‘Befruchte?’
‘Dat betsjut dat dy ein wer aaien lizze kin. De pik fan it mantsje giet yn it gatsje fan it wyfke. Sa dogge jim heit en mem it ek, mar dan op bêd fansels. En dan komt der in poppe.’
It byld fan ús heit dy't as in klapwjukjende jerke op ús mem klom yn it bedstee om har yn it matras te drukken oant se sawat smoarde, drong him op.
‘En God dan?’ frege ik.
‘God? Hoesa God. God komt der krektlikemin oan te pas as de reade koal of de eiber.’
In maat fan ús heit, Jolle Wening, hie yn 'e tún in buordsje stean mei Staat ter dekking, mooie Vlaamse reus. Ik seach wat de raam die. Jolle lei út wêrom.
In glêskleare maitiidsdei. Op it stikje lân foar de skoalle wie buorman Vos yn 't spier mei syn kij. Wy lieten master Túnstra syn sturtdieling oan it boerd útlizze en seagen hoe't de boer de fjouwerkante bolle efter de ko brocht en him mei in ein hout tsjin de efterpoaten oan raamde, dat it snuvende bist, mei de foarpoaten oan wjerskanten, op it groubonkige efterliif stegere. As de wjerljocht skeat de hjitreade pik nei bûten (‘de bullepees’ flústere Wite) en ferdwûn taastend ûnder de sturt fan de ko dy't de boer mei de stok omheech hold. It pearjen duorre mar koart. Hy luts it haltende bist fuort en helle it folgjende. De bolle bleau stean te wachtsjen, foar de slingerjende sek wie de rôze punt noch drippend sichtber. Hy makke opteine lûden.
Master Túnstra hie it no ek troch. Hy liet syn sturtdieling yn 'e steek, draafde nei it rút en skuorde de gerdinen ticht. Sa makke er der in echte foarstelling fan. De klasse waard in teaterseal, dêr't no ek gebalt en gesnúf opklonk. It bleau noch lang ûnrêstich dy middeis.
Jûns op bêd kaam my dat ferwyt yn 't sin fan dy jonge: ‘Jim heit hie dy better yn 'e hage mige kind.’ En it wie my dúdlik wat it betsjutte.