kûgeltsjes dy't deryn hearden, liken net op dy yn 'e gurle fan omke Egbert. It wienen lytskes, lead ynstee fan koper. Ik betwifele oftst der in plopper mei omlizze koest.
Hy wiisde my hoest rjochtsje moast:
‘Earst in bytsje boppe it doel en dan de kerrel yn it fizier sakje litte.’ Hy die it foar op in apelsmotsblik dat er op in pealtsje by de dongbult sette.
Heardest de tik dêr't it leadsje it blik mei rekke doe't it fan de peal ôf gisele.
‘Paf eraf!’ Hy lake. Mear toskfleis as tosken. Hy lade it wapen wer. Ik besocht it ek, mar doe't ik einlings dat izeren pûkeltsje presiis tusken it yndûkte blik en it skreefke flak foar myn each hie en de trekker oerhelle, hold ik it gewear net stil genôch. It doel ferweegde net.
Buorman die der wer in leadsje yn en lei oan. Ynienen loerde er út syn eachhoeke skeef nei boppen. As de wjerljocht swaaide de loop omheech en hy luts ôf. Ik seach hoe't de mosk op 'e râne fan de goate rekke waard: in amerij like it fûgeltsje yn in stofwolkje te sitten, it die noch of soe it fuortflodderje, doe foel it kroandea op it paad.
‘Masterskot!’ Wer kaam in soad toskfleis bleat. Hy snoarke fan wille. Grau, syn siferse kat, wie der dalik by en draafde mei de proai nei de skuorre. Ien wjukje sleepte oer de grûn.
De katte-eagen liken griener as oars.
Worden niet twee mussen te koop aangeboden voor een duit? En niet één daarvan zal ter aarde vallen zonder uw Vader.
Heit liet it ferhaal hearre op myn fersyk. Ik frege him oft er him net fersinde. Der stie dochs zonder de wil van uw Vader? Sa hie juffrou De Veer it lêzen. Hy skodholle.
‘Der stiet: zonder uw Vader.’
‘Dus de heit falt tegearre mei de mosk.’
Hy fronsele en fage him by de noas lâns.
‘Dat stiet der ja. Dat stiet der.’