31
De lêste notysje betsjut it earste hierskuorke yn de boarch fan syn tankberens. Yn syn ferslach hat er de prognoaze dy't doedestiids oansein wie, ferswijd. De ynternist hie ús op it hert bûn him gjin falske hoop te jaan.
Ik ha it mei him hân oer it kommende ôfskie, it oanfurdigjen, it ôfrûnjen. Ik fielde tegearre mei him myn eigen beheining. Wy fregen ús of wat tsien, tweintich jier eins útmeitsje. Wy seagen werom op syn libbensjierren. Hy lies út psalm 90:
De dagen onzer jaren, daarin zijn zeventigjaren, en indien wij sterk zijn, tachtig jaren; wat daarin onze trots was, is moeite en leed, want het gaat snel voorbij en wij vliegen daarheen.
Hy knikte. Hy wie klear om te gean.
En doe wie dêr samar dy sjirurch yn Grins. Gods hân.
♦
Yn Den Helder praten de minsken Hollânsk. De taal fan de bibel en de skoalle. Ik koe it lêze, ferstean, skriuwe sels. Mar myn praten bleau ferklankjen. Ik koe my tante Wil goed yntinke. Ik sei neat, ik formulearre. Doe't ik de ijskoman dy't de dyk del ried, hieltyd mar roppend: ‘I-tal-jáánzijs, I-tal-jáánzijs!’ oanhold mei de fraach: ‘Mag ik een ijsje van een dubbeltje alstublieft?’, hie ik dy wurden al tsien kear foar mysels herhelle en se betsjutten neat rnear. Ik ferwachte dat de man my ütlaitsje soe, of gewoan trochride. As ik wat sei, hie ik it gefoel dat ik op stelten rûn. Knoffelige stappen, in eintsje boppe de grûn. De wurden sieten ek net lekker om har betsjutting hinne, se stiene derneist of wiene der skeef op plakt. Ik ûnderfûn it Hollânsk as in frjemd pakhûs. ‘Logeren’ wie