Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

2

Oan hoedenens hat er altyd it mier hân. Doe't er wer ris reboelje hie yn de tsjerkerie, en ús mem, út it rút stoarjend, by de noas lâns dimmen opmurk, dat er faaks út en troch dochs ek wol besykje koe om in lyts bytsje diplomatiker te wêzen, wie er fuortdalik op ien ein:

‘Diplomatiker. Ja ja, as in kat om 'e hjitte brij rinne, aaie en flaaie. No Femke, dan bist by my oan 'e ferkearde doar. Moaipraters en jaknikkers binn' der al genôch op 'e wrâld. Dêr hoech ik net by, blinderhalem!’

♦

Sneontemiddei. De lêste galm fan de klok ferdwûn yn de fierte, ik wie wer te let foar it waarm iten. Efter de pûst woe ik deryn stowe, mar ik smakte tsjin de tichte bûtendoar oan. De túndoar siet ek op 'e skoattel. Ik luts oan de belle. Neat barde. Op it stoepke gong ik sitten te wachtsjen. Einlings hearde ik de knip, de doarknop beweegde en op dat stuit wist ik dat wat slims te barren stie. Ik dûkte yn elkoar. Efter my hearde ik ús heit syn lûd.

[pagina 83]
[p. 83]

‘Soa, wiesto dêr.’ Mei ien haal waard ik omheech skuord en de gong yngoaid. Syn twa hannen griepen nei my, yn it wylde wei hâldfêst sykjend oan myn lea. De stof fan myn wynjek kreake, in knoop kitske op it lewant.

‘Ik sil dy... ik sil dy...’ Ik besocht my blynwei los te skuorren, hy rekke syn lykwicht kwyt en foel heal tsjin de doarpost oan, doe't er my de keamer yn meande, by ús mem lâns, dy't ferbjustere oan 'e itenstafel siet en syn namme rôp as lei se yn it wetter. Hy hime efter my. Ik seach om. Hommels rûkte ik syn azem. Ien tel foel alles wei yn 'e waarnimming: ‘Sipels,’ tocht ik. ‘Se ha sipels iten.’

Hierskerp wie dêr syn gesicht, flak foardat er my wer beetpakte, fan efteren, oan myn kraach en broeksriem, en oant healwei de treppen nei boppen smiet. Ynwyt, ferlutsen, as waard er martele. ‘Us heit hjit Legioen, hy is mei in mannichte,’ kaam yn my op. Op myn sliepkeamer luts er my oer de knibbel en joech my noch in pear omrake klappen foar de kont. Ik kaam op bêd telâne en wachte mei de holle yn it kjessen oant dat ferskriklike hymjen oer wêze soe. De slaggen baarnden noch lang nei.

 

Oeren letter, doe't ik nei ûnderen slûpte en hoeden de doar fan 'e keamer iependie, siet er dêr, op syn plak, krekt as oars, mei in kop tee en de krante. Gewoan yn syn baitsjebokse, deselde dêr't er my yn ôfseame hie. Ik wist wat my te dwaan stie. Nei him ta rinne, en as de Ferlerne Soan út de gelikenis begjinne mei: Vader ik heb gezondigd, tegen de hemel en voor u. ik ben niet meer waardig uw zoon te heten, maak mij tot een uwer huurlingen.’ Mar myn ôfkear wie grutter as myn berou. Ik stie dêr, swijend. Hy tearde kreakjend de krante op en sei:

‘Noait wer, blinder, Hessel!’

 

Foar skoalle moast ik psalm 6 út 'e holle leare. It earste kûplet einige mei:

[pagina 84]
[p. 84]
 
Ai matig uw kastijden,
 
sla mij met medelijden,
 
gelijk een vader doet...

Kastijden. In baas wurd foar in pak op 'e hûd. Ik repetearre de sin ûnderweis nei skoalle. Hy klonk as in tsjoenspreuk. Ik fûn it frjemd dat God net frege waard om op te hâlden mei kastijden, mar in foarbyld oan in slaande heit te nimmen. Doe't ik de psalm oefene, dy jûns nei iten, frege ik it, fuort nei dy lêste wurden:

‘Hie heit meilijen mei my, doe't heit my sloech?’

Hy seach nei bûten en sei inkeld:

‘Ja, dat hat de psalmdichter goed oanfield.’

It wie as rûkte ik de sipels wer. Goed oanfield? Dat hymjen? It lei my op 'e lippen om te sizzen dat ik meilijen mei hím hie. Mar ik hold my katoen. Meilijen ha mei ús heit wie slimmer as him haatsje of freezje.

Soms tocht ik dat er my mar in feech om 'e earen hoegde te jaan om foar altyd foar my ferlern te wêzen. Dêr stie dan wer dy dream foaroer: hy bruts my in earm ôf as in takke fan in beam. Ik rûn dêrmei om as mei in trofee en liet him grutsk sjen oan myn freontsjes.

‘Sjochris wat ús heit dien hat!’

 

Op 'e râne fan it bêd fertelde ús mem my oer Vogel. Vogel wie in taaie widdo dy't eartiids oan 'e oare kant wenne, met twa soannen, like âld as ús mem. Se rûn mei de bôlekoer. Foardat se nei it wurk gong, moarns ier en betiid, joech se beide maten har deistige wân bruien, mei as argumint:

‘Jûn ha se it dochs fertsjinne, en dan bin ik út 'e liken.’

Doe lake mem. En ik moast ek gnize.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken