Skiplinks

  • Tekst
  • Verantwoording en downloads
  • Doorverwijzing en noten
Logo DBNL Ga naar de homepage
Logo DBNL

Hoofdmenu

  • Literatuur & taal
    • Auteurs
    • Beschikbare titels
    • Literatuur
    • Taalkunde
    • Collectie Limburg
    • Collectie Friesland
    • Collectie Suriname
    • Collectie Zuid-Afrika
  • Selecties
    • Collectie jeugdliteratuur
    • Basisbibliotheek
    • Tijdschriften/jaarboeken
    • Naslagwerken
    • Collectie e-books
    • Collectie publiek domein
    • Calendarium
    • Atlas
  • Periode
    • Middeleeuwen
    • Periode 1550-1700
    • Achttiende eeuw
    • Negentiende eeuw
    • Twintigste eeuw
    • Eenentwintigste eeuw
It ferset (2004)

Informatie terzijde

Titelpagina van It ferset
Afbeelding van It fersetToon afbeelding van titelpagina van It ferset

  • Verantwoording
  • Inhoudsopgave

Downloads

XML (0.61 MB)

tekstbestand






Genre

proza

Subgenre

roman
vertaling


In samenwerking met:

(opent in nieuw venster)

© zie Auteursrecht en gebruiksvoorwaarden.

It ferset

(2004)–Harmen Wind–rechtenstatus Auteursrechtelijk beschermd

Vorige Volgende

26

‘Freed komme se. Fan Sinnejûn. Foar de... kom, hoe hjit dat... sa'n bûtenlâns wurd...’

‘Intake?’

‘...komme se foar de intake. Se kinne my hjir dochs sa net sitte litte?’ Hy stekt de hannen omheech. ‘Sa goed as blyn, dôf, kreupel, stive earm, lek oan alle kanten, útgong op 'e side, mage derút, senuwen, net sliepe kinne, hûndert tsien pûn... klein gebrek geen bezwaar.’ Hy gûlt wer. ‘Ik freegje mar ien ding: datsto no soargest

[pagina 133]
[p. 133]

dat se my gau opnimme. Ik ha in... hoe hjit sa'n ding, in... ja krekt, in urginsjebewiis nedich. Mem soe it sa foar elkoar ha.’

Wy drinke tee. Hy trillet.

‘Moannen wachtsje, seit er.’

Ik wuolje it snoer om de rekorder.

‘It wie gjin lang ferhaal hjoed. Mar ik begryp dat heit wol wat oars oan 'e holle hat. Ik skilje jûn noch dat tehûs. Hoe earder hoe better, nim ik oan.’ Hy knikt.

‘Leaver juster as hjoed.’

‘Sil ik dy aginda's en skriuwbloks meinimme en sjen hoe't se yn it libbensferhaal yn te passen binne? Heit hat dat dochs opskreaun om it te bewarjen?’ Hy kielskrabet.

‘No, fuort mar, wat kin it ek skele. Nim mar mei.’

Ik triuw de steapel RABO-agindaatsjes, dêr't de feiten yn byholden binne, en de skansearre mappen houtfrij skriuwpapier dêr't er de wierheid op fêstlein hat, yn in plestik draachtas. As ik fuortgean, moffelt er noch in bryfke fan fiifentweintich by my yn 'e jasbûse. Foar de benzine. Oplûkend sjoch ik him yn de doar stean mei de hân opstutsen. Mar hy sjocht nei de grûn.


Vorige Volgende

Footer navigatie

Logo DBNL Logo DBNL

Over DBNL

  • Wat is DBNL?
  • Over ons
  • Selectie- en editieverantwoording

Voor gebruikers

  • Gebruiksvoorwaarden/Terms of Use
  • Informatie voor rechthebbenden
  • Disclaimer
  • Privacy
  • Toegankelijkheid

Contact

  • Contactformulier
  • Veelgestelde vragen
  • Vacatures
Logo DBNL

Partners

Ga naar kb.nl logo KB
Ga naar taalunie.org logo TaalUnie
Ga naar vlaamse-erfgoedbibliotheken.be logo Vlaamse Erfgoedbibliotheken