‘Ferrek! De waskstrjitte! It wettermeunster. Ik ferjit...’ It oare giet ferlern.
Hy moat hast raze om derboppe út te kommen.
‘Mar wy hiene it oer pake. Hy hat frijwat meimakke net? De oarloch, dat swiere wurk, al dy ûngelokken, de dea fan beppe... Mar hy is hartstikke leauwich en dat hat him der trochskuord fansels.’
‘Dat is wier.’
Ik bin bliid dat ik de grutskensfraach omsile kin. Jacob bûcht nei my oer en ropt:
‘Ik leau net. Sorry hear, mar ik ha de hannen al fol oan wat wól bestiet. Ik ha wol frjemde gedachten, soms, lykas... sjochst dat pleatske dêr? Yn 'e sliepkeamer baarnt ljocht. Efter dat rút sit no in famke dat tinkt: dêr rydt in auto, mei in jonge deryn dy't tinkt: yn dy sliepkeamer baarnt ljocht. Efter dat rút sit no in famke dat tinkt: dêr rydt in auto, mei in jonge... Dat soarte fan dingen.’ Hy wriuwt him oer de noas.
It kletterjen hâldt op. De motor bromt, de tsjillen sûzje oer de wiete dyk.
‘Soe dêr de famylje Droste faaks wenje?’ freegje ik foar my út.
‘De famylje Droste? Hoe komst dêr no by?’
Kenst dat kakaoblik net, dêr't in ôfbylding fan in ferpleechster op stiet, dy't op in blêd datselde kakaoblik draacht, dêr't wer deselde ôfbylding op foarkomt, ensafuorthinne oant yn ivichheid. ‘It echoplaatsje’ neamde ik it.
‘Echoplaatsje... Nuver ja, dan is dit in echogedachte, of mear in draaikolk eins.’
De wyn kriemt wer yn 'e skreef fan it rút. Ik besykje it fêst te draaien en in nije roffel raast op it blik, de wiskers wrakselje op it foarrút.
Ik konsintrearje my op de markearing dy't hieltyd ûnder in heilfleach weiwurdt. Nei't wy ús in minút of fiif stilholden ha, seit Jacob wer wat dat ik net ferstean. Freegjend sjoch ik oerside. Hy skept azem en herhellet:
‘Ik ha it, dy gedachte: in slang dy't himsels yn de sturt byt.’