namme is al wat oerbleaun is fan it kleaster, it Haskerkonvint, dat hjir ieuwen lyn stie.
In pear wike lyn is er wer fallen. By it rûntsje Heafeart-Kapelle-Van Sminiadyk. Fral sûnt de dea fan mem is ús heit in ferwoest fytser. Hast alle dagen in oare rûte. De Fjoerlânswei, it Alddjip, de Prikkedyk troch de Lege Midden, de Kromme Knillis en de Leppedyk by de Boarn lâns, de Heafeart mei de Kapelle.
Myn warskôgings meitsje him grammitich.
De auto hat er al trije jier lyn stean litte moatten.
Ik tocht dat der yn syn lêst maleur in oanlieding siet om him ta ynsjoch te bringen.
‘Wolsto my dit ek noch ôfnimme? Moat ik hjir opsletten sitte? As ik net mear op 'e fyts kin, hâldt foar my alles op!’
Ik begûn oer syn minne eagen. Syn lûd boaze oan.
‘Minne eagen, minne eagen, wat bemaalst no jonge. Foar fytsen sjoch ik genôch. En ik ha myn earen ek noch. Dêr komt by, ik mei dan net safolle sjen, mar ik bin wol sichtber!’
♦
‘Hjir hat in geastlike, Dodo, wenne. Dappere Dodo,’ sei er, doe't er it draaistekje fan 'e Kapelle foar my iepen hold. ‘Ik wit net krekt hoe of wat, mar dy Dodo wie in fromme muonts. It is miskien wol fiifhûndert jier of tûzen jier lyn. Noch fan foar de herfoarming moatst rekkenje.’ Hy stoarre nei de loft en stie stil. In hoart ûnfersetlik. De libbene op it tsjerkhôf. Doe liet er my de grêven sjen. Syn ferhaal gong mei my op 'e rin.
‘Us heit syn oerpake hjitte Dappere Dodo,’ sei ik tsjin myn freonen.
‘Dy hat in kleaster boud op Haskerdiken.’ Dêr seagen se fan op.
‘Wêr is dat kleaster dan?’ sei Brune.
‘Dat ha de moffen yn 'e oarloch platbombardeard,’ antwurde ik. En ik tocht: fantasearjen leit net safier fan ligen ôf.
♦