8
Nei It Hearrenfean ryd ik earst by Nijbrêge lâns en dan Haskerdiken, ús heit syn bertedoarp. It pleatske stiet der noch, mar it read fan it dak is ferblikt ta âldrôze. Rjochts, deun foar de Heafeart, stie eartiids it iepenbiere skoaltsje dêr't er oan syn tolfde ta op siet.
De ljippen binn' betiid dit jier. Of ha se net iens fuort west? Ut elkoar waaide kloften wjukkelje ûnwennich boppe de greiden. Ynkoarten sille se pearkes foarmje.
Us heit wie net sa'n fûgelman. Syn omtinken foar finken en miezen by't maitiid wie eins in technyske kwestje. Hy makke yn it froastferlet wolris in nêstkastke en dan hong it fan de trochsneed fan it fleangat ôf oft, en troch hokfoar soarte, it bewenne wurde soe. Om dêr sicht op te krijen, hong er it op in pear meter fan it keukensrút oan 'e parrebeam.
In kear koe er der net foarwei en gean mei my te aaisykjen. It die him neat. Hy koe it hijke en it sijke amperoan út elkoar hâlde en wâde mar wat by de greppels lâns, núndere in psalm of prate yn himsels. Om't er gjin pet op hie, die er de twa skriesaaien dy't ik fûn yn syn boarstbûsen. Doe't er oer in hikke klom, luts de stof strak en brutsen se beide.
‘Blinder, dat is maleur,’ sei er en helle mei de hân de djerre en doppen derút, mar der ferskynden lykwols twa donkere plakken op syn boarst. Ik hope mar dat wy net ien tsjinkamen.
Fan myn ekster hold er ek net. Ik hie de pyk koart foar it útfleanen út it nêst helle, dat heech yn ien fan 'e peppels siet dy't ús heit stean litten hie yn 'e oarloch, op it draakjefleanerslân fan Ype Sek. De boer hiet eins Ype Land, mar hy stie altyd yn syn krús te