‘Ik kin gjin waarmte fêsthâlde.’
De ekstra tekken bleau te lang út. Ina stekt har hân ûnder it lekken. Se krikt derfan.
‘Dy fuotten binn' nóch iiskâld. Miskien is der gjin goeie trochgong foar it bloed. Dit kin sa net.’ Se massearret se waarm. Hy fynt it dúdlik noflik.
‘Ina moast hjir mar bliuwe. Mar ik ha lokkich suster Janny ek noch.’
Suster Janny hat tasein dat se op him passe sil. Se is no fuort, se hie iere tsjinst. Hy tinkt net fier foarút.
‘Afijn, mar ris sjen wat it wurdt.’
Hy kin ek noch gjin hichte krije fan de behanneling hjir.
‘Se wolle my der hoates en toates ôf ha. Om my hoecht dat net. Se moatte goed neigean wat elke pasjint nedich is en net elkenien oer ien kaam skeare.’
Ut en troch skowe syn eagen ticht.
‘Wurch ja. Ik bin soms wat yn 'e war. Dan wit ik net oft ik wekker bin of dream.’
Hy taast him oer it wang.
‘Ik ha myn âlde gebyt yn. Elske hat it juster út it koperen tsjetteltsje helle. It past net, mar it nije siet noch minder. Suster Janny sil in ôfspraak meitsje mei de toskedokter. As ik no moarn happe kin, is it oare wike klear. In gebyt dat net past is in ding fan neat.’
In ferpleechster komt om 'e hoeke.
‘Er is telefoon voor meneer Wisch, uit Den Helder. Als u wilt, kan hij in de rolstoel naar de receptie...’
Hy grommelt wat oer ‘al dat Hollânske gejeuzel hjirre’, mar hy fynt it goed. It wurdt in stroffeljend petear mei syn twalingsuster. Hy hâldt de hoarn neist it ear en reagearret betize.
‘Geke? Ja, prachtich fanke. Wer wat opknappe ja, se besykje der wat oan te dwaan hjir. Watte? Wat seist?... Blinder, nee ju... Jawis, de dagen lingje alwer... Watte?... Skuld?... O, geduld oefenje, ja. No, moai datst even bellest... Ja tanke, do ek