mei útskuorde klean deromhinne. Mesjesterbroek, blomde rok, swarte bh, wite slip, skuon, sokken foddich fuortsmiten. En doe pas krongen de lûden wer ta my troch, it fûleindige kroanen op 'e maat fan it skokken, en derûnder in ha-ha-ha-hymjen, as soe it útrinne op in eksploazje, in alderôfgryslikste, alles ferneatigjende prúst.
De spieren yn 'e wite manljuskûten stiene stiif spand, de teannen klauden yn it sân tusken de heidestrûken. Tûfen hier pûlen út krús en oksels, op it lofter skouderblêd siet, as in rottich stee, in deaplak. En op dat stuit waard it switterige gesicht fan it frommeske sichtber, har wiidiepen hymjende mûle, it wyt yn har eagen, it wylde hier. De oplutsen skonken makken no klapwjukjende meneuvels, dêr't, hyltyd as de knibbels oan wjerskanten de tekken rekken, it liif by omheech kaam, dwers tsjin it stampende ritme fan 'e rêch yn. Har rjochterhân kniep roppich yn in bil fan de man, har bleate lofter earm lei langút oer in giel knûkelich blûske hinne. Yn 'e fingers, mei snobbersguodrôze lakte neils, siet in sinnebril fêstklamme. Flintermodel.
‘Ha ha ha, ja ja jaaa...’
Ynienen hjitte ik Jozef en ik stie op 'e boaiem fan in djippe put. It tichte beamte riisde rûnom op, heech dêrboppe wie de loft. It kaam my foar as koe ik allinne kliuwendewei ûntkomme.
Doe rûkte ik de bosk wer, seach de krunen bewegen, fielde in blêd fan de rodendrum yn 'e hals. Stie ik hjir tsien tellen? In minút?
‘Der wiene twa dy't it mei-elkoar diene!,’ dielde ik, noch djip ûnder de yndruk, Wite en Swarte mei. Dy griepen harsels yn it krús.
‘Echt wier? Wiene se oan it neuken? Wêrdat?’ Mar ik hie gjin aan mear fan 'e rjochting. Ik woe foar gjin goud werom.
De oanblik baarnde him yn myn ûnthâld en hie moannen letter