‘Moarn wurdt er ûndersocht en dan falt moandei it beslút wat fierder...’
‘Mar hy koe dochs seis wike bliuwe?’
No, dêr kin sy gjin meidielings oer dwaan. ‘De wachtlist... Yn alle gefal oant en mei it wykein.’ Wolle wy har no even mei him allinne litte?
De keamer hat alles wei fan in sealtsje: finyl yn pleats fan in matte, oan 'e griisstúkte wand ien ynliste reproduksje, de klapbrêge fan Van Gogh, banaal symboalysk. Utsjoch op in binnenplak mei dea beton en deawurge swerfstiennen, beklommen troch klimop en liguster. De gong rint der fjouwerkant omhinne. Fan 'e oare kant ôf is troch ús heit syn finster de spreibulte efter de bêdestangen sichtber.
In ielreager fan blau plestik stiet skeefwaaid op 'e râne fan in kante fiver.
It wetter sjocht derút as is it min yn beweging te krijen. Dat jildt fansels ek foar de siken, blinen, ferlammen en ferskronfelen yn 'e keamers deromhinne. Yn it roerleaze swart stiet by wize fan tapaste keunst in metershege roastfrijstielen tuorrebout. Mar de einen deryn binne echt.
Smeide letters op in heale hunebêdstien litte sjen dat H.M. Prinses Margriet sels de nije oanbou iepene hat.
It is oppassen foar de lûdleaze elektrysk oandreaune weinen. Soms klaksonearret ien op it alderlêste momint fûleindich. Op bankjes sitte moedeleaze minsken nei har útelkoar rûgeljend ferline te stoarjen. Altyd allinne, benammen tegearre. Fersleine, oanfretten koppen.
Elke ôfdieling hat in ‘húskeamer’. Dy foar ús heit hat in grutte tafel yn 'e midden mei blommerige kofjekoppen derop en fertoarre âlderein deromhinne, djip genôch yn tinzen om ûnberikber te bliuwen. Ik mis de lysolrook. Wat lege keunststofsitsjes foar it rút. De leefberens wurdt symbolisearre troch in fikus en in