreep wol dat it slimme saken wienen. Folle slimmer as wannear't heit om de boerehiemen hinne kruzen sette moast op beam-

[pagina 220]
[p. 220]

men dy't der ôf moasten omdat se ypsykte hienen. Kamen wy der fjirtjin dagen letter wer lâns dan wie ynienen sa'n heule beammantel om de pleats hinne fuort.

Healwei de Ealsumenerp en ús hûs stie ynienen Michiel foar ús op 'e dyk. Michiel mei syn transportfyts en in tienen koer foar it stjoer dêr't er syn hannel yn hie, in nochteren keal, in bakfol hinnen, deade lammen en mear fan dat. Hy wie sa dronken as in ûle en ûnderweis nei syn hússtee op de mûnepôle oan de oare kant fan de feart. Dêr't er dan almeast earst syn frou in wân op 'e hûd joech. Soks wist ik fansels net, ik wist wol dat ús heit der hast altiten hinne moast as by ús thús de namme Michiel foel.

Us heit tilde my fan de stange, skode de fyts yn 'e berm en hjitte my dat ik by de fyts bliuwe moast. Hy stapte op Michiel ta. Hy sil wol tsjin him sein ha: ‘Michiel, no giest nei hûs en do joust dy daliks del. Want tink derom, as ik jûn dyn Wikje oan 'e doar krij mei klachten, dan weef ik mei dy ôf.’ Heit makke net folle bekeurings, it joech in protte skriuwwurk. Mei de gummystok fierde hy eis en fonnis yn ien kear út, ha 'k letter wol heard. Dat wie doe by de fjildwachterij goed gebrûk en it skeelde de officier fan justysje ek in protte drokte.

Mar Michiel woe dizze loop net om sizzen jaan. Hy smiet syn transportfyts yn 'e berm, hy seach ús heit syn fyts mei de sabel en soe op dy fyts ta. Us heit wie him foar. En nim mar oan dat er doe even fûl wurden is. Want dêr stie syn iennichste soan, syn eachappel, yn alle betrouwen op de goede ôfrin te wachtsjen. En net iens slim oerémus, och heden nee, ús heit soe der wol mei ôfweve. Ik wie mear fernuvere as ûngerest.

Wel, hy rêde der ek mei. Hy wie Michiel foar en snipte de sabel. Mar sûnder skede, want dy siet mei it riemke oan de stange fan de fyts fêst. Michiel stapte út de rjochterklompe en tilde dy klompe boppe de holle. Us heit die de sabel

[pagina 221]
[p. 221]

omheuch en sloech him krekt ûnder it skouder op 'e earm. En doe wie 't oer, Michiel hat er libbenslang in lamme rjochterearm fan oerholden en ús heit moast him yn de wiken dêrnei yn Ljouwert foar de rjechtbank ferantwurdzje. Elke f reed moast er tenei nei Ljouwert, ik begriep der neat fan en it waard my ek net útlein.

It kaam fan dy ferrekte sabel, ha 'k letter begrepen. Hienen se de fjildwachters net ferplichte om dy sabel oan 'e fyts mei te fieren, dan hied er Michiel mei de gummystok syn wenstige ôfstraffing jûn. De sabel ha 'k noait wer sjoen. Neffens my hat er it ding nei 1940, doe't der oare bazen kamen dy't oangeande it gebrûk fan de sabel gjin ynstruksjes mear joegen, yn 'e Ealsumerfeart mitere.

Op 10 maaie 1940 rukte heit út mei de Mauser oan 'e riem oer 't skouder. In ûngewoane sitewaasje, hy hie him oars altiten yn it foudraal. Us mem stie oan diskant de sleat te weekleien tsjin buorfrou Fetsje. Se begûn te gûlen en rôp dat se Kinge (heit wie in Hindrik, ús mem hjitte Hindrikje, se neamden inoar Kinge) wol net wer sjen soe. Ik stie derby en siet der alhiel net oer yn. Yn 'e rin fan de dei - it kin ek de oare deis west ha - hie 'k folle mear niget oan de Dútse troepen dy't Dokkum binnenkamen. Der wienen pantserweinen by, mar ek colonnes soldaten mei in officier op in hynder foarop.

Mar ús heit soe der wol mei ôfweve, hy wie mei de Mauser en twa hâlders mei yn elk fiif dum-dumkûgels ôfset nei Nijewier, haadplak fan de gemeente Eastdongeradiel, hokker gemeente hy ferdigenje moast. It Dútse leger hat gelok hân, it gyng dy deis net fierder as Dokkum. Dat de jûns kaam heit wer thús, mei de Mauser en alle patroanen der noch by. Hoe't dat krekt gien is, wit ik net. De Bijzondere Vrijwillige Landstorm, yn it revolúsjejier 1917 oprjochte om in koaningshûs te beskermjen, hat it leau ik wat sitte litten. Omme Hille sei letter: ‘Sjoch, majesteit wie al ûnder-

[pagina 222]
[p. 222]

weis nei Ingelân, dat doe hoegden wy net mear om har te tinken.’

De Mauser is 't ferkeard mei ôfrûn. Hy hat miskien noch in wike by ús yn 'e kast stien, doe kaam der in frachtauto foarriden. Der stapten in frjemde plysje en in Dútser út en dy ha it gewear meinommen. Neffens my muoide it ferlies fan de Mauser ús heit mear as de teloargong fan it koaningshûs. My yn elk gefal wol. It hat hast fjirtich jier duorre ear't ik mei in Mauser sketten ha. It wie op de sjitbaan fan Dorhout-Mees yn Biddinghuzen. Mar it wie lang sa spannend net as dy sjitoefeningen ûnderoan de terp fan Ealsum.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken