Juster komt dy, hoe hjit dat sleauwe bern, oansjutteljen om tsien foar seizen! Ik freegje:
“Wat sil dit?”
“Jo stikje bôle smarre en in kopke tee foar jo sette,” seit se.
Ik sis:
“No fanke, dat dochst dan thús mar moai foar dysels. Foar my hoecht it net mear. Fiif oere is myn tiid.”
Nee, dit is sa gjin dwaan langer. Ik kin gjin kant út. Dy hân, dat each, en sa stiif as in planke dat hiele lichem. En dan bin ik myn ritme ek noch kwyt. Ik wit nachts net mear fan oere of tiid en dan ha ik fan dy frjemde dreamen. Dit liket wol fleanen, dit moat ophâlde!’
Jeremia krijt stim yn him.
Hy tsjûget no fan wat oars as de fertroude ellinde dy't er fan 'e Heidelberchse Kategismus ken ‘uit de wet Gods’. Ik sjoch de tekst boppe syn holle wer: Die den Heere zoeken, hebben geen gebrek aan eenig goed.
Soe dat gebrek him pas iepenbierje as se de Heare fûn ha?
Ik lis de hoarn op 'e heak en my komt in ferhaal yn 't sin oer in efterbuorman, dat er my net salang lyn fertelde.
Kryn, fan ûnbestimde âldens, de bealch knobbich as in sek ierpels, hurde as turfskipper en oanslutend sloopt as brânjeman, wie yn it sikehûs yn Ljouwert opnommen mei pine-mage en dêr op in strang dieet set. It iten koe syn goedkarring net weidrage.
‘Ta snotte stoomd. Rook noch smaak. Laffe smots.’
Hy liet syn frou in mieltsje grauwe earte mei greven en in yn in krante tearde flesse bearenburch meislûkje, seinigingen der't er al ûnder de besykoere oan begûn.
Doe't in suster him betrape en it him ûntfytmanne, rekke er bûten himsels.
‘Do duvelinne der duvelinnen, gunsto my myn hertfersterking net?’
Se wist har út syn gryp los te lûken. Deselde nachts briek er út en